De alk (Alca torda) is in fûgel út de famylje fan de Alkfûgels.

alk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje alkfûgels (Alcidae)
skaai alken (Alca)
soarte
Alca torda
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast

Foarkommen bewurkje seksje

In folwoeksen alk is sa'n 38 oant 43 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 60-69 sm. De rêch en kop binne swart, de búk is lykas de ûnderkant fan de wjukken wyt. Winterdeis wurd ek it gesicht fan de alk wyt. De Alk hat in opfallende grutte brede swarte snaffel mei in wite streek.

Fersprieding bewurkje seksje

Alken komme foar yn it noarden fan de Atlantyske Oseaan. Se briede oan de kusten op eilannen en steile rotskusten, oan de westkant fan it noarden nei it suden oant de steat Maine en oan de eastkant fan it noardwesten fan Rúslân oant it noarden fan Frankryk. Winterdeis sykje de fûgels de oseaan op en geane ek wol wat nei it suden, de eastlike fûgels sykje dan ek wol de Middellânske See op.

 
Aai fan 'e grutte alk.

Iten bewurkje seksje

De Alken fange harren iten ûnder wetter troch te dûken. Se ite meastentiids fisken, sa as bygelyks hjerrings. Ek ite se wol kreefteftigen en seewjirms.

Fuortplanting bewurkje seksje

De alken briede faak yn grutte koloanjes tegearre mei oare soarten út de Alkenfamylje sa as Skoeten. De beide âlden briede om beurten op it iene aai. Nei sa'n 30-35 dagen komt it aai út, it jong kin wol sa'n trije dagen dwaande wêze om de aaiskyl kapot te krijen. It jong wurd earst noch yn de koloanje fuorre troch de âlden, nei in lytse trije wike is it jong sa grut dat der nei see giet.