Aartsingel Michaeltsjerke (Smolensk)

De Tsjerke fan 'e Aartsingel Michael (Russysk: Церковь Михаила Архангела; ek: Svirskaja-tsjerke, Свирская церковь) is in otterdokske tsjerke út de 12e iuw yn Smolensk, Ruslân. De tsjerke is ien fan 'e trije tsjerken fan foar de Mongoalske ynvaazje fan de Rûs.

Aartsingel Michaeltsjerke

Михайловская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Smolensk
plak Smolensk
koördinaten 54° 47' N 32° 01' E
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 671610004750016
Kaart
Aartsingel Michaeltsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Aartsingel Michaeltsjerke

Skiednis bewurkje seksje

De tsjerke waard as hôftsjerke 54°47′26″ с. ш. 32°01′09″yn opdracht fan David Rostislavitsj boud, dy't Smolensk yn 'e jierren 1180-1197 regearre .

By it belis fan Smolensk troch de Poalsk-Litouske troepen fan kening Sigismund III yn 'e jierren 1609-1611 brûkten de troepen de tsjerke as in útfalsbasis en nei't de stêd foel waard de tsjerke in roomske tsjerke. Nei't de stêd yn 1654 wer by it Russyske Ryk foege waard, is de tsjerke wer geskikt makke foar de otterdokse rite.

Tusken 1775 en 1785 waard in muorre om 'e tsjerke boud mei in klokketoer as poarte.

Yn 1812 hie de tsjerke te lijen fan 'e ynvaazje fan Napoleon mei't de Frânske troepen de houten ynrjochting brûkte as stookmaterjaal. Tsaar Aleksander I droech by oan it reparearjen fan 'e tsjerke.

Nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst. Opmerklik genôch rekke de tsjerke yn 'e Twadde Wrâldkriich net skeind, mar in restauraasje waard wol nedich, dy't yn 1963 ûnder lieding fan de arsjitekt Baranovsky plak fûn. In twadde renovaasje fûn plak yn de jierren 1970, doe't de tsjerke yn 'e oarspronklike steat werom brocht waard en lettere tafoegings ferwidere waarden.

Yn 1990 waard de tsjerke werom jûn oan it doedestiidske bisdom Smolensk-Vjazma (tsjintwurdich bisdom Smolensk). Der folge noch mear restauraasjewurk en dêrnei koe de tsjerke wer iepene wurde foar de earetsjinst.[1]

Sjoch ek bewurkje seksje

De oare twa 12e-iuwske monuminten fan Smolensk binne:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: