It Amelânsk (Amelânsk: Amelands) is in Hollânsk-Frysk mingdialekt dat sprutsen wurdt op it by de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân it Amelân. It dialekt ûntstie yn 'e perioade fan 'e sechstjinde oant de achttjinde iuw út in ferminging fan Hollânske dialektfoarmen mei it Frysk dat oarspronklik op it eilân sprutsen waard, en is fral nau besibbe oan it Midslânsk fan it buoreilân Skylge. Hoewol't it Amelânsk troch it tanimmende massatoerisme op it Amelân yn beskate mjitte ûnder druk stiet fan it Standertnederlânsk, is it oan 'e oare kant it iennichste dialekt fan 'e Waadeilannen dat him oant no ta goed wit te hanthavenjen en sels noch troch it meastepart fan 'e eilânjongerein sprutsen wurdt.

Amelânsk
algemien
eigen namme Amelands
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 2.900 (skatting, 2002)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Amelânsk
dialekten Eastamelânsk, Westamelânsk
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

Skiednis bewurkje seksje

Op it Amelân waard, krekt as op 'e buoreilannen Skiermûntseach en Skylge, fan oarsprong Frysk sprutsen, mar dat is no net mear it gefal. Wêrom't no krekt op it Amelân, dat in frij eilân wie, de taal ferhollânske is en op 'e westlike en eastlike úteinen fan Skylge net, wylst dat fan 'e Midsiuwen oant 1942 by Hollân hearde en teminsten likefolle kontakten mei it Hollânske fêstelân hie as it Amelân, is net alhiel dúdlik. It is lykwols skoan mooglik dat it te krijen hat mei de wat aparte skiednis fan it Amelân.

 
De lokaasje fan it Amelânske dialekt yn 'e provinsje Fryslân.

It eilân waard yn 'e achtste iuw foar it earst neamd, as insula qua dicitur Ambla ("it eilân dat it Amelân neamd wurdt"). De ierst bekende bewenners wiene Friezen, sa't ûntsjinstriidber fêstlein is yn in Aldfrysk dokumint út 1494, wêryn't de eilanners harsels frijstelden fan it Frysk lânrjocht. Under de Frysk-Hollânske Oarloggen fan 'e fjirtjinde en fyftjinde iuw wie it Amelân fan 1398 oant 1430 yn Hollânske hannen, wêrnei't de haadling Ritske Jelmera, dy't troch de Hollanners as steedhâlder oansteld wie, alle macht nei himsels taloek en it wist op te rêden dat men dêr yn Hollân mei ynstimde. Jelmera wie de stamheit fan it slachte Van Cammingha, dat noch oant 1681 op it eilân foar master opslaan soe.

Under it regear fan Ritske Jelmera en syn opfolgers ûntjoech it Amelân him ta in selsstannich minysteatsje, sa't der yn dy tiid yn Jeropa withoefolle wiene, dat al liket soks no miskien apart, doe wie it neat gjin nijs. De ûnôfhinklikens fan it eilân waard erkend troch Jeropeeske grutmachten as Ingelân en Spanje, en sa slagge it de Amelanners om troch it fieren fan in neutraliteitspolityk bûten ferskate grutte oarloggen te bliuwen, dêr't it buoreilân Skylge ferskillende kearen swier troch troffen waard. Hoewol't men de saneamde frijhear fan it Amelân hearrigens ferskuldige wie, genoat de eilânbefolking fierders in grutte mjitte fan frijheid, dy't mear noch as op it Fryske fêstelân in maatskiplike ôfkear fan rang en status oprôp.

Deselde sitewaasje waard hanthavene doe't de Van Cammingha's yn 1681 yn 'e manlike line útstoaren en it eilân oergie yn 'e hannen fan it aadlike slachte Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Yn 1704 kocht steedhâlder Jehan Willem Friso it Amelân oan foar in bedrach fan 170.000 gûne, wêrnei't it oant de Frânske Tiid priveebesit bleau fan wat letter it Nederlânske Keninklik Hûs wurde soe. As oerbliuwsel út dy tiid draacht de kening noch altyd de (no liddige) titel fan "frijhear fan it Amelân". Neffens jonker Montanus de Haan Hettema, dy't yn 1855 ûndersyk die nei de testaminten fan 'e Van Cammingha's, wie ûnder it bewâld fan dat laach op it eilân it Hollânsk der de bestjoerstaal, wat betsjut dat it Frysk op it Amelân hast in iuw earder de status fan bestjoerstaal ferlear (nammentlik yn 1398) as op it Fryske fêstelân (om 1500 hinne). Dat soe dan wer bydroegen hawwe kinne oan in hegere maatskiplike status fan it Hollânsk en in legerenien fan it Frysk.

 
Amelânske klaaiïng mei earizer.

Underwilens spilen de Amelanners fan 'e sechstjinde iuw ôf in wichtige rol yn 'e hannel op en it frachtferfier oer de Sudersee, wat derta late dat se in protte kontakten hiene mei fral Amsterdam, mar dêrnjonken ek mei oare Hollânske Suderseestêden. Fan 'e achttjinde iuw ôf meunsteren fierders in protte Amelanners oan op 'e Amsterdamske keapfardijfloat dy't op 'e East fear. Teffens wurken party Amelânske froulju yn har jonkheid in stikmannich jierren yn Amsterdam as tsjinstfammen, foar't se weromkearden nei it eilân om in gesin te stiftsjen. Ek dizze inige bân mei Amsterdam sil perfoarst ynfloed hân hawwe op it taalklimaat op it eilân.

Hoewol't de boarnen oer de ûntfrysking fan it Amelân tige krap binne, liket it derop dat it in proses fan in pear iuwen west hat, wêrby't it westlike diel fan it eilân (dêr't de measte seefarders wei kamen) al yn 'e sechstjinde iuw (grutdiels) oergie op it Hollânsk, wylst it easten noch in oardel oant twa iuwen oan it Frysk fêsthold en pas yn 'e achttjinde iuw fan taal feroare. It lit him tinke dat der yn sa'n lange perioade tiid genôch wie foar de oarspronklik grif njonken inoar besteande talen om har mei-inoar te fermingen. Pas yn 1801, doe't it eilân al net mear Frysktalich wie, ferlear it foargoed syn ûnôfhinklikheid en kaam it by Fryslân te hearren. Om't de Fryske identiteit, sels yn dy tiid al, sterk op it sprekken fan 'e Fryske taal stipe, hawwe de Amelanners har nea Friezen field, en har sels sterk tsjin Fryslân en it Frysk ôfset.

Fanwegen de fragmintaryske oerlevering is oer it iere Amelânsk frijwol neat bekend. De âldste boarne is it Zeemanssprookje fan Jan Hendrik Heymans, yn 'e Fryske Folksalmenak fan 1842. Hoewol't der ûnder taalkundigen al langere tiid belangstelling foar it Amelânsk bestie, is der oant de twadde helte fan 'e tweintichste iuw mar in bytsje ûndersyk nei dien. Yn 'e santiger jierren pakte de Fryske Akademy, dy't himsels sjocht as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn Fryslân, de saak op. De earste konkrete plannen foar in wurdboek fan it Amelânsk datearje fan 1974. Fan 1977 ôf waard der tsien jier lang hurd bodde om dy plannen te ferwêzentlikjen, wêrby't it measte wurk ferset waard troch Anton Oud. As resultaat fan al dat labeurjen kaam yn 1987 einlings it mânske Woa'deboek fan ut Amelands út.

De ûntjouwing fan in formele stavering, dy't oan 'e gearstalling fan it wurdboek te'n grûnslach lei, hat derta laat dat it dialekt sûnt mear as skriuwtaal brûkt wurdt. Sa is der in Amelânsktalige kollem yn 'e pleatslike krante. Ek wurdt it dialekt brûkt troch eilanner popmuzikanten, lykas de band Gang is Alles, en troch de Hollumer toanielferiening Nut en Genoegen, dy't geregeldwei in Amelânsktalich stik op 'e planken bringt en dêrmei yn it ferline ek ien kear yn 't jier ôfreizge nei Amsterdam, om dêre foar de Amelânske mienskip om utens te spyljen. Yn novimber 2016 kaam by de Fryske Akademy it Groat Amelander Woa'deboek út, dêr't taalkundige Siebren Dyk sechstjin jier oan wurke hie.[1] De grûnslach fan dit nije wurdboek waard foarme troch it Woa'deboek fan ut Amelands fan Anton Oud, dêr't Oud sels letter noch op fuortborduere oant er yn 2006 kaam te ferstjerren. Dyk sette it wurk fuort, en it resultaat wie in op 'e nij besjoene ferzje fan it Amelânske wurdboek, dêr't teffens in Nederlânske yndeks oan taheakke is, sadat men ek fanút it Nederlânsk nei wurden sykje kin.

 
It Amelân mei de fjoertoer op 'e eftergrûn.

Hjoeddeistige taalsitewaasje bewurkje seksje

Oars as de oare eilândialekten fan it Waadgebiet hat it Amelânsk in hege maatskiplike status. Dat komt fuort út it feit dat frijwol alle (autochtoane) eilanners harsels beskôgje as Amelanner ynstee fan as Fries of as Nederlanner. Yn dat ramt wurdt it Amelânsk sjoen as hearrend by de Amelânske identiteit. De âlderein is him boppedat tige by tige bewust fan 'e eigen skiednis fan it eilân as in ûnôfhinklike steat, sadat it dialekt ek in hege sosjaal-histoaryske status hat. Lykwols wurdt it praten fan Amelânsk beheind ta petearen dy't Amelanners ûnderling fiere, mei't men it yn 'e regel net foechsum fynt om it yn oare sitewaasjes (d.w.s. tsjin bûtensteanders) te brûken.

Yn kontrast mei de hege status dy't it Amelânsk op it eilân genietet, wurdt der dêrbûten faak op delsjoen om't men yn Nederlân dialekten noch gauris assosjearret mei de legere sosjale klassen en mei brekme oan ûnderwiis. Amelanners bekleie har der gauris oer dat Fryske toeristen tsjin 'e eilânbewenners Frysk prate om't se it Amelânsk as in Frysk dialekt beskôgje soene. Soks wurdt dan sjoen as bewiis foar de lytsachtsjende hâlding dy't de Friezen fan it fêstelân foar it Amelânsk en de Amelanners oer oannimme soene. It liket lykwols wierskynliker dat sokke Friezen fan tinken binne dat se har yn 'e eigen provinsje net hoege te ferbrekken; it idee dat immen dy't it Frysk as memmetaal hat, it Amelânsk foar in Frysk dialekt hâlde soe, is ommers wol tige ûnoannimlik.

Sok misbegryp liedt út en troch ta ûnplezierige ferbale konfrontaasjes. Op 'e gemeentlike webside hjit it dat "het Amelander dialect weinig overeen [komt] met het Fries. De meeste inwoners van het eiland verstaan daarom deze taal ook niet." Mei't it Amelânsk net safolle ferskilt fan it Biltsk of it Stedsk en dy taalfoarmen mei it Frysk prima ûnderling fersteanber binne, liket it hjir mear te gean om in kwestje fan wollen as fan kinnen. Dy yndruk wurdt noch fuortsterke troch de resultaten fan in enkête op it Amelân, wêrby't men û.m. befrege waard nei de praktyske en estetyske skaaimerken fan ûnderskate talen. As it om 'e praktyske mooglikheden fan in taal gie, setten de Amelanners it Nederlânsk boppe-oan, folge troch it Dútsk, it Amelânsk en hielendal ûnderoan it Frysk. Gie it om estetyk, dan joegen se fierwei de foarkar oan it Amelânsk, folge troch it Nederlânsk en it Dútsk, mei it Frysk hielendal ûnderoan.

 
It strân op it Amelân.

It Amelânsk hat op it Amelân gjin offisjele status of erkenning. Yn 'e provinsje Fryslân genietet it al in beskate erkenning, sij it offisjeel net as minderheidstaal, mar as "streektaal". Yn dy hoedanichheid wurdt it û.m. neamd yn 'e provinsjale Noata Streektalen 2004, as in taalfoarm wêrfan't it gebrûk befoardere wurde moat. Hoewol't yn Fryslân sûnt 1980 ûnderwiis fan it Frysk op 'e basisskoallen ferplichte is, hat de gemeente It Amelân dêr frijstelling fan, en folje de skoallen op it eilân de sa frijkommen tiid yn mei lessen "hiemkunde", oer de Amelânske kultuer. Der wurdt lykwols gjin spesifyk ûnderwiis yn it Amelânske dialekt fersoarge.

Sprekkers bewurkje seksje

Op it Amelân sprekt fierwei it grutste part fan 'e befolking it eigen dialekt noch. Ut in ûndersyk troch taalkundige Mathilde Jansen, dy't ferbûn is oan it Meertens Ynstitút, die yn 2002 bliken dat doe noch 62,5% fan 'e middelbere-skoalbern op it eilân it Amelânsk as memmetaal spriek. Hoewol't sy yn har taalgebrûk folle mear Nederlânske en Ingelske lienwurden bemjuksen, en wylst in beskate groep âlde dialektwurden oan it ferdwinen wie, hoegde dat neffens Jansen net needsaaklikerwize as negatyf opfet te wurden, want de iennichste taal dy't net mear feroaret, is in deade taal.

Fierders joech by itselde ûndersyk nochris 15,2% fan 'e middelbere-skoallearlingen op dat se thús in mjuks fan Amelânsk en Nederlânsk sprieken. Tsjin mei-learlingen spriek 62,1% fan bern Amelânsk en 25,8% in mjuks fan Amelânsk en Nederlânsk. Jansen late dêrút ôf dat yn totaal 87,9% fan 'e skoalbern op it eilân yn 'e deistige omgong Amelânsk brûkte. Doe't se dêrnei frege waarden, antwurde 100% fan 'e (132) learlingen dat se it Amelânsk ferstean koene, 95,2% dat se it prate koene, 76,8% dat se it lêze koene en 48,0% dat se it skriuwe koene. As men dy sifers njonken de befinings set dy't yn 1994 troch ûndersikers fan 'e Fryske Akademy oangeande de kennis fan it Frysk yn Fryslân samle waarden, dan kriget dit rychje:

Frysk (1994) Amelânsk (2002)
ferstean 94% 100%
sprekke 74% 95,2%
lêze 65% 76,8%
skriuwe 17% 48,0%

It Amelânsk naam dêrmei in unike posysje yn, om't frijwol alle oare dialekten yn Nederlân stadichoan efterútbuorkje, benammen wat it gebrûk ûnder de jongerein oangiet. It wie net dúdlik wêrom't it Amelânsk sa'n útsûnderingsposysje ynnaam, mar nei alle gedachten spile dêrby in rol dat de Amelânske mienskip in stik slettener foar de bûtenwrâld oerstiet as bgl. de bewenners fan 'e oare Waadeilannen. Fan gefolgen makket dat it foar bûtensteanders in stik dreger om op it eilân te yntegrearjen.

In nij ûndersyk, troch dosint Meine Bonthuis út 2016, liet lykwols in byld sjen dat drastysk feroare wie foar de sitewaasje fan fjirtjin jier earder oer. Mear as de helte fan 'e skoalbern, 52%, spriek yn 2016 nammentlik Nederlânsk mei-inoar, wylst noch mar 29% ûnderling Amelânsk prate. Oan 'e oare kant waard no yn húslik fermidden mei âlden en oare famyljeleden hast noch like faak Amelânsk sprutsen as yn 2002.[2]

Der binne gjin sifers beskikber oer it totale oantal Amelânsksprekkers of it persintaazje dat dy fan 'e Amelânske befolking útmeitsje. Mar oannommen dat it tal dialektsprekkers ûnder de âldere generaasjes heger leit as ûnder de jongerein, wat frijwol oeral sa is, dan soe in persintaazje fan 80% Amelânsksprekkers miskien in net ûnreälistyske rûzing wêze. Mei in eilânbefolking fan 3.600 minsken soe it totale oantal Amelânsksprekkers dan útkomme op krapoan 2.900 lju.

Taaleigenskippen bewurkje seksje

Grammatika en taaleigen bewurkje seksje

It Amelânsk is in dialekt mei in fierhinne Hollânske wurdskat en in grutdiels Fryske grammatika. Troch it Fryske substraat op it eilân komme der lykwols ek in protte wurden en útdrukkings yn foar dy't dúdlik Frysk fan oarsprong binne, lykas gnize, naskaaie en ut draait óp bargebieten uut. Ek op oare mêden komt it Fryske substraat ta utering, lykas by de lidwurden dy't men foar de haadwurden pleatst. Sa seit men op it Amelân fan de knien, ut plak en ut wang, krekt sa't it yn it Frysk "de knyn", "it plak" en "it wang" is, yn tsjinstelling ta de Nederlânske foarmen het konijn, de plek en de wang. Fierders is yn it ferhollânske Amelânsk de Fryske konsonantekluster [sk] (sk fan skip) beholden bleaun, lykas yn skâd ("skaad"), skeluun ("skarlún") en skoal ("skoalle"), wylst dy frjemd genôch yn 'e Fryske dialekten fan 'e buoreilannen Skylge en Skiermûntseach feroare is yn in Hollânske [sx] (sch fan schip). Ek besteane der noch inkele Fryske meartallen yn it Amelânsk: hearings ("hjerrings"; ferlykje Nederlânsk haringen) en ingels ("ingels"; ferlykje Nederlânsk engelen). Wol ferdwynt stadichoan in diel fan it Amelânske taaleigen. Sa seit men no net mear fan skutteldoek ("skûteldoek") lykas foarhinne, mar fan theedoek.

 
Strjitbyld op it Amelân.

Wat de persoanlike foarnamwurden oangiet, hat it Amelânsk yn 'e twadde persoan inkeltal dou ("do"/"dû") en as hoflikheidsfoarm jou ("jo"), wat ek al dúdlik mear nei it Frysk ta oerhinget as nei it Nederlânsk, dat dêrfoar jij, resp. u hat. Wannear't men men dookje en stookje moat en wannear't men jookje moat, ferskilt lykwols op it Amelân fan âlds fan doarp ta doarp. Sa sprekke Bueremers frijwol eltsenien altyd mei dou oan, wylst Nessemers inkeld bern en yntime freonen of famyljeleden mei dou bejegenje en fierders altyd fan jou sizze. Yn Hollum brûkt men dou as men it tsjin manlju of jonges hat, en jou as men tsjin froulju of (lytse) famkes praat.

Stavering en klanklear bewurkje seksje

It Amelânske dialekt beskikt oer in grut ferskaat oan lûden, folle mear as it Nederlânsk en ek mear as it Frysk. Dêrom is der foar it Amelânsk in eigen stavering ûntwikkele, dy't gebrûk makket fan in grut tal lûden mei diakrityske tekens (â, ä, è, ê, ë, î, ò, ó, ô, ö, ú). Typysk foar it Amelânsk is it foarkommen fan èè, lykas yn rèèd ("reid") en sèèn ("seine") in klank dy't liket op, mar net gelyk is oan 'e Fryske ê. Ek op