Albdag wie in Fryske greve út de 9e iuw.

Aldbag groeide op yn Hieslum, yn de villa Huron (nei alle gedachten Beabuorren by Tsjerkwert) en wurdt tegearre neamd mei syn bruorren Wupolt, Folkwar en Otger yn de registers fan Kleaster Fulda. Neffens de Dútske skiedkundige Jaekel [1] hearde hy ta it laach fan de Gerulfingen.

Greve Albdag bestjoerde it goagreefskip Eastergoa yn Mid-Fryslân, (Fryslân tusken Fly en Lauwers), út namme fan de Frankyske kening yn it tiidrek dat Deenske Wytsingen it foar it sizzen hienen yn in grut part fan Nederlân dat yn dy tiid noch Fryslân hjitte.

Yn 873 late hy de Fryske ôfwar tsjin de Wytsingen en fersloech by Dokkum in grutte kloft Wytsingen dy't ûnder lieding fan Rudolf op rôftocht wienen yn Eastergoa. De Wytsinger Rudolf sneuvele derby.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. H. Jaekel, Die Grafen von Mittelfriesland aus dem Geschlechte Köning Radbods, Gotha (1895).