De Alpenmarmot (Latynske namme: Marmota marmota) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn beskate berchgebieten yn sintraal, súdlik en eastlik Jeropa. It binne treflike gravers, dy't net in protte muoite hawwe mei ûndergrûnen dêr't in minske sels mei in houwiel min trochhinne komme kinne soe. Alpenmarmotten bringe oant wol njoggen moanne jiers yn wintersliep troch.

Alpenmarmot
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota marmota
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding bewurkje seksje

Oarspronklik kamen Alpenmarmotten inkeld yn 'e Hege Tatra fan Slowakije en yn 'e Alpen foar, wêrby't se yn dat lêste berchtme in fersprieding hiene dy't dielen fan Switserlân, Frankryk, Dútslân, Itaalje, Lychtenstein en Eastenryk omfieme. Yn Dútslân libje se allinnich mar yn 'e westlike Allgäu en yn it Berchtesgadener Land. Yn Switserlân binne se yn hast it hiele lân frij algemien, mei in konsintraasje yn it súdeastlike kanton Graubünden. Yn Itaalje wiene Alpenmarmotten foarhinne beheind ta de Doalemiten, en yn Frankryk ta de (wiere) Alpen.

Yn 'e tweintichste iuw binne se lykwols op ferskate plakken yn Jeropa yn berchgebiet útset, sa't bygelyks yn 1948 yn 'e Pyreneeën barde, dêr't se al sûnt de ein fan it Pleistoseen útstoarn wiene. Fierders binne se yn Frankryk ek útset yn 'e Sjuera, it Sintraal Massyf en de Fogezen; yn Itaalje yn 'e noardlike Apeninen; yn Dútslân yn it Swarte Wâld, de Freiburchske Foaralpen en de Swabyske Alpen; yn Eastenryk yn 'e Hege en Lege Tauer en de Karnyske Alpen (oant yn it oangrinzgjende Sloveenje); en yn Roemeenje yn 'e Karpaten.

Uterlike skaaimerken bewurkje seksje

De Alpenmarmot hat trochinoar in kop-romplingte fan 47-52 sm, mei in sturtlingte fan 15-20 sm en in gewicht fan 3½-5½ kg (mei útsjitters oant wol 8 kg). Hy is grut foar in iikhoarntsje, mar dêrby gnobsk fan stal. De pels is langhierrich en gielbrún fan kleur oer it grutste part fan it liif. De boppekant fan 'e stompe kop is lykwols grizich swart, wylst de sturt swart is. Ek de rêch is faak wat dûnkerder fan kleur as de rest fan it lichem. Jonge eksimplaren binne grizer as folwoeksenen. De earen geane hast hielendal yn 'e pels beskûl. De poaten binne koart en stevich, en tarist mei lange klauwen dy't brûkt wurde om mei te graven.

 
In Alpenmarmot op in berchskeante.

Biotoop bewurkje seksje

Alpenmarmotten binne berchbewenners, dy't op hichten fan tusken de 700 en 3.200 m foarkomme, mar konsintrearre binne tusken de 1.400 en 2.700 m. Se libje op berchgreiden of mei gers begroeide berchskeanten, faak boppe de beamgrins, mar ek wol derûnder. Ek komme se wol foar op rotsige berchdielen dy't mar krap begroeid binne. Soms sette se har nei wenjen oan 'e râne fan spjirrebosken.

Hâlden en dragen bewurkje seksje

 
In Alpenmarmot sjocht ris bûtendoar.

De Alpenmarmot is in sosjaal bist, dat yn famyljes yn ûndergrûnske boargen libbet. Oars as dat by besibbe soarten it gefal is, meitsje sokke famyljegroepen yn 'e regel diel út fan in gruttere koloanje, al binne der ek solitêr libjende eksimplaren. In famyljegroep bestiet yn 'e regel út 5-12 (oant soms 17) bisten: in honkfêst pearke mei harren jongen út ferskillende jierren. It territoarium wurdt troch it âlderpear nea frijwillich ferlitten, mar krekt fûleindich ferdigene tsjin omswalkjende soartgenoaten dy't it besykje te feroverjen. Dêrby komme gefjochten oant de dea geregeldwei foar.

In marmotteboarch is opmakke út gongen mei in trochsneed fan 15-30 sm en in lingte fan oant wol 10 m, en teminsten ien grutte nêstromte dy't beklaaid is mei drûge gers, dat nei de ein fan 'e wintersliep by need as reservefretten tsjinje kin. De boargen binne yn 'e regel sitewearre ûnder rotsblokken, omfallene beammen of beamwoartels. Lykwols kinne marmotteboargen faak maklik fûn wurde troch de grutte stoartbergen fan útgroeven ierde foar de yngong, dy't in trochsneed fan wol 3 m en in hichte fan wol 70 sm berikke kinne. In famylje Alpenmarmotten bewennet in gebiet fan 2½-5 ha. Dêrbinnen hawwe se faak mear as ien boarch, en oan 'e râne fan sa'n territoarium binne ek noch lytsere flechthoalen te finen.

 
Alpenmarmotten yn 'e Pyreneeën.

Alpenmarmotten binne útslutend oerdeis aktyf, wêrby't se de measte tiid spandearje oan foerazjearjen, graafwurk en sinnebaaien. In grut diel fan it jier, oant wol 9 moannen, wurdt trochbrocht yn wintersliep, wêrby't de marmotten enerzjy besparje troch tsjininoar oan te krûpen en sa har lichemswaarmte mei-inoar te dielen. Dy wintersliep begjint yn septimber, nei't de bisten de simmer brûkt hawwe om troch oerdiedich fretten in fetfoarrie op te bouwen. Foarôf wurde dan alle yngongen fan 'e boarch tichtstoppe. De wintersliep wurdt yn it winterskoft ferskate kearen ûnderbrutsen, mar einiget pas yn april, wêrnei't de peartiid begjint. Binnen de famyljegroep plantsje inkeld it dominante mantsje en wyfke har fuort. De draachtiid duorret by Alpenmarmotten 33-34 dagen. Der wurdt mar ien nêst jiers smiten fan 1-6 (mar meastal 3) jongen. Dy ferlitte ornaris pas yn it twadde of trêde jier, as se geslachtsryp wurde, it territoarium fan har âlden. Yn finzenskip kinne Alpenmarmotten wol 15-18 jier wurde. Har natuerlike fijannen binne de keningsearn, de Jeropeeske oehoe, de foks en mooglik ek de hauk en ferskate martereftigen.

 
Utsean marmottefet.

Fretten bewurkje seksje

De Alpenmarmot fret benammen jonge leaten, woartels en blommen fan gerzen en krûden. Tsjin 'e ein fan 'e simmer follet er dat oan mei ûnripe fruchten. Soms fret er ek wol lyts wrimelt, lykas ynsekten, spinnen en wjirms.

Status bewurkje seksje

De Alpenmarmot hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje oer it gehiel nommen stabyl liket te wêzen, hoewol't de dielpopulaasjes yn 'e Frânske Sjuera en yn Dútslân it neat te rom hawwe. Foarhinne waarden Alpenmarmotten rûnom bejage, fanwegen it leauwe dat harren fet in genêsmiddel wie foar rimmetyk. Dêrby waard it fet útsean en as salve op 'e hûd wreaun. Dêrnjonken waarden marmotten ek wol bejage as "sport". Om't Alpenmarmotten har relatyf stadich fuortplantsje, waard de soarte dêrmei yn gefaar brocht. Tsjintwurdich hawwe se lykwols fan 'e minske net in protte mear te freezjen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.