Abdij fan Saint-Wandrille

De Abdij fan Saint-Wandrille, earder de abdij fan Fontenelle (Frânsk: Abbaye de Saint-Wandrille de Fontenelle), is in benediktynske abdij fan de kongregaasje fan Solesmes. De abdij stiet yn de gemeente Rives-en-Seine (oant de weryndieling yn 2015 yn de gemeente Saint-Wandrille-Rançon) yn it Frânske departemint Seine-Maritime yn Normandje. De abdij waard oarspronklik yn 649 stifte en hat een lange skiednis, weryn't de abdij oant trije kear ta plondere en ferneatige waard.

Abdij fan Saint-Wandrille

Abbaye de Saint-Wandrille

Wapen
Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Seine-Maritime
plak Rives-en-Seine
adres 2 Rue Saint-Jacques
koördinaten 49° 31' N 0° 46' E
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
oarde Benediktinen
kongregaasje kongregaasje fan Solesmes
oprjochting 649
Ynformaasje bou
boustyl U.o. gotyk en klassisisme
monumintale status Histoarysk monumint
Webside
Side fan de abdij
Kaart
Abdij fan Saint-Wandrille (Frankryk)
Abdij fan Saint-Wandrille

Noch jimmeroan wenje benediktynske muontsen yn de abdij. De abdij is as histoarysk monumint klassifisearre.

Earste stifting bewurkje seksje

De abdij waard troch Wandregesilus (Frânsk: Wandrille, † 668) stifte. It lân fan it kleaster krige Wandregesilus tanksij de ynfloed fan syn freon Audoënus, biskop fan Rouen. Wandregesilus hearde by de adel fan Austraasje en hie in hege posysje oan it hôf fan Dagobert I. Om't er him wije woe oan in libben oan God loek er him yn 629 werom yn de abdij fan Montfaucon-d'Argonne. Letter gyng er nei de abdij fan Bobbio en dêrnei nei Romainmôtier, dêr't er tsien jier bleau. Yn 648 wied er werom yn Normandje en stifte dêr it kleaster fan Fontenelle ûnder de rigel fan Sint-Kolumbanus, dêr't er yn Bobbio mei yn de kunde kommen wie. De akte fan skinking fan it lân is datearre op 1 maart 649 .

Wandregesilus liet in karolingyske basilyk bouwe, dy't oan Sint-Piter wijd waard. It 91 meter lange gebou waard troch Audoënus yn it jier 657 konsekrearre. It kleaster makke in grutte groei troch en levere in soad hilligen en prelaten, mar nei 740 bestjoerden reguliere abten it kleaster en dêrmei sette in tebekgong útein.De tsjerke waard yn 756 troch brân ferneatige en op 'e nij boud ûnder abt Ansegisus (823–833), dy't in narteks en in toer tafoege. Ansegisus, de herfoarmer fan de abdij fan Luxeuil waard yn 823 abt fan Fontenelle en yntrodusearre ek dêr herfoarmings.

De abdij waard doe al gau it doelwyt foar de Wytsings en op 9 jannewaris 852 baarnde it kleaster ôf. De muontsen flechten en namen de reliken fan Sint-Wandregesilus mei nei Boulogne en dêrnei nei Chartres (885). Letter kamen hja werom yn Boulogne en deponearren de reliken fan Sint-Wandregesilus en Sint-Ansbert yn de Sint-Piterabdij fan Gent, dêr't hja yn 944 in skoft wiene. Hja namen ek de bibleteek mei, werfan't guon wurken oant ús tiid bewarre blean binne. De muonts Harduin fan Fontenelle liet in soad manuskripten nei.

Om 960 hinne stipe Richard I, hartoch fan Normandje, de weropbou fan de monastike mienskippen ûnder lieding fan Gérard de Brogne. Hy jout hânfêsten út foar de weromjefte fan de taëigene eigendommen en fan 960 oant 966 hie abt Maynard de lieding oer de abdij, foar't er fuortgyng om de ferneamde abdij op Mont Saint-Michel te stiftsjen, dêr't er de earste abt fan waard. In nije tsjerke waard ûnder abt Gérard boud, mar dy wy noch mar krekt foltôge doe't ut godshûs yn 1012 ferneatige waard troch bliksemynslach. De muontsen lieten har net út it fjild slaan, gyngen op 'e nij oan it wurk en yn 1033 waard in nije tsjerke ynwijd. Wer twa iuwen letter baarnde ek dy tsjerke 1250 ôf. Abt Pierre Mauviel begûn fuort oan nijbou, mar it wurk eine net troch brek oan jild en it duorre oant 1331 doe't it gebou foltôge wie.

 
Goatyske kleastergong út de 14e-15e iuw

Undertusken waard it kleaster fan grut belang en ferneamd fanwegen de kennis en grutte ynset fan de mienskip, dy't yn tiden fan wolfeart mear as 300 muontsen telde. It wie fral de bibleteek en de skoalle, dêr't letterkunde, keunst, wittenskip en fral de kaligrafy befoardere waard.

 
De abdij yn de 17e iuw

Yn de 16e iuw waarden yn Fontenelle kommendatêre abten beneamd, wertroch't de wolfeart fan de abdij yn it neigean rekke. Yn 1631 stoartte de 14e-iuwske klokketoer fan de tsjerke yn en mei alle oangrinzgjende dielen fan it gebou, mar sûnder de kleastergebouwen en de kleastergong te ferneatigjen. It wie yn de tiid dat de kongregaasje fan Sint-Maurus it monastike libben fan Frankryk wer in nije besieling joech. De kommendatêre abt Ferdinand de Neufville noege him út om de abdij oer te nimmen en te dwaan wat himsels net slagge. De mauristen namen it oanbod oan en yn 1636 setten hja útein mei de restauraasje fan de abdijtsjerke. Ek waarden nije fleugels, poarten en in gruttere kapittelseal en in nij dormitoarium boud. De abdij begûn wer te bloeien en dat duorre 150 jier.

Frânske Revolúsje bewurkje seksje

De abdij waard nei it dekreet fan 2 novimber 1789 fan de Assemblée nationale constituante nasjonaal besit. It dekreet fan 13 febrewaris 1790 ûnderdrukte de religieuze oarders, útsein dy't ferantwurdlik wiene foar it iepenbiere ûnderwiis en leafdiedichheidsynstellings. Ein 1790 moasten de muontsen de abdij ferlitte. Ien fan de muontsen, Louis-François Lebrun, stoar as martler op in skip yn de haven fan Rochefort om 't er in funksje yn 'e Konstitúsjonele Tsjerke wegere. Op 1 oktober 1995 ferklearre paus Jehannes Paulus II Lebrun sillich.

De abdij waard op 17 jannewaris 1792 ferkocht foar 100.000 franken oan Cyprien Lenoir (1737-1829). De tsjerke die tsjinst as stiengroeve en der waard begûn mei de ôfbraak.

Yn 1826, yn de tiid fan de Restauraasje, wie de abdij noch jimmeroan fan Cyprien Lenoir. Dat wie in tiid dat der mear omtinken foar de goatyske boukeunst kaam en de abdij besocht waard troch de archeolooch Eustache-Hyacinthe Langlois en Victor Hugo.

Twadde stifting bewurkje seksje

De fromme Ierske aristokraat George Marie Stanislas Koska de Stacpoole (1829-1896) kocht de abdij yn 'e twadde helte fan de 19e iuw oan om der sels simmerdeis te wenjen en in diel foar benediktynske muontsen te reservearjen. Fan 1863 oant 1867 waard der boud en renovearre. Yn 1893 waard de abdij op 'e nij yn 'e ferkeap dien. Yn dy tiid woe kardinaal Léon Thomas de abdij nij libben ynblaze. De abdij waard op 30 desimber 1893 ferkocht oan in organisaasje, dy't de gebouwen ferhierde oan de muontsen fan de abdij fan Ligugé. Op 13 febrewaris 1894 namen de benediktinen dêr harren yntrek; it kleaster krige de status fan abdij en de earste abt wie Joseph Pothier, dy't yn 1898 beneamd waard. De mienskip soe net lang bliuwe want de nije wet fan 1 july 1901 fan de Tredde Republyk sette in nije ferfolging yn fan kongregaasjes en de muontsen ferhûzen nei de priorij fan Conques yn Belgje. Yn dy tiid waard de eigner fan de abdij op 'e nij partikulier eigendom. De Belgyske skriuwer en nobelpriiswinner foar de literatuer Maurice Maeterlinck wie de eigner en hy brûkte de refter as tëater.

