Amanda Steel, echte namme ûnbekend (9 oktober 1978), is in rêstend Hongaarsk pornografysk aktrise. Hja makke ûnder har karriêre ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Amanda Steele, Amanda Still, Amanda Grier, Anouska, Erica Lindauer, Erika Lindauer, Erika Noir, Erica Rossi, Erika Shuster en Erika Thunder. Steel sette yn 1996 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske en de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 1999 beëinige se har wurkpaad as pornoaktrise.

Amanda Steel
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Amanda Steele, Amanda Still,
Amanda Grier, Anouska,
Erica Lindauer, Erika Lindauer,
Erika Noir, Erica Rossi,
Erika Shuster, Erika Thunder
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 9 oktober 1978
berteplak ûnbekend (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19961999

Libben en karriêre bewurkje seksje

Steel waard yn 1978 berne yn Hongarije. Yn 1996, doe't se achttjin jier wie, waard se ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, doe't dy yn East-Jeropa audysjes hold op 'e siik nei nij talint foar syn films. Datselde jiers noch makke Steel har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se yn totaal yn goed fjirtich pornofilms, wêrby't se benammen aktyf wie foar it Sweedske Private-label, dêr't Woodman doedestiden ek foar wurke. Sa wie se te sjen yn 'e film Sweet Baby 2, twa dielen fan Private Castings X en fjouwer dielen fan Private Triple X.

Dêrnjonken wurke Steel yn Jeropa ek foar studio's lykas it Dútske Magmafilm, it Frânske Vidéo Marc Dorcel en de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group. Oare kant de Atlantyske Oseaan wie Steel yn 'e Amerikaanske pornoyndustry ek te sjen yn produksjes fan û.m. Evil Angel en Elegant Angel.

Under har karriêre wurke Steel gear mei kollega-pornoaktrises as Nikki Anderson, Erika Bella, Anita Blond, Rita Cardinale en Nicolette Fauludi, en mei manlike tsjinspilers as Christoph Clark, Mark Davis, Alain Deloin, Jean-Yves Lecastel, Rocco Siffredi, Philippe Soine, Leslie Taylor en Andrew Youngman. Nei trije jier beëinige Steel yn 1999 har wurkpaad as pornoaktrise, hoewol't der neitiid noch oant 2001 nije films fan har útbrocht waarden.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Steel is blank, mei blauwe eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre yn 'e pornoyndustry) in gewicht fan 60 kg, en in natuerlike kupmaat 38C. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en allikemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: