De Alley Awards wiene in groep Amerikaanske prizen dy't tusken 1962 en 1970 jierliks útrikt waarden foar stripferhalen of ferhalen oer striphelden skreaun troch fans. De tawizing en útrikking fan 'e prizen waard offisjeel organisearre ûnder it tafersjoch fan 'e Academy of Comic Book Arts and Sciences (ACBAS), mar de Alley Awards wiene nau ferbûn mei it stripfan-tydskrift Alter Ego. De útrikkingsseremoanje fûn plak as ûnderdiel fan 'e Comic Art Convention.

Alley Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar stripferhaal
útrikt troch ACBAS
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1962
opheft 1970
offisjele webside
n.f.t.

De namme fan 'e Alley Awards soe earst Alter Ego Awards west hawwe, mar men keas der úteinlik foar om 'e prehistoaryske stripheld Alley Oop te ferneamen, om't "in grotbewenner gronologysk sjoen grif de earste superheld west hawwe moat." Nei't de Alley's yn 1970 opheft wiene, waarden op 'e Comic Art Convention fan 1971 oant 1974 de Goethe Awards útrikt. De winners fan 'e Alley Awards steane fernijd op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.