Adriana Chechik, echte namme: Dezarae Kristina Charles (Downington (Pennsylvania), 4 novimber 1991), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Adriana Chechick of Adrianna Chechik. Hja sette yn 2013 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in tige grut tal films. Chechik hat acht prestizjeuze AVN Awards en ferskate oare prizen wûn. Dêrûnder binne sawol de AVN Award as de XRCO Award yn 'e kategory artyste fan it jier.

Adriana Chechik
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Adriana Chechick, Adrianna
Chechik
echte namme Dezarae Kristina Charles
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 novimber 1991
berteplak Downington (Pennsylvania)
etnisiteit Ingelsk
Russysk
Servysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Adriana Chechik op Facebook

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Adriana Chechik waard yn 1991 berne yn Downington, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as Dezarae Kristina Charles. Hja groeide op yn in pleechgesin en is fan mingd Ingelsk, Russysk en Servysk etnysk komôf. Se makke it fuortset ûnderwiis net ôf, mar gie ynstee fan skoalle en begûn neitiid te wurkjen as stripper yn 'e stripklub Scarlett's Cabaret yn Hallandale Beach, yn Floarida. Chechik hat yn in fraachpetear ferteld dat se nettsjinsteande har beropskar as stripper noch mar mei ien man op bêd west hie foar't se in karriêre begûn yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

 
Adriana Chechik by in optreden op it AVN Expo yn 2015.

Karriêre bewurkje seksje

Yn 2013, doe't se 22 jier wie, makke Chechik har debút yn in pornografyske film. Har artystenamme late se ôf fan 'e namme fan David Chechik, in regisseur fan horrorfilms. Se wurdt fertsjintwurdige troch it ympressariaat L.A. Direct Models. Yn augustus 2014 wie se te gast yn it radioprogramma fan presintator Howard Stern. Op 5 septimber 2014 sette Chechik útein mei har eigen webside, AdrianaChechik.com, mar dy is anno 2019 alwer opheft.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Chechik mids 2019 yn mear as 675 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Evil Angel, Diabolic Video, Red Light District, Digital Sin, Hustler Video, New Sensations, Jules Jordan Video, Digital Playground, Elegant Angel en Adam & Eve. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media, Girlfriends Films en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com.

Under har karriêre hat Chechik yn deselde sêne spile mei kollega-aktrises as Asa Akira, Anikka Albrite, A.J. Applegate, Veronica Avluv, Casey Calvert, Mercedes Carrera, Vicki Chase, Skin Diamond, Alana Evans, Ana Foxxx, Keisha Grey, Dillion Harper, Marica Hase, Jasmine Jae, Peta Jensen, Francesca Le, Brandi Love, Shy Love, Kendra Lust, Mia Malkova, Jynx Maze, Mandy Muse, Penny Pax, Veronica Rodriguez, Nicolette Shea, Dakota Skye, Natalia Starr, India Summer en Jennifer White. Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Mick Blue, James Deen, Eric Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Jules Jordan, Sean Lawless, Keiran Lee, Logan Long, J. Mac, Mandingo, Sean Michaels, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Rocco Siffredi, Johnny Sins, John Stagliano, Lexington Steele, Criss Strokes, Bruce Venture, Mark Wood, Pierre Woodman en Prince Yahshua.

 
Adriana Chechik docht in striptease op it Exxxotica Expo, yn 2013.

Chechik stiet bekend om har talint foar anale seks. Se die har earste gangbang en dûbele anale sekssêne yn 'e film This Is My First… A Gangbang Movie, fan Digital Sin, dy't útkaam yn novimber 2013. Se die in trijedûbele anale sekssêne yn 'e film Gangbang Me, fan Mile High Media, dy't útbrocht waard yn 2014. Foar dat optreden waard oan Chechik en har tsjinspilers Mick Blue, James Deen en Erik Everhard yn 2015 in prestizjeuze AVN Award takend yn 'e kategory skandalichste sekssêne.

Dêrnjonken hat Chechik noch sân oar AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) wûn: ien kear foar de bêste orale sekssêne, ien kear foar de bêste anale sekssêne, ien kear foar de bêste virtual reality-sekssêne, noch in twadde kear foar de skandalichste sekssêne, twa kear foar de bêste sekssêne mei in transseksuële pornoaktrise en ien kear (yn 2017) foar artyste fan it jier. Datselde jiers wûn se ek de XRCO Award foar artyste fan it jier. Fierders hat se noch twa oare XRCO Awards wûn, trije NightMoves Awards en twa Xbiz Awards. Ek hat se noch 23 (oare) kearen nominearre west foar in AVN Award.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Adriana Chechik is blank, mei grize eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in natuerlike cupmaat 32A. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Bruce Venture) The Innocence of Youth 5
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne yn in parody (mei Gaia, Anthony Rosano en Talon) Grease XXX: A Parody
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre wiete dream (cream dream) n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste solo-optreden/striptease I Love Big Toys 69
nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Dana DeArmond) A Mother Daughter Thing
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Allie Haze en Manuel Ferrara) Allie
nominearre bêste groepsekssêne (mei Jordan Ash, Karlo Karrera, Ramon Nomar en Tommy Pistol) This Is My First… A Gang Bang Movie
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) Internal Damnation 8
wûn skandalichste sekssêne (mei Erik Everhard, James Deen en Mick Blue) Gangbang Me
NightMoves Award wûn bêste lichem (redakteurspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Belle Noir) Paint
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste sekssêne yn in non-feature release(mei Mick Blue, James Deen,
Erik Everhard, Criss Strokes en John Strong)
Gangbang Me
XRCO Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn orgastysk analiste n.f.t.
wûn superslet n.f.t.
2016 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Carter Cruise, Jelena Jensen en Tara Morgan) The Turning
nominearre bêste orale sekssêne (mei Karmen Karma) Adriana Chechik & Karmen Karma's Through the Jeans BJ
nominearre bêste anale sekssêne (mei Lexington Steele) Brunettes Go Black
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Megan Rain en Criss Strokes) Adriana's a Slut
nominearre bêste groepsekssêne (mei Sean Michaels, Rico Strong en Prince Yahshua) Adriana's a Slut
nominearre bêste groepsekssêne (mei Anikka Albrite, Carter Cruise, Skin Diamond,
Dahlia Sky en Mick Blue)
Mick Blue Is One Lucky Bastard
nominearre bêste groepsekssêne (mei Dani Daniels, Aidra Fox, Karlee Grey, Peta Jensen,
Mick Blue, James Deen en Erik Everhard)
Orgy Masters 7
nominearre bêste aktrise The Turning
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste transseksuële sekssêne (mei Vixxen Goddess) TS Playground 21
NightMoves Award wûn bêste artyste (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Karmen Karma) Karma's a Bitch
nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Carter Cruise, Abella Danger en Phoenix Marie) Buttslammers
nominearre bêste sekssêne yn in gonzofilm (mei Megan Rain en Criss Strokes) Adriana's a Slut
nominearre bêste aktrise (lesbyske pornofilm) The Turning
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2017 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Mick Blue) Gape Tryouts
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Veronica Rodriguez en Mick Blue) Veronica Rodriguez: Latine Squirt Goddess
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mick Blue, Toni Ribas en John Strong) Adriana Chechik: The Ultimate Slut
nominearre bêste groepsekssêne (mei Chris Cock, Markus Dupree, Jake Jace, Alex Jones,
Moe Johnson, Ricky Johnson, Isiah Maxwell en Darwin Slimpoke)
Adriana Chechik: The Ultimate Slut
nominearre bêste byrol fan in aktrise Color Blind
wûn bêste orale sekssêne ( mei Chrius Cock, Markus Dupree, Jake Jace, Alex Jones,
Moe Johnson, Ricky Johnson, Isiah Maxwell en Darwin Slimpoke)
Adriana Chechik: The Ultimate Slut
wûn skandalichste sekssêne (mei Holly Hendrix en Markus Dupree) Holly Hendrix's Anal Experience
wûn artyste fan it jier n.f.t.
NightMoves Award nominearre bêste artyste (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne (virtual reality) (mei Arya Fae en Megan Rain) Zombie Slayers
nominearre presintaasje fan it jier Adriana Chechik: The Ultimate Slut
nominearre bêste byrol fan in aktrise Color Blind
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
nominearre orgastysk analiste n.f.t.
wûn artyste fan it jier n.f.t.
2018 AVN Award nominearre bêste presintaasje fan in pornostjer Andriana Chechik Is the Squirt Queen
nominearre bêste anale sekssêne (mei James Deen) Andriana Chechik Is the Squirt Queen
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste virtual reality-sekssêne (mei Arya Fae, Megan Rain en Tommy Gunn) Zombie Slayers
wûn bêste transseksuële sekssêne (mei Aubrey Kate) Andriana Chechik Is the Squirt Queen
2019 Xbiz Award wûn bêste sekssêne yn in vignette release After Dark

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.