Aldesyl (It Hegelân)

Aldesyl (Grinslânsk: Oldenziel, Nederlânsk: Oldenzijl) is in doarpke yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente Iemsmûn) yn de provinsje Grinslân, mei 50 ynwenners (2010).[1] It hearde eartiids ta it Oosterambt fan Hunsingoa, fan 1811 - 1979 oant de gemeente Uithuizermeeden en dêrnei ta Hefshuizen, dat sûnt 1992 Eemsmond hjit. De eastliker lizzende buorskip leit binnen de komboerden fan it doarp, mar leit der winliken los fan.

Skiednis bewurkje seksje

 
Oldenzijl op in kaart út 1867 fan de eardere gemeente Uithuistermeeden.
 
Huzen oan de Hommeswei
 
Huzen oan de Aldesylsterwei. It twadde hûs stiet op it steed fan de eardere herberch

De earste boeren fêstigen har mooglik earne yn de 11e iuw op it plak fan het hjoeddeiske Aldesyl doe't der troch bewenners lytse poadia (hûsterpen) opsmiten waarden yn de Fivelboezem, dy't yn de 13e en 14e iuw omgrêfte en hieltiten fierder ferhege waarden. Om de Aldesylsterwei lizze teminsten 7 fan sokke hûswierden. Aldesyl foarmet ûnderdiel fan de delsettingenrige Rottum-Doodstil-Zandeweer-Aldesyl-Oosternieland, dy't yn in lint besuden fan it Meedstermaar lizze. Om 1200 hinne waard de Oldijk, ien fan de earste kadiken (simmerdiken) yn de Fivelboezem oanlein fanôf Uithuizen oer Aldesyl, om Garsthuizen hinne nei Westeremden, dêr't dizze poadia binnen it bedike gebiet kamen te lizzen en in dykdoarp ûntstie. Yn de earste helte fan de 13e iuw waard de fraaie stienen Nikolaastsjerke boud op de tsjerkewierde, dy't om 1900 diels ôfgroeven waard en no in hichte fan ûngefear 2,67 meter hat. Oannomd wurdt dat de tsjerke gjin foargongers hân hat omt by restauraasjewurken yn de jierren 1950 hjirfan gjin restanten fûn binne. Yn in argyfstik fan 1358 wurdt it doarp foar it earst neamd, as Oldazile en yn 1397 as Aldazile.[2] De namme ferwiist nei in âlde syl (spuislûs) yn de eardere dyk, dy't wetter út it Oosterambt loste op de Fivel. Dy syl soe by Paapstil lein hawwe kind. De syl soe fanwege it foarkommen fan de namme Oldazile al foar 1358 ferdwûn wêze. It wurd 'til' kin wize op de lizzing fan in syl hjir omdat tillen faak lein waarden op it plak fan eardere silen. Mar der bestiet gjin wissichheid oer. De syl waard mooglik ferfongen troch de mear eastlik lizzende Oosternijezijl, dy't grif yn de syldyk lei op de grins fan Hunsingoa en Fivelingoa, by Oosternieland. Yn de 15e iuw waard de Alde Dyk lein, de earste ringdyk, wêrmei't it grutste part fan it Hogeland binnen de dy kaam te lizzen en de ynfloed fan de see ferdwûn. Nei de Krystfloed fan 1717 waard de dyk ferfongen troch de fierder nei bûten lizzende Middendyk.

Yn de 16e iuw stie mooglik op in terrein ten noardeasten fan de tsjerke dêr't in soad kleasterstien fûn is in stienhûs mei de namme Nansum. Ein 16e, begjin 17e iuw wennen nammmentlik ferskate leden fan de famylje 'Itens to Nansum' yn Aldesyl, sa blykt út grêfskriften yn de tsjerke en yn 1562 ferstoar in hôveling mei de namme Rembt Itens yn Aldesyl.[3] Mooglik wie dizze famylje oan dy út Nansum by Holwierde. Oant begjin 17e iuw hat Aldesyl ek in nôtmole hân, dy't lykwols ferdwine moast troch in provinsjale resolúsje út 1628 oer de beheining fan it oantal mûnen. Yn de jierren 1840 wurdt der troch Van der Aa lykwols ek in nôtmole neamd, mar op de kaarten komt dy net foar. It hûs oan de Aldesylsterwei 1 stiet mooglik op in âlde moleberch.

