Abraham Martinus Sorg

Abraham Martinus Sorg (Sappemeer, 1 jannewaris 1738 - Kampen, 6 maart 1825) wie in Nederlânsk arsjitekt.[1]

Libben en wurk bewurkje seksje

Sorg (ek: Sorgh) wie fan likernôch 1770 ôf timmerman en arsjitekt yn Assen. De measte fan syn bern waarden lykwols doopt yn de Lutherske tsjerke yn Grins. Nei 1774 ferboude er ûnder mear it rintmastershûs oan de Brink yn Assen ta Drostehûs.[2] Troch dat wurk hie er kunde krigen oan ûntfanger-generaal Johannes fan Lier; foar him boude er yn 1777-1778 de filla Overcingel.[3] By de bou fan de Koepeltsjerke yn Smilde, in stikmannich jierren letter, krige er skeel mei de oannimmers. Hy waard derfan beskuldige dat er materialen dy't bedoeld wiene foar de tsjerke foar syn eigen hûs (it lettere Hofstedehûs), dat er yn Assen oan it bouwen wie, brûkte.[4]

Ein 18e iuw ferhuze Sorg fan Assen nei Kampen, dêr't stedsarsjitekt waard. Yn Kampen wie er ûnder mear belutsen by de bou fan in nije spits op de toer fan de Boppetsjerke (1808). Hy waard yn 1816 korrespondint-ynstitút fan de KNAW.

Wurk (karút) bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Levensberichten KNAW leden: A.M. Sorg
  2. Bos, Jaap (et al.) (1989) Huizen van stand: geschiedenis van de Drentse havezaten en andere herenhuizen en hun bewoners Meppel: útj. Boom, ISBN 90-6009-889-7
  3. Stenvert, Ronald [et.al.] (2001) Drenthe. Monumenten in Nederland, deel 7. Seist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9454 3
  4. Koepelkerk