Abdûlazyz ibn Mûtyb

Abdûlazyz ibn Mûtyb (folút: Abdûlazyz ibn Mûtyb ibn Abdûlla al-Rasjidi; Arabysk: الرشيد الله عبد بن متعب بن العزيز عبد; sekuerdere transliteraasje: ‘Abd al-‘Azīz ibn Mut‘ib ibn ‘Abd Allāh al-Rašīdi; Hayl, 1870Râdat Mûhanna, 12 april 1906) wie emir fan Djebel Sjammar, op it Arabysk Skiereilân, fan 1897 oant syn dea op it slachfjild yn 1906. Hy wie it haad fan it Hûs fan Rasjiid, en dêrmei de wichtichste tsjinstanner fan it Hûs fan Saûd, dat úteinlik de macht wûn yn 'e Nêzjd en de steat Saûdy-Araabje stifte.

‘Abd al-‘Azīz ibn Mut‘ib ibn ‘Abd Allāh al-Rašīdi
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Sjammareesk
bertedatum 1870
berteplak Hayl (Nêzjd)
stjerdatum 12 april 1906
stjerplak Râdat Mûhanna (Nêzjd)
dynasty Hûs fan Rasjiid
etnisiteit Nêzjdysk-Arabysk
emir fan Djebel Sjammar
regear 18971906
foargonger Mohammed ibn Abdûlla
opfolger Mûtyb ibn Abdûlazyz

Libben bewurkje seksje

Abdûlazyz ibn Mûtyb waard yn 1870 berne yn Hayl, de haadstêd fan it Emiraat Djebel Sjammar, yn it noarden fan 'e Nêzjd, op it Arabysk Skiereilân. Hy wie de soan fan Mûtyb ibn Abdûlla, de trêde emir, dy't yn 1869, foar syn berte, fermoarde waard. Abdûlazyz waard dêrnei oannommen troch syn omke Mohammed ibn Abdûlla, de fyfde emir, dy't him grutbrocht as syn erfgenamt. Nei't Mohammed yn 1897 in natuerlike dea stoarn wie, folge Abdûlazyz him op as emir fan Djebel Sjammar en as haad fan it Hûs fan Rasjiid.

Under Mohammed ibn Abdûlla hiene de Rasjidi's yn 1890 de stêd Ar-Riaad ynnommen en dêrmei in ein makke oan 'e Twadde Saûdyske Steat. It Hûs fan Saûd, wêrfan't de leden de tradisjonele fijannen fan 'e Rasjidi's wiene, moast doe yn ballingskip gean yn Koeweit. Yn jannewaris 1902 slagge it lykwols Abdûlazyz ibn Saûd, de erfgenamt fan it Hûs fan Saûd, om Ar-Riaad werom te feroverjen. Dat wie it begjin fan in lange oarloch tusken de emiraten fan Ar-Riaad en Djebel Sjammar dy't yn 1921 einigje soe mei de totale nederlaach fan Djebel Sjammar en de anneksaasje fan dat emiraat troch it Saûdyske Keninkryk fan de Nêzjd.

Doe't bekend waard dat it Hûs fan Saûd yn Ar-Riaad wer oan 'e macht wie, kamen de eardere oanhingers en bûnsgenoaten fan 'e famylje wer foar 't ljocht út hokker sideplakken oft se har dan ek mar yn beskûl holden hiene. Ibn Saûd wie in garismatysk lieder, dy't mei syn oanwaaksende leger yn 'e folgjende pear jier hast de helte fan 'e Nêzjd op 'e Rasjidi's wist te feroverjen. Nei't syn troepen nederlaach op nederlaach lit hiene, frege Abdûlazyz ibn Mûtyb by it Osmaanske Ryk om help. Op 15 juny 1904 litten de troepen fan Ibn Saûd in swiere nederlaach tsjin in alliëarde Osmaansk-Rasjidyske legermacht.

Tsjin 1905 wiene de Rasjidi's fuortsterke troch 5.000 man Turkske troepen, mar Ibn Saûd makke deselde flater net nochris en mijde in geregelde fjildslach. Ynstee begûn er in guerrilja-oarloch, wêrby't er kear op kear de befoarriedingslinen fan 'e Osmaanske troepen trof, sadat dy úteinlik twongen wiene en lûk har werom. Tsjin 1906 wûn Ibn Saûd allegeduerigen skermutselings mei de Rasjidi's, en dêrtroch krige er ek hieltyd mear oanhing ûnder de bedoeïnestammen fan 'e Nêzjd. Op 12 april fûn de Slach by Râdat Mûhanna plak, wêrby't Ibn Saûd in grutte oerwinning boekte. Abdûlazyz ibn Mûtyb kaam by dat treffen op it slachfjild om.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.