Alexander Fleming

Sir Alexander Fleming (Darvel, 6 augustus 1881Londen, 11 maart 1955) wie in Britske dokter en mikrobiolooch op it mêd fan de medyske mikrobiology, dy't foar de ûntdekking fan penisilline in Nobelpriis krigen hat.

Alexander Fleming oan it wurk (1943)
It wûndermiddel.
Postsegel Faroe Islands mei Fleming

Libben en wurk bewurkje seksje

Fleming waard berne op Lochfield-farm yn Darvel yn East Ayrshire, Skotlân, as boeresoan. Fan 1901 oant 1906 studearre er genêskunde oan de St. Mary's Hospital Medical School yn Paddington. Nei ôfrin fan syn stúdzje bleaun er oan dat ynstitút ferbûn. Yn 1921 waard er plakferfangend haad, en yn 1946 direkteur. Yn 1948 waard de namme feroare ta Wright-Fleming Institute. Fan 1928 oant 1948 hie Fleming de learstoel foar bakteriology oan de universiteit fan Londen.

Yn septimber 1928 ûntdekte Fleming tafallich dat yn de buert fan beskate skimmels, dy't by ûngelok by ien fan syn baktearjekoloanjes rekke wie, gjin baktearjes waaksten. Fleming makke in ekstrakt fan dy skimmel en murk dat dy ferskate baktearjesoarten deadzje koe, wylst de proefdieren der gjin lêst fan liken te hawwen. Yn in wittenskiplike publikaasje út 1929 neamde er de stof penisilline, en hâlde it derfoar dat it as genêsmiddel te brûken wie. De ûntdekking fan penisilline wurdt as in foarbyld fan serendipiteit (in tref) sjoen.

It yndie tapassen fan penisilline hat noch lang duorre, omt it bliken die dat de stof slim te isolearjen wie. Dat slagge Ernst Boris Chain en Howard Walter Florey earst yn 1940. Doe makke penisilline hurd opgong. Yn 1945 dielden Fleming, Chain en Florey de Nobelpriis foar Genêskunde "foar de ûntdekking fan penisilline en har hieljende wurking by ferskate ynfeksjesykten".

Fleming waard yn 1944 riddere, dat hy waard doe "Sir". Dêrneist krige er earedoktoraten fan 12 Amearikaanske en Jeropeeske universiteiten, waard er kommandeur yn it Franske Légion d'honneur (legioen aan eare) en 'earerektor' fan de universiteit fan Edinboarch.

Persoanlik libben bewurkje seksje

Fleming boaske 1915 de Ierske ferpleechster Sarah Marion McElroy; yn 1924 krige it pear har iennichst bern, Robert, dy't krekt as syn heit ek dokter waard. Nei Sarah har ferstjerren yn 1949 naam Flemings sûnens ôf. Yn 1953 gie it wat better mei him doe't er oan Amalia Coutsouris-Vaoureka boaske, in bakteriolooch en earder studinte fan him. Sir Alexander Fleming stoar yn 1955 yn Londen oan in hertynfarkt, twa moannen nei syn pinsjoenearring.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alexander Fleming fan Wikimedia Commons.