Ad Noyons (Utert, 11 augustus 1916Saandam, 9 septimber 2000) wie in Nederlânsk akteur.

Ad Noyons
akteur
Ad Noyons (1959)
Ad Noyons (1959)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 11 augustus 1916
berteplak Utert
stoarn 9 septimber 2000
stjerplak Saandam
jierren aktyf 1941 - 2000
offisjele webside
n.f.t.

Wurkpaad bewurkje seksje

Noyons studearre yn 't earstoan rjochten, mar gie yn 1941 nei de tonielskoalle. Syn earste rol spile er by de Die Ghesellen van den Spele. Yn 1946 die er mei oan de harkspulkearn. Yn 1947 krige er in kontrakt by it Rotterdams Toneel.

Dêrnei hat er spile yn en meidien oan allerhanne radio- en tillefyzjeprogramma's. Yn 1973 kaam er yn it bestjoer fan de Noorder Compagnie.

Hy hie yn 1983 in lyts roltsje yn 'e horrorfilm De Lift. Yn 1984 spile er yn Opzoek naar Yolanda de rol fan J. Razendijk; tegearre mei syn oare helte G.H. Razendijk-Klepjes (Ellen de Thouars) foarme er in pear út Almere.

De lêste jierren fan syn karriêre wie er as toanielakteur fral warber yn Noard-Nederlân. Earst by Toanielgroep Noorder Compagnie en nei't dy opheft wie by it troch him en akteur Felix Troch stichte Toanielgroep Stee.

Keppeling om utens bewurkje seksje