Alvestêde Roeimaraton

De Alvestêde Roeimaraton (Nederlânsk en offisjeel: Elfsteden Roeimarathon), better bekend as de Roei-alvestêdetocht, is in roei-estafette oer in ôfstân fan 210,4 km by de Fryske alve stêden lâns. Dit evenemint, dat organisearre wurdt troch de Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille, bestiet sûnt 1989,[1] en wurdt elts jier holden op 'e freed en sneon nei Himelfeartsdei. It is in wedstryd dy't begjint op 'e freedtejûn en einiget op 'e sneontemiddei. Der dogge likernôch hûndert Nederlânske en bûtenlânske roeiploegen mei, dy't mei-inoar goed binne foar om-ende-by de 1100 dielnimmers.

Alvestêde Roeimaraton
Elfsteden Roeimarathon
plak en tiid
lân Nederlânsk
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum freed & sneon nei
   Himelfeartsdei
bysûnderheden
oare namme Roei-alvestêdetocht
soarte evenemint sportevenemint (roeien)
bestean 1989 – no
org. troch LRV Wetterwille
offisjele webside
elfstedenroeimarathon.nl

Omstannichheden bewurkje seksje

Om it felbegearde Alvestêdekrúske te fertsjinjen, moatte de roeiploegen it hiele trajekt binnen 24 oeren ôflizze. De estafettewedstryd wurdt ferroeid troch ploegen dy't besteane út 9 oant 12 dielnimmers, yn boaten fan it C2x+-type, in relatyf swiere, mar stabiele sportroeiboat foar in stjoerman en twa roeiers mei elts twa roeirimen. Foarôfgeande oan de wedstryd wurde dy boaten ekstra tarist mei û.m. weachbrekkers, bykommend driuwfermogen, stoarmlantearnen en sawol oan 'e foar- as de efterstjûne in taft, sadat se goed oer de eventueel drege waarsomstannichheden kinne.

De Alvestêde Roeimaraton is yn roeifermiddens útwoeksen ta in oansprekkend evenemint mei in tige breed dielnimmersfjild, dat útinoar rint fan studinten oant feteranen. De tocht easket, njonken in goede roeitechnyk en frijwat ûnderfining, ek in protte úthâldings- en trochsettingsfermogen. Dat komt net inkeld troch de grutte ôfstân, mar ek troch it gewicht fan 'e boat en it feit dat der de hiele nacht trochroeid wurde moat. Boppedat telt it trajekt in tal dregere stikken, dêr't marren oerstutsen, smelle en/of ûndjippe fearten trochkrúst of lege brêgen passearre wurde moatte.

De wedstryd bewurkje seksje

De Alvestêde Roeimaraton begjint op freedtejûns om 20.00 oere yn 'e Prinsetún yn Ljouwert, by kafee-restaurant De Koperen Tún. Efterinoar geane dêre fan start: de wedstrydroeiers, de feteranen, de mingde tiims en de frouljustiims. Dêrnei folgje in pear ploegen út 'e bûtenkategoryen, dy't mar seis of sels mar trije roeiers hawwe. As lêsten sette de toerroeiers ôf. De dielnimmende ploegen lizze it trajekt ôf yn estafettefoarm. Dat wol sizze dat der njonken de stjoerman en de beide roeiers yn eltse boat ornaris noch seis oant njoggen oare ploechgenoaten binne, dy't yn in folchauto meiride om 'e roeiers nei in stikmannich kilometers ôf te lossen. Foar it beheljen fan in sa skerp mooglike eintiid is it saak om goed te oefenjen op it wikseljen fan 'e roeiers, dat bart op yn 't foar fêstleine wikselpunten.

Trajekt bewurkje seksje

It trajekt dat ôflein wurdt, fiert de roeiers fan Ljouwert oer Bartlehiem nei Dokkum ta. Dêrnei wurdt yn it tsjuster weromroeid nei Ljouwert oer in oare rûte fia Aldtsjerk; dat om nachtlike botsingen mei tsjinlizzers foar te kommen. Ut Ljouwert wei wurdt it trajekt fuortset nei Snits, om dêrwei oer Drylts en Wâldsein nei Sleat te roeien, dat troch de earste ploegen by sinne-opgong passearre wurdt. Dan giet de tocht oer Balk, Starum, Hylpen en Warkum nei Boalsert, om dan oer Harns en Frjentsjer fia Berltsum werom te kearen nei Ljouwert. Dêr arrivearret de winnende ploech sneontemiddeis om 14.00 oere hinne oan 'e finish by it klubhûs fan 'e Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille oan 'e Froskepôle. De lêste ploegen komme dêr oan it begjin fan 'e jûn oan, om 20.00 oere hinne.

Rekôrs bewurkje seksje

De rekôrtiid foar it ôflizzen fan 'e Alvestêde Roeimaraton stie sûnt 2009 op 16 oeren, 19 minuten en 34 sekonden, roeid troch de ploech fan A.G.S.R. Gyas. Yn 2010 waard it trajekt lykwols oanpast, mei't der tusken Frjentsjer en Ritsumasyl net mear oer it Van Harinxmakanaal fearn wurdt, mar fia Berltsum. It rekôr fan 'e nije rûte stiet sûnt 2012 op 16 oeren, 59 minuten en 25 sekonden, in tiid dy't roeid waard troch in kombinaasjeploech fan ARC, KGR De Hunze, DDS en De Laak.

Trivia bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasje fan 'e webside fan 'e Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille.