Adolf fan Nassau (1540-1568)

Greve Adolf fan Nassau (Dillenburg, 11 july 1540Heiligerlee, 23 maaie 1568) wie de fjirde soan fan Willem de Rike en Juliana fan Stolbergen de op ien nei jongste broer fan Willem fan Oranje (Willem de Swijer).

Adolf fan Nassau

Adolf studearre yn Wittenberg. Hy fjochte yn 1566 tsjin de Turken dy't hieltiid fierder Europa ynkrongen. Yn 1568, doe't syn broer Willem de Swijer de wapens opnaam tsjin Filips II, stride er oan dy syn side yn Brabân. Dêrnei gie Adolf yn it leger fan syn oare broer Loadewyk mei nei 't noarden fan de Nederlannen, dêr't er by Heiligerlee sneuvele. De Spaanske troepen waarden by Heiligerlee oanfierd fan Jan fan Ligne. De Slach by Heiligerlee waard wol troch de troepen fan Willem fan Oranje wûn, mar Alva wist it effekt dêrfan teneat te dwaan troch 5 juny 1568 de greven Egmont en Horne yn Brussel te ûnthalzgjen.

Stambeam bewurkje seksje

Adolf van Nassau-Dietz (1540-1568)
Pakes en beppes

Johan V fan Nassau-Dietz (1455-1516)
x 1482
Elisabeth fan Hessen (1466-1523)

Botho fan Stolberg
x
Anna fan Eppstein-Königstein

Alden

Willem fan Nassau-Dietz (1487-1559) (1487-1559)
Willem de Rike
x
Juliana fan Stolberg (1506-1580)

Adolf fan Nassau-Dietz (1540-1568)

Bern

-

Sneuvele by Heiligerlee bewurkje seksje

 
Monumint foar Adolf fon Nassau yn Heiligerlee

Adolf stoar yn de Slach by Heiligerlee (1568), dy't troch syn broer Loadewyk wûn waard. Neidat de steatske troepen de Spanjerts ynsletten hienen sloech it hynder fan Adolf op 'e rin. Hy bedarre mids de Spaanske troepen en de Greve fan Aremberg stoarte him persoanlik op Adolf en deade him en twa ruters dy't him te help kamen. Koart skoft dêrnei waard de Greve fan Aremberg sels delsketten en stoar ek. It is net witten oft greve Adolf weromfûn is. Dêr gean ferskillende ferhalen oer:

  • Greve Adolf fan Nassau en Johan de Ligne, greve fan Aremberg soene tegearre opbierd wêze yn de kleastertsjerke fan Mons Sinaï. Letter soe Adolf oerbrocht wêze nei Midwolda en dêrnei nei de Grutte Tsjerke fan Emden.
  • Adolf fan Nassau soe opbierd wêze yn de kleastertsjerke en mei militêre eare byset wêze yn it kastiel yn Wedde. Dêrwei soe er oerbrocht wêze nei in stamslot yn East-Fryslân.

Wierskynlik is hy byset yn de Grutte Tsjerke fan Emden om't it kastiel yn Wedde, de Wedderborg, in middelpunt fan de striid yn de Tachtichjierrige Oarloch bleau. De Grutte Tsjerke yn Emden dêrfoaroer wie in taflechtsoarde foar Nederlânske protestanten wurden, boppedat is it harnas fan de greve noch altyd te sjen yn it riedhûs fan Emden. Dat it liket dêrop dat syn lichem wis wol nei Emden brocht is. Allinne is it net wis dat er dêr ek bedobbe is. De stedsargiven sizze neat oer in begraffenis fan de greve en de tsjerke is yn de Twadde Wrâldkriich swier skansearre, dat fan it ynterieur is hast neat oerbleaun. It lêste rêstplak fan Adolf is noch altyd ûnbekend.

Neitins bewurkje seksje

It fjirde kûplet fan it Wilhelmus neamt Adolf mei klam:

Lyf en goet al te samen
Heb ick u niet verschoont,
Mijn broeders hooch van Namen
Hebbent u oock vertoont:
Graef Adolff is ghebleven
In Vriesland in den slaech,
Syn Siel int ewich Leven
Verwacht den Jongsten dach