Achilles (Latyn) of Achilleus (Aldgryksk: Ἀχιλλεύς is in figuer út de Grykske mytology. Hy is de belangrykste held út de Trojaanske Oarloch en haadpersoan fan Homêros syn boek, Ilias. Homêros beskriuwt him as de kreaste, de dapperste, sterkste en ferhevenste fan alle helden. Yn lettere leginden fan Statius wurdt beskreaun dat Achilles syn hakke allinne kwetsber wie. Dat soe ek syn dea wurde, doe't hy troch in giftige pylk yn syn hakke rekke waard. De term 'Achilles hakke' hat sadwaande de betsjutting krigen fan immen syn swakke punt.

De grime fan Achilles, skildere troch François-Léon Benouville (Musée Fabre).

Achilles wie de soan fan Peleus, kening fan de Myrmidonen yn it Grykske Tessaalje, en de Nereïde Thetis, de dochter fan Nereus, de pakesizzer fan Aiakos (Aeacus) dat in neisiet fan Seus.

Achilles wie stjerlik, mar troch syn mem ûnkwetsber makke, útsein syn hakke dêr't syn mem him fêsthâlde doe't sy him ûnderdompele yn de Styks (rivier yn Hades, de ûnderwrâld). De Styks makke elkenien dy't dêryn baaie ûnkwetsber. Hy rekke belutsen yn de Trojaanske oarloch troch in rúzje mei Agamemnon, foaroanman fan de Griken, oer in faam Briseis. Ut wrok frege hy syn mem om de goden te bewegen de Trojanen stipe te jaan, mar dat late úteinlik ta de dea fan syn bêste freon Patroklus. Dêrop deade hy de Trojaanske held Hektor mar syn hiel soe him needlottige wurde doe hy dêr troffen waard troch in pyl fan de held Paris en stoar.