Adriaan Geerts Wildervanck

Adriaan Geerts Wildervanck (Grins, 1605 - 1661) wie in Nederlânsk ferfeanter en stifter fan de doarpen Wildervank en Feandam.

Buste fan A.G. Wildervanck (1997)
Detail fan in skilderij fan de ferfeanting makke (±1650) fan Jacobus Sibrandi Mancadan, de man mei hoed soe A. G. Wildervanck wêze[1]

Adriaan Geerts (Paep) waard yn Grins berne as soan fan smid Geert Adriaans en syn wiif Fennechien Geerts. Hy wie skriuwer, sollisiteur, pachter fan it Ried- en Wynhûs en keapman yn de stêd Grins. Hy boaske 1630 mei Grietien Jansen,[2] (dy't ek wol Margaretha Jans Hardenberg neamd wurdt). Nei 1641 ferhuze it pear nei Pekela. Yn 1647 pachte Adriaen Geerts Paep (hy naam letter de namme "Wildervanck" oan) in stik fean yn de omkriten fan Muntendam.[1] Ut de Grinzer Feankoloanjes dy't dêr ûntstienen, woeksen de doarpen Feandam en Wildervank.

Op 24 septimber 1659 lei syn soan Gerhard Wildervanck de earste stien fan de tsjerke fan Wildervank, dy't letter de namme Margaretha Hardenbergtsjerke krige. Wildervanck en syn wiif waarden dêr yn in eigen grêfkelder byset.

Earbetoan bewurkje seksje

It A.G. Wildervanckkanaal waard nei him neamd. By gelegenheid fan it 350-jierrich bestean fan Wildervank, yn 1997, waard in buste fan de stifter makke troch Bert Kiewiet. Yn 2008 waard Wildervanck as ien fan de boechbylden yn de kanon fan Grinslân opnaam.


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Schroor, Meindert (2008) Heroriëntatie op de Unie en op Holland yn: Geschiedenis van Groningen, deel II, s. 191, Waanders Uitgevers, Swol, ISBN 978 90 400 8540 6
  2. Alle Groningers: ondertrouw 25 mei 1630 Houliksynskriuwing