Alina Li, echte namme: Chichi Zhou (Sjanghai, 8 septimber 1993), is rêstend in Sineesk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Sineesk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 50 kg en in natuerlike kupmaat 34B.

Alina Li
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Chichi Zhou
nasjonaliteit Sineesk
Amerikaansk
berne 8 septimber 1993
berteplak Sjanghai (Sina)
etnisiteit Sineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20132016
offisjele webside
www.officialalinali.tumblr.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Alina Li waard yn 1993 berne yn Sjanghai, yn Sina, mar groeide grutdiels op yn 'e Feriene Steaten. Mei't har âlden skieden doe't hja trije jier wie, waard se fierhinne grutbrocht troch in ferskaat oan famyljeleden, wêrûnder har pake en beppe en ferskillende omkes en muoikes. Mei tweintich jier, twa moanne nei't se slagge wie foar har middelbere-skoaleksamen, makke Li yn 2013 har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat hja sûnt yn krapoan 90 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Wicked Pictures, Digital Playground en Jules Jordan Video. Ek hat se wurke foar de Frânske studio Vidéo Marc Dorcel. Dêrnjonken hat Li ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings en Brazzers.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: