Agnes Catharina Kant (Hessisch Oldendorf, 20 jannewaris 1967) is in Nederlânsk politika. Kant siet foar de Sosjalistyske Partij fan 1998 oant 16 juny 2010 yn de Twadde Keamer. Fan 20 juny 2008 oant 4 maart 2010 wie se fraksjefoarsitter fan de SP yn de Twadde Keamer en partijlieder, as opfolger fan Jan Marijnissen.

Agnes Kant
Agnus Kant, 2007

Fan 1985 oant 1989 studearre Kant sûnenswittenskippen oan de Katolike Universiteit Nymwegen. Hja wie warber as wittenskiplik meiwurker epidemiology oan deselde universiteit en promovearre yn 1997 yn de medyske wittenskipppen op ûndersyk nei limoerhalskanker.

Politike karriêre bewurkje seksje

Kant wie foarsitter fan de SP-ôfdieling yn Doesburch fan 1990 oant 1994. Yn 1994 waard hja keazen yn de gemeenteried fan Doesburch. De Twadde Keamerferkiezingen fan 1998 brochten har yn it parlemint, neidat hja al fjouwer jier oan de gong west wie as fraksjemeiwurker. Op 19 maaie 1998 waard sy beëdige. Kant wie sekretaris en ficefoarsitter fan de SP-fraksje en har namme krige klank op it mêd fan sûnenssoarch. Yn 2003 stie hja tredde yn de "Top-100 fan de medyske macht".[1]

Fanwege de protte skriftlike en mûnlinge fragen oan bewâldfierders krige sy it stimpel 'Kampioen Keamerfragen'. Nei de Twadde Keamerferkiezingen 2006 waard se de twadde ûnderfoarsitter yn it parlemint en hie se de lieding yn in stikmannich debatten yn de Twadde Keamer. Fan 2007 ôf wie Kant ûnderfoarsitter fan de Twadde Keamerkommisje foar jeugd en hûshâlding.

Nei it ôftreden fan Jan Marijnissen as fraksjefoarsitter wie Kant de iennichste gadingmakker foar dy funksje. Op 20 juny 2008 waard troch de fraksje keazen. Doe waard Kant teffens de politike lieder en it politike antlit fan de SP.

Yn 2009 ferlear de SP sa'n tsien prosint fan har leden.[2] Neidat de SP op 3 maart 2010 by de gemeenteriedsferkiezingen ferlear, útere partijsekretaris, Hans van Heijningen, foar it earst krityk op har, dat Kant makke op 4 maart bekend dat hja gjin listlûker wêze soe by de Twadde Keamerferkiezingen op 9 juny 2010. Teffens joech hja it fraksjefoarsitterskip oer, om't hja fan betinken wie dat de minne ferkiezingsútslach oan har persoan, as boechbyld fan de SP, keppele wie. Emile Roemer folge har op 5 maart 2010 as fraksjefoarsitter op. Kant kaam net werom yn de Twadde Keamer nei de ferkiezings fan 2010.

Saaklike karriêre bewurkje seksje

Fan 1 jannewaris 2011 ôf is se oan 't wurk by it Nederlânsk Bywurkingen Sintrum Lareb,[3] dêr't se de lieding hat oer it beweitsjen fan de feiligens fan faksins en de Teratology Ynformaasje Service dy't op 1 jannewaris 2011 troch it RIVM oan Lareb oerdroegen is.[4] Yn 2013 waard hja direkteur fan Lareb.

Persoanlik bewurkje seksje

Kant is yn 1990 troud, hja hat twa dochters.

Publikaasjes bewurkje seksje

  • 1997 - General practice-based call system for cervical cancer screening, attendance rate, participation of women with higher risk and quality assurance, proefskrift, yn 'e mande mei B.Th.H.M. Palm.[5]
  • 2001 – Ongemakkelijke minnaars; pleidooi voor een scheiding van tafel en bed, tegearre mei Ineke Palm en Ronald van Raak, oer de ferhâlding tusken medysk-wittenskiplik ûndersyk en de farmaseutyske yndustry.[6]
  • 2003 - Meer zorg met minder bureaucratie: 10 voorstellen tegen het georganiseerde wantrouwen in de zorg, mei Ineke Palm, 2003, 90 sd., Wittenskiplik Buro SP - Rotterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Agnes Kant invloedrijkste vrouw in Nederlandse gezondheidszorg, webstee SP, 17 jannewaris 2003
  2. NU.nl 18-01-2010. Forse ledenwinst D66, zwaar verlies SP. Rieplachte op 04-03-2010.
  3. Agnes Kant treedt in dienst bij Lareb; Skipr Magazine, 12 oktober 2010
  4. Teratologie Informatie Service naar Lareb; Pharmaceutisch Weekblad, 29 desimber 2010
  5. Keninklike Bibleteek
  6. Ongemakkelijke minnaars, SP-site