Albertus Magnus (ek Albertus de Grutte of Albert von Lauingen neamd) (Lauingen (Donau), Swaben, sa. 1200 - Keulen, 15 novimber 1280) wie in Dútske filosoof en teolooch dy't foaral ek in grut wittenskipper wie. Hy waard Doctor Universalis neamd as takenning foar syn grutte kennis op alle wittenskipsgebieten. Hy wie de earste ûnder de midsiuwske gelearden dy't ferklearre dat de filosofy fan Aristoteles ta it kristlike tinzengoed rekkene wurde moast.

Albertus Magnus, fresko fan Tommaso da Modena, Treviso, Itaalje (1352).

Libben bewurkje seksje

Albertus waard om 1200 hinne berne as âldste soan fan de greve fan Bollstädt yn Lauingen. Oer syn jeugd is net in soad bekend. Hy gong nei de universiteit fan Padua om frije keunsten te studearjen, mar ûnder yndruk troch de preken fan Jordanus fan Saksen waard hy yn 1223 muonts by de dominikanen yn Padua en folge in teology-stúdzje yn Bologna. Fan 1228 ôf joech hy sels teologyles yn de kleasters fan Regensburg, Freiburg, Straatsburch, Hildesheim en Keulen. De kommuniteit fan Keulen stjoerde Albertus yn 1243/1244 nei Parys, dêr't hy yn 'e kunde kaam mei it gedachtengoed fan Aristoteles en Averroes. Yn 1247 helle hy de mastergraad yn 'e teology en dosearre it dêrnei mei in protte súkses. Under syn harkers wie syn meibroer Tomas fan Akwino, dy't Albertus neifolgje soe nei Keulen, dêr't Albertus de lieding krige oer de nije Studium Generale fan de dominikanen.

 
Skilderij fan Joos (Justus) van Gent, Urbino, om-ende-by 1475

Yn Keulen dosearre Albertus foaral de filosofyske en natuerwittenskiplike wurken fan Aristoteles en joech dêrmei Keulen de reputaasje fan wittenskipsintrum. Tusken 1254 en 1257 wie Albertus provinsjaal fan de Dútske provinsje fan de dominikanen. In dizze tiid hâlde hy him ûnder oaren dwaande mei de ferdigening fan de dominikanen tsjin oanfallen troch de Paryske Fakulteit en de flaters yn it wurk fan de Arabyske filosoof Averroes. Albertus wie in túk bemiddeler yn skelen. Der binne wol tweintich bekend dêr't hy yn bemiddele hat. Trije hjirfan hienen te krijen mei de stêd Keulen en de aartsbiskop fan Keulen. Hy regele dy mei súkses. Yn 1256 rôp Paus Alexander IV Albertus 1256 nei Rome om dêr te helpen by in skeel.

Dizze paus beneamde Albertus yn 1260 ta biskop fan Regensburg. Lykwols wie Albertus net bliid my de funksje en doe't er in oare paus kaam, frege hy yn 1262 om ûntslach. Hy krige dy fan de nije paus en in opdracht om yn Dútslân en Bohemen minsken op te roppen foar in krústocht nei it Hillige lân (de Achtste Krústocht).

Tusken 1264 en 1267 libbe en dosearre Albertus yn Würzburg en Straatsburg. Yn 1270 gie hy foarfêst nei Keulen yn it kleaster fan de dominikanen, dêr't hy de lêste jierren fan syn libben wijde oan ûnderrjocht en stúdzje. Yn 1274 die hy mei oan it konsylje fan Lyon. Nei de dea fan syn âld-learling Tomas fan Akwino op 12 maart 1274 ferdigene hy dy syn wurk tsjin tsjinstanners. Albertus stoarn op 15 novimber 1280.

Ferearing bewurkje seksje

De oerbleaune resten fan Magnus lizze yn de krypte fan it Sant Andreaskleaster yn Keulen. Yn 1622 waard Albertus troch paus Gregoarius XV sillich ferklearre. De hillichferklearing fûn plak op 16 desimber 1931 troch paus Pius XI. Dizze paus beneamde him tagelyk as tsjerkelearaar en patroanhillige fan de wittenskip.

 
Albertus Magnus tinkteken oan de Universiteit Keulen

Albertus Magnus en Fryslân bewurkje seksje

De Keulske biskop hat ek Fryslân oan dyn en in skoft trochbrocht yn it kleaster fan Ljouwert. Fan syn 136 bewarre bleaune preken hat er ien dêrfan fan yn Ljouwert hâlden, dat troch him Liwart neamd waard.

Wurken bewurkje seksje

It is net maklik om in list fan Albertus syn wurken te jaan. Al sûnt de lette Midsiuwen binne der ferkate wurken ûnder syn namme ferskynd dy't lykwols net fan syn hân wienen. Al mei al hat er sa'n sântich wurken skreaun.

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Albertus Magnus fan Wikimedia Commons.