Ali Baba en de Fjirtich Rôvers

Ali Baba en de Fjirtich Rôvers, yn it oarspronklike Arabysk: علي بابا والأربعون لصا‎, is in ferneamd mearke, dat yn 'e Westerske wrâld bekend wurden is út 'e samling Tûzen-en-ien Nacht, hoewol't it dêr oarspronklik eins net ta hearde. It wie in folksferhaal út 'e Arabyske folkloare, dat yn it Westen yntrodusearre waard trochdat de Frânske oriïntalist Antoine Galland it opnaam yn syn ferhalebondel Les Mille et Une Nuits, dy't tusken 1704 en 1717 yn ferskate dielen útjûn waard. Galland hie it ferhaal heard fan 'e maronityske ferhalefertelster Hanna Dijab, út it Syryske Aleppo. Yn it ferhaal ûntdekt de earme houtsjer Ali Baba (Arabysk: علي بابا‎; ‘Alī Bābā) in geheime grot dy't brûkt wurdt troch in binde fan fjirtich strûkrôvers om alle skatten op te slaan dy't se stellen hawwe. Ali Baba nimt in lyts diel fan 'e skat mei, mar de rôvers komme dat te witten en besykje him te fermoardzjen. Inkeld troch de help fan 'e trouwe slavinne Morgiana oerlibbet Ali Baba harren snoade plannen. Ali Baba en de Fjirtich Rôvers is withoefaak adaptearre ta oare media, wêrby't lykwols de gewelddiediger passaazjes fan it oarspronklike ferhaal gauris weilitten wurde.

Ali Baba en de Fjirtich Rôvers
Ali Baba lit Morgiana de skatten sjen dy't er meinommen hat út 'e geheime grot.
Ali Baba lit Morgiana de skatten sjen dy't er meinommen hat út 'e geheime grot.
algemiene gegevens
oarspr. titel علي بابا والأربعون لصا‎
auteur ûnbekend
taal Arabysk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1704-1717, Parys
bondel Tûzen-en-ien Nacht

Eftergrûn bewurkje seksje

Ali Baba en de Fjirtich Rôvers makke, oars as faak tocht, oarspronklik net diel út fan Tûzen-en-ien Nacht, in samling fan Arabysktalige koarte ferhalen en mearkes ferteld troch Sjeherazade. Antoine Galland, in Frânske oriïntalist dy't de earste oersetter fan Tûzen-en-ien Nacht wie, hearde it ferhaal yn Parys yn mûnlinge foarm fan Hanna Dijab, in maronityske ferhalefertelster út it Syryske Aleppo. Hy naam it neitiid op syn samling Les Mille et Une Nuits, dy't tusken 1704 en 1717 yn in stikmannich dielen publisearre waard.

 
De fjirtich rôvers.

It ferhaal fan Galland is noch altyd de ierst oerlevere ferzje fan Ali Baba en de Fjirtich Rôvers. In lettere oriïntalist, Richard F. Burton, dy't yn 1885 de Ingelsktalige oersetting The Book of the Thousand Nights and a Night publisearre, hold Ali Baba en de Fjirtich Rôvers apart fan 'e oarspronklike tekst (dêr't it net ta heart) en naam it ynstee op yn 'e taheakken. Hy ornearre dat it ferhaal fan oarsprong net Arabysk wie, mar Gryksk-Syprioatysk. De Amerikaanske oriïntalist Duncan Black MacDonald ûntdiek oan it begjin fan 'e tweintichste iuw in Arabysktalich manuskript fan Ali Baba en de Fjirtich Rôvers yn 'e Britske Bodleian Library, mar dêrfan waard letter fêststeld dat it in ferfalsking wie.

Ynhâld bewurkje seksje

Ali Baba en syn âldere broer Kassim binne de soannen fan in keapman. Nei it ferstjerren fan harren heit trout de deune Kassim mei in rike frou, sadat er him ûntjaan kin ta in begoedige keapman, dêrby ek fuortbouwend op 'e saak fan syn heit. Ali Baba trout mei in earme frou en begjint, om't er troch Kassim bûten harren heite beërf holden wurdt, in libben as houtsjer.

 
Kassim is de magyske wurden fergetten en sit fêst yn 'e grot.

Op in dei, as Ali Baba yn it wâld nei in gaadlike beam siket dy't er omhakje kin, trappearret er in binde fan fjirtich strûkrôvers dy't in besyk bringe oan it plak dêr't se alle stellen jild, juwiellen, sieraden en oare skatten opslein hawwe. Dat plak is in grot, wêrfan't de yngong tichtset is troch in ûnbidich grutte stien. As men lykwols de magyske wurden "Sesam, iepenje jo" útsprekt, rôlet de stien fansiden om tagong ta de grot te jaan. Op 'e wurden "Sesam, slút jo" rôlet de stien wer op it plak. Nei't de rôvers har ôfjûn hawwe, giet Ali Baba temûk de grot yn, dêr't er in geweldich grutte skat oan kostberheden oantreft. Hy nimt dêrfan ien inkele sekfol jild mei nei hûs, mei't er ornearret dat de rôvers dochs net merke sille dat der wat mist.

Nei't er thúskommen is, liene Ali Baba en de frou de skealjes fan syn skoansuster om harren nije rykdommen ôf te weagjen. De skoansuster is lykwols sa nijsgjirrich hokfoar soarte nôt oft de earme Ali Baba mei de skealjes ôfweagje wol, dat se in klodde healwaarme waaks yn 'e skealjes docht sadat dêr wat oan klibjen bliuwe sil. As se de skealjes weromkriget, blykt der ta har ferrassing in gouden munt oan 'e waaks fêst te sitten. Se giet dêrmei nei har man Kassim ta, dy't dermei nei syn broer Ali Baba giet. Under druk fan Kassim moat Ali Baba fertelle hoe't er oan it jild komt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dêrop set de deune Kassim sels mei in ezel nei de grot ta, mei as doel om safolle jild en oare kostberheden mei te nimmen as er mar hâlde kin. Hy brûkt de magyske wurden om 'e grot yn te gean, mar as er alle rykdommen sjocht, rekket er sa opwûn dat er de wurden ferjit dy't him wer út 'e grot litte moatte. Sadwaande is er dêr noch as de dieven komme om nij stellen guod oan 'e skat ta te foegjen. Se fermoardzje him troch him yn stikken te houwen, en spikerje de fjouwer dielen fan syn lyk oan 'e wanden fan 'e grot fuort binnen de iepening, mei as doel om oare ynkringers te ûntmoedigjen.

 
Morgiana betellet de skroar Baba Mûstafa.

As syn broer net wer thúskomt, giet Ali Baba nei de grot ta om te sjen wat der oan 'e hân is, en fynt de dielen fan Kassim syn lyk. Hy fandelet it stoflik omskot gear en bringt it thús, wêrnei't er Morgiana, in fernimstige jonge slavinne út Kassim syn húshâlding, opdraacht om derfoar te soargjen dat alle oaren leauwe sille dat Kassim in natuerlike dea stoarn is. Dat, Morgiana giet earst nei in apteek om medisinen te keapjen, wêrby't se de apteker fertelt dat har master slim siik is. Dêrnei siket se de âlde skroar Baba Mûstafa op, dy't se foar syn tsjinsten yn 't foar betellet en dan blyndoeke nei it hûs fan Kassim bringt. Dêr naait de âldman yn ien nacht de stikken fan Kassim syn lyk wer oaninoar. Neitiid kin Ali Baba syn broer in normale begraffenis jaan sûnder dat ien der aan fan hat dat Kassim fermoarde is.

As de rôvers sjogge dat it lyk fuorthelle is, beseffe se dat der noch immen wêze moat dy't harren geheim wit. Se beslute om dy persoan op te spoaren. Ien fan 'e rôvers giet nei stêd en as er hjir en dêr fragen stelt, komt er úteinlik by Baba Mûstafa telâne. Dy fertelt him dat er koartby de útinoar houde dielen fan in lyk wer oaninoar naaid hat. De rôver beseft dat it it lyk út 'e grot wêze moat en biedt de âld skroar jild oan as er him it paad wize kin nei it hûs dêr't er it lyk naaid hat. Dat Baba Mûstafa lit him fannijs blyndoekje en liedt de rôver sa nei it betreffende hûs ta. Dêr bringt de rôver in merkteken oan op 'e doar, sadat er dy nachts mei syn maten weromkomme kin om alle bewenners te fermoardzjen.

 
Ien fan 'e rôvers bringt in merkteken oan op 'e doar fan it hûs fan Ali Baba.

De opmerksume Morgiana hat lykwols sjoen wat de rôver dien hat, en om't se wol trochhat dat de man net folle goeds yn 't sin hat, foarsjocht se de doarren fan alle huzen yn 'e buert fan itselde merkteken. As de fjirtich rôvers nei dûnker weromkeare, kinne se it hûs fan 'e famylje fan Ali Baba net identifisearje om't alle huzen in merkteken hawwe. De rôverhaadman ûntstekt dêrop yn razernij en deadet de rôver dy't er nei stêd stjoerd hie. De oare deis giet in twadde rôver nei stêd, siket Baba Mûstafa op en fannijs liedt de âld skroar de rôver blyndoeke nei it hûs fan Ali Baba. Diskear hout de rôver in stik út 'e stiennene stoepe fan it hûs, mar Morgiana hat him troch en giet op 'e nij de hiele buert troch om oeral stikjes út 'e stoepen te houwen. Dy nachts kinne de rôvers it hûs wer net fine en de wurdt ek de twadde rôver troch de rôverhaadman deade.

De deis dêrop giet de rôverhaadman sels nei stêd, siket Baba Mûstafa wer op en betellet de âld skroar foar de trêde kear om him nei it hûs fan Ali Baba te lieden. As er dêr ienris is, nimt er it hûs en de omlizzende buert goed yn him op, sadat er it wer fine kin sûnder dat er op merktekens of soksoarte dingen hoecht te fertrouwen. Dy jûns nei tsjuster komt de rôverhaadman by Ali Baba oan 'e doar. Hy beart in oaljekeapman te wêzen dy't ferlet hat fan in plak om te sliepen, en hy hat mûldieren by him dy't beladen binne mei 38 fetten. Der is lykwols mar ien fet dêr't wier oalje yn sit; yn 'e oare 37 sitte de oerbleaune rôvers. As Ali Baba en syn húshâlding ienris sliepe, sille de rôvers foar it ljocht komme en alle bewenners fan it hûs deameitsje.

 
Morgiana jit siedende oalje yn 'e fetten (hjir sekken) mei de rôvers.

Nei de tradysjes fan Arabyske gastfrijens biedt Ali Baba de oaljekeapman in sliepplak oan. Morgiana is op 'e nij de iennichste dy't der net yn trapet. Se ûntdekt wat de wiere ynhâld fan 'e fetten is, en dwerseidet dan it plan fan 'e rôverhaadman, troch de 37 fetten fol te jitten mei siedende oalje. As de rôverhaadman te neare nacht komt om syn mannen út 'e fetten te heljen, blike dy allegear dea te wêzen, libben sean yn oalje. Dêrop naait de rôverhaadman út. De oare moarns fertelt Morgiana oan Ali Baba wat der bard is. Tegearre begrave se de fetten mei de deade rôvers, en út tank dat se syn libben rêden hat, jout Ali Baba it fanke har frijheid.

De rôverhaadman, dy't op wraak sint, fêstiget himsels as keapman yn 'e stêd. Hy spilet moai waar mei Ali Baba syn soan, dy't it bedriuw fan syn omke Kassim urven hat, en nei ferrin fan tiid nûget de soan de rôverhaadman út yn it hûs fan Ali Baba. Net ien dy't der euvelmoed yn hat, útsein Morgiana, dy't de rôverhaadman weromken. As se oan it miel sitte, fiert it fanke in swurddûns mei in dagge út foar har master en syn gasten. As de rôverhaadman syn wachens eefkes slûpe lit, raamt Morgiana him de dagge yn it boarst, wêrmei't se him deastekt. Ali Baba is earst ûntsteld en tige lulk op Morgiana, mar as er foar it ferstân kriget wa't de gast fan syn soan wie, is er op 'e nij tige tankber, en beleannet er Morgiana troch har mei syn soan trouwe te litten. Neitiid is Ali Baba de iennichste dy't it geheim fan 'e grot noch wit, en kin er de ûnbidige skat bytsje by bytsje troch de jierren hinne ophelje en yn omrin bringen.

 
In oankundigingsposter foar de toanielfoarstelling 40 Thieves (in adaptaasje fan it mearke) yn it Royal Lyceum Theatre yn Edinburgh yn 1886.

Adaptaasjes bewurkje seksje

As ien fan 'e bekendste Arabyske mearkes is Ali Baba en de Fjirtich Rôvers troch de jierren hinne withoefolle kearen adaptearre fan in koart ferhaal ta oare media. Sa is der teminsten ien roman skreaun op basis fan it ferhaal (Open Sesame fan Tom Holt) en ferskate stripferhalen. Fierders binne der in grut tal toanieladaptaasjes, wêrûnder musicals en burlesques. Ek binne der teminsten 14 films en 9 tekenfilms (lang en koart) makke op basis fan it ferhaal, mei dêropta teminsten 2 fideospultsjes. Ek ferskate tillefyzjesearjes of ôfleverings fan tillefyzjesearjes binne basearre op Ali Baba en de Fjirtich Rôvers. It Sineeske ynternetbedriuw de Alibaba Group hat syn namme oannommen om't dy universeel oansprekke soe.

Yn 'e moderne adaptaasjes fan Ali Baba en de Fjirtich Rôvers wurde de gewelddiediger passaazjes fan it oarspronklike ferhaal gauris weilitten, benammen as de adaptaasjes bedoeld binne foar bern. Ek wurde faak noch oare feroarings yn 'e plot fan it ferhaal trochfierd. In goed foarbyld dêrfan is de Amerikaansk-Britske minysearje Arabian Nights, út 2000, wêryn't twa grutte oanpassings yn it ferhaal oanbrocht binne. Yn it foarste plak makket Morgiana de rôvers net dea troch se te oerjitten mei siedende oalje; ynstee dêrfan ropt se Ali Baba derby as se de rôvers yn 'e oaljefetten ûntdekt, wêrnei't se tegearre de fetten ien foar ien fan in heuvel yn 'e stêd rôlje, sadat se oan stikken brekke en de dûzelige en disoriïntearre rôvers troch de stedswacht sûnder swierrichheden oppakt wurde kinne. Letter, as Morgiana de rôverhaadman ferslacht, beslút Ali Baba, dy't yn dizze fariant fan it ferhaal jong is en gjin bern hat, om sels mei de heldhaftige eks-slavinne te trouwen.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.