Allard van der Scheer

Allard van der Scheer (folút: Allard Jan van der Scheer; De Haach, 21 augustus 1928Muiderberch, 10 jannewaris 2014), wie in Nederlânsk akteur. Hy spile fral yn kluchten en komeedzjesearjes op 'e tillefyzje.

Allard van der Scheer
akteur
Allard van der Scheer mei Ronnie Bierman as Bob en Kitty Overwater yn 'e searje Hotel de Botel (1976).
Allard van der Scheer mei Ronnie Bierman as Bob en Kitty Overwater yn 'e searje Hotel de Botel (1976).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Allard Jan van der Scheer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 augustus 1928
berteplak De Haach (Súd-Hollân)
stoarn 10 jannewaris 2014
stjerplak Muiderberch (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 19572010
offisjele webside
gjint

Libben bewurkje seksje

Van der Scheer waard yn 1928 berne yn De Haach. Nei't er syn middelbere-skoaloplieding oan it lyseum ôfrûne hie, studearre er oan 'e Amsterdamske toanielskoalle, dêr't er yn 1949 syn diploma helle. Neitiid spile er benammentlik op toaniel, û.m. by de Haachske Komeedzje, de Nederlânske Komeedzje en Toneelgroep Centrum.

Yn 1953 makke Van der Scheer syn debút op 'e tillefyzje, yn it programma Via Lissabon, fan 'e VARA. Fan dy tiid ôf spile er yn in grut tal tillefyzjerigen, wêrûnder Kunt U Mij de Weg naar Hamelen Vertellen, Mijnheer?, Pleisterkade 17, Hotel de Botel, Zeg 'ns Aaa, De Kip en het Ei, We Zijn Weer Thuis, Medisch Centrum West, In de Vlaamsche Pot, Oppassen!!!, Het Zonnetje in Huis, De Afdeling en M'n Dochter en Ik.

Teffens hie Van der Scheer rollen yn in fiiftal films: Wat Zien Ik!?, Peter en de Vliegende Autobus, De Inbreker, De mannetsjesmaker en Martijn en de Magiër. Yn 2010 wied er noch te sjen yn 'e searje Bloedverwanten, dêr't it senario fan skreaun wie troch syn skoansoan Haye van der Heyden. Syn lêste tillefyzjerol wie dy fan dhr. Groenteman yn Charlie. Begjin jannewaris 2014 ferstoar Van der Scheer yn 'e âlderdom fan 85 jier.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.