Yn it doarp stie oant yn de 20e iuw de herberch mei trochreed "Het Oude Rechthuis", wêrfan de namme ferwiist nei de tijd dat yn it doarp rjocht sprutsen waard. Op dit steed stiet no in hûs mei dit opskrift. Fierders telde it doarp om 1900 ûnder oare in bakker en in smid.

Tabel demografy bewurkje seksje

  • 1795 = 160
  • 1849 = 251
  • 1859 = 240
  • 1869 = 229
  • 1879 = 232
  • 1889 = 94
  • 1920 = 154
  • 1930 = 149
  • 1947 = 99
  • 1995 = 110
  • 1999 = 50
  • 2010 = 50

Gebouwen bewurkje seksje

Tsjerke bewurkje seksje

 
De Nikolaastsjerke fan Aldesyl

Yn it doarp, op de wierde stiet de romaanske Nikolaastsjerke, in tsjerkje út it begjin fan de trettjinde iuw (neffens Peters sels út 1160), oarspronklik wijd oan Sint-Nikolaas. It is in ienbeukich tsjerkje mei in healrûne, ynspringende apsis. Benammen dy lêste jildt as ien fan de hichtepunten fan de romaanske boukeunst yn de provinsje Grinslân. By it tsjerkje hat oarspronklik in frijsteande toer stien, mar dy is yn 1829 ôfbrutsen. De trettjinde-iuwske klok út dy toet hinget sûnttiids yn de toer fan it Marijehillichdom yn Warfhuizen, yn dy tiid noch in Herfoarme tsjerke. De tsjerke waard restaurearre tusken 1950 en 1952 ûnder lieding fan arsjitekten Wittop Koning en Offringa. By dy restauraasje waard ek it tsjerkhôf der omhinne inkele tsientallen sintimeters ôfgroeven omdat dy troch alle begraffenissen troch de iuwen hinne in heale meter heger lizzen komd wie as de flier fan de tsjerke, dy't dêrtroch fan binnen te wiet waard. Dêrnei waard in fjild benoarden de tsjerke oanwiisd as begraafplak om it besteande tsjerkhôf yn âlde sfear te behâlden.

Oare gebouwen bewurkje seksje

Hoewol't it doarp tige lyts is, hat it dochs in iepenbiere basisskoalle, 'de Schutsluis'. De skoalle is sûnt 1991 oansletten by it Daltonûnderwiis en lûkt learlingen út goed 10 doarpen yn de omkriten. Yn 1985 krige de skoalle der in ôfdieling foar pjutten by. Yn 2002 waard de âlde skoalle ferfongen troch nijbou. Yn it skoalgebou húsmannet ek it doarpshûs 'Lutje Brussel', in namme dy't ferwiisd nei de spotnamme dy't it doarp om 1900 krige fanwege syn lytsens. De lokale feriening doarpsbelang waard yn 1954 oprjochte. It doarp komt in bibliobus.

Bewesten Aldsyl leit de pleats De Korenaar, dy't neffens in gevelstien yn de eftermuorre boud is yn 1818. It binhûs is - teffens neffens in gevelstien - yn 1837 set. De pleats leit op in hûswierde.

Berne bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Ynklusyf it hiele postkoadegebiet rom 100 ynwenners.
  2. Tusken 1545 en 1864 komt de namme fierders op kaarten foar as Oldenzyel, Oldenziel, Oldenzijel, Oldezijel, Oldenzyl, Oldenzijl, Oldensijl, Oldensyl, Oldenzyl, Oldenseil en Oldezijel.
  3. http://www.rna-project.org/tn.rna/rna.borgen/rna.borgen/i000420.html%7Ctitel=Oldenzijl (bron: De Ommelander borgen en steenhuizen)