Albert Niemann (skiekundige)

Albert Friedrich Emil Niemann (Goslar, 20 maaie 1834 - dêre, 19 jannewaris 1861 ) wie in Dútsk apteker en skiekundige, dy't kokaïne ûntduts.

Tinkstien oan it bertehûs yn Goslar

Libben en wurk bewurkje seksje

Niemann waard as in soan fan in skoalhaad yn 1834 yn Goslar berne. Fanôf 1852 studearre er skiekunde by Friedrich Wöhler yn Göttingen en waard dêrnei ek syn assistint. Neidat de Eastenrykske aventurier Karl von Scherzer, fan syn Novara-ekspedyske yn 1859, Wöhlers in baal kokablêden (Erythroxylum coca) besoarge hie, slagge it Niemann yn 1860 as earste om dêrút kokaïne, yn kristalfoarm, te isolearjen en joech er dy stof syn namme. Hy publisearre oer de fynst yn syn dissertaasje Über eine neue organische Base in den Cocablättern (1860).

Niemann ûntduts ûnder oaren dat de stof by 98 °C raant en dat de stof by noch hegere temperatueren út elkoar falt yn sâlt- en benzoësoeren, mar ek metanol en ekgonine. Niemann koe syn ûndersyk net dien meitsje omdat er swier siik rekke en nei syn famylje yn Goslar werom moast. In skoftke letter kaam er te ferstjerren, fermûdlik troch oantaasting fan de longen troch mostertgas, dêr't er in protte mei wurke foar syn kokaïneûndersyk. Ta syn oantins waard der in plakette oanbrocht op syn berte- en stjerhûs yn Goslar.

Nei syn dea gie syn kollega Wilhelm Lossen (1838–1906) mei syn wurk fierder en fûn yn 1862 de formule fan kokaïne (C17H21NO4).