Tredde stifting bewurkje seksje

Op 26 jannewaris 1931 kamen de muontsen fan harren ballingskip werom en sûnt wurdt it monastike ritme sûnder fierdere ûnderbrekkings fierd. Op 17 juny 1940 plondere it Dútske leger it kleaster, mar de bibleteek, de kapel en de sakristy lieten hja mei rêst. Alliearde bombardeminten yn 'e nacht fan 9 op 10 augustus skeinde in diel fan de 17e-iuwske kleastergebouwen.

Yn 1969 waard in tsiendeskuorre út de 13-15e iuw út it doarp Canteloup yn it departemint Eure nei de abdij oerbrocht en dêr op it terrein werboud as tsjerke, dy't op 12 septimber 1970 konsekrearre waard.

Gebouwen bewurkje seksje

 
Resten fan de goatyske abdijtsjerke
  • De kleastergong is de iennige komplete goatyske kleastergong fan Boppe-Normandje. De kleastergong is boud op it plak dêr earder de kleastergong stie fan Sint-Wandregesilus en ferhege troch Sint-Ansegisus en de twadde roch Maynard I. It âldste diel fan de kleastergong (it súdlike diel dat oan it skip fan de tsjerke grinzget) datearret fan de 14e iuw..
  • De refter is it âldste gebou fan de abdij en mjit 33,5 meter lang by 9 meter breed. Ek tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt as refter.
  • De goatyske oan Sint-Piter wijde abdijtsjerke is as ruïne bewarre bleaun. Fan it goatyske koer mei omgong en 17 kapellen bleaune dielen fan de muorren en fûneminten bewarre. Neffens Normandyske tradysje hie de tsjerke in 75 meter hege lantearne boppe de krusing, mar dy stoartte yn troch de godstsjinstkrigen. In pear massive draachpylders binne bewarre bleaun. In diel fan it dwersskip bleau bewarre. De muorren fan it skip oan de kant fan it kleaster binne bewarre bleaun en op guon plakken binne de ynslagen fan bommen yn de Twadde Wrâldkriich noch jimmeroan te werkennen.
  • De hjoeddeiske abdijtsjerke is in 15e-iuwske tsiendeskuorre dy't oarspronklik yn Canteloup stie en dêr ôfbrutsen en hjir wer opboud waard. In tou skiedt it diel dêr't gewoane minsken komme meie (it skip) fan it diel dat foar de muontsen reservearre (it koer en de omgong) is. Lofts fan de koeromgong hinget in moderne skryn mei dêryn de plasse fan Sint-Wandregesilus, dy't foar de ynwijing fan de nije tsjerke út Belgje helle waard.
  • Neffens guon datearret de Kapel fan Saturninus (Chapelle Saint-Saturnin) út de tiid fan Sint-Wandregesilus. It gebou datearret lykwols út it ein fan de 10e of it begjin fan de 11e iuw, om't it in grûnplan fan in klaverblêd hat en de oerbliuwsels fan âlde kapitelen wize op in rekonstruksje op fûneminten út de karolingyske tiid.
  • Tusken de 1640 en 1685 bouden de mauristen de hege langerekte kleastergebouwen mei hege daken dy't troch harkenielen trochbrutsen binne. Oan de westlike fleugel waard acht jier letter it Paviljoen fan Genede oanboud, dêr't de bibleteek is ûnderbrocht.
  • Oan it ein fan it domein stiet in gebou dat lang as skuorre brûkt waard. Yn it 14e-iuwske goatyske diel is in kleasterwinkel ûnderbrocht. It rjochter diel is yn 1699 yn klassisistyke styl op 'e nij boud.

Kronyk bewurkje seksje

De karolingyske kronyk Gesta abbatum Fontanellensium beskriuwt de skiednis fan de abdij en waard yn de jierren 830-840 troch in muonts fan de abdij skreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes et références, op dizze side.