In abdij (fan it Latynske abbatia) is in soarte kleaster dat brûkt wurdt troch muontsen en nonnen fan in kleasteroarder dy't ûnder lieding steane fan in abt of abdis. Abdijen besteane út in kompleks fan gebouwen, lykas it kleaster, de abdijtsjerke, kapittelseal, biblioteek, dormitoarium, lavatoarium, refektoarium, grientetún en lân foar wurk en oare aktiviteiten op religieus mêd.

Abdij fan Monte Cassino, Itaalje
Tsjerke fan de Abdij fan Sankt Gallen, Switserlân
Abdij fan Jumièges, Normandje
Abdij fan Cluny

Skiednis bewurkje seksje

Yn de midsiuwen kamen in soad abdijen ta bloei en wiene dy strak organisearre yn sletten libbensmienskippen, dy't njonken it ommuorre gebouwekompleks, gauris ek it behear oer grutte lapen grûn hiene. Net allinnich op religieus, mar ek op kultureel mêd wiene abdijen fan grutte betsjutting.

It tinkbyld fan in abdij ûntwikkele him troch de iuwen hinne fan it iere kleasterlibben, dêr't muontsen en nonnen in sletten libbensmienskip foarmen, isolearre fan de wrâld om utens. In abdij kin hjoed-de-dei ek iepen foar besikers wêze. It plattegrûn fan in abdij folget in fêst plan fan de religieuze oarder dêr't er by heart.

Abdijen binne almeast selsfoarsjend, wylst se gauris ek de mooglikheden hawwe de earmen te fersoargjen, in taflecht foar flechtelingen wêze kinne, en ûnderrjocht foar jongeren biede kinne. Ek biede guon abdijen in ferbliuw oan foar minsken dy't ferlet hawwe fan in spirituele retrête. Hjoed-de-dei binne der noch in soad ferneamde abdijen yn Jeropa en it Middellânske Seegebiet.

Beskriuwing bewurkje seksje

In abdijmienskip wurdt foarme by muontse- en nonnekleasters fan de earste of twadde oarder, benammen by de oarders fan de benediktinen, sistersjinzers, kartuzers en norbertinen. De leden fan in abdijmienskip wurde muontsen neamd en libje neffens in kleasterregel. Om in abdij te stiftsjen binne der op syn minst tolve leden nedich.

Kleasters fan de Augustiner Koarhearen wurde ornaris in kapittel neamd. By de norbertinen wurdt der wol fan in kanony sprutsen, en de abt hiet dêr fanâlds in proast. In kleaster dy't ôfhinklik fan in abdij is, wurdt in priorij neamd. De biddeloarders hawwe gjin abdijen, mar konvinten dy't laat wurde troch in prior. By de geastlike ridderoarders wurdt fan in kommanderije sprutsen, dy't troch in kommandeur laat wurde.

Soarten abdijen bewurkje seksje

Ofhingjend fan de weardichheid en funksje wurde dy yndield nei soarte:

  • Eksempte abdij: laat troch in miterjende abt.
  • Keninklike abdij: ûnder beskerming fan in foarst.
  • Territoriale abdij: laat troch in miterjende abt-biskop.
  • Aartsabdij: laat troch in aartsabt, allinnich by in benediktynske kongregaasje.
  • Ryksabdij: abdij dy't ryksûnmidlikheid hat.

Arsjitektuer bewurkje seksje

Abdijen wurde boud neffens in strange arsjitektuer:

  • It konvint: de gebouwen wurde bewenne troch muontsen. Yn it midden is der almeast in binnenplak, mei oan ien kant de kleastergong dy't tagong jout ta de oare gebouwen. Tsjin de tsjerkebeuk is almeast de noardlike wjuk fan it kleaster boud. It refektoarium leit almeast oan de súdkant mei dêrboppe it dormitoarium. De kapittelseal leit tichteby it koer fan de tsjerke. Dêrwei wurdt de abdij bestjoerd, it deistich wurk regele en de abt keazen.
  • lânbou en/of ambachtsône: allegear aktiviteiten fine dêr plak lykas it soargjen foar siken en ferwûnen, it meitsjen fan tsiis, in smidderij, it meallen fan nôt yn wyn- en wettermûnen, en it brouwen fan bier. De pachter fan de abdijpleats en de alle ambachtslju hiene harren ûnderdak dêre. Eartiids wie dat gauris in folslein doarp.
  • ynfloedsône: it gebiet dêr't de abdij ynfloed op hat. De abdij is in geastlik sintrum en tsjinnet de karspels yn de omkriten.

Deiyndieling bewurkje seksje

De dei begjint by guon oarders om likernôch 4/5 oere moarns en einiget om likernôch 20/21 oere, ôfhinklik fan de seizoenen. Gebed, wurk, en geastlike lektuer wikselje inoar ôf. It oeregebed bestiet út it sjongen fan psalmen, it útsprekken fan gebedden, en it foarlêzen fan Bibelteksten. Dêrnjonken wurde der persoanlike gebedden dien.

Abdijen yn de Fryske lannen bewurkje seksje

De Sint-Adelbertabdij yn Egmond, yn hjoeddeistich Noard-Hollân wie de iennige abdij yn it doetiidsk Frysk gebiet. Fierder hiene de Abdij Werden, Abdij fan Fulda en Abdij fan Corvey yn Dútslân pleatsen en grutte lapen grûn dêr yn besit.

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Commons: Abbey – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Sources op en:Abbey