Aleksander Lindsay fan Barnweill

Aleksander Lindsay fan Barnweill (Ingelsk: Alexander Lindsay of Barnweill; Breneville, ±1267 – yn Skotlân, 1308) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy wie in oanhinger fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.

Aleksander Lindsay fan Barnweill
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1267
berteplak Breneville (Skotlân)
stjerdatum 1308
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs Lindsay
etnisiteit Skotsk
laird fan Barnweill
amtsperioade ±12791308

Libben bewurkje seksje

Lindsay waard om 1267 hinne berne yn Breneville, yn it greefskip Ayrshire, yn súdwestlik Skotlân. Hy wie in soan fan David Lindsay fan de Byres, in ridder omtrint 1279 yn Egypte sneuvele ûnder de Njoggende Krústocht. Lindsay wie de laird fan Barnweill. Syn namme is yn oantinken bleaun om't er in oanhinger wie fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.

Doe't dyselde him op 7 july 1297 foar koarte tiid fermoedsoene mei kening Edwert I fan Ingelân by de saneamde Kapitulaasje fan Irvine, wie Lindsay ien fan 'e trije eallju dy't boarch foar him stiene (de oaren wiene Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân en Robert Wishart, biskop fan Glasgow). Fierders is der net folle oer Lindsay bekend. Hy moat yn 1308 stoarn wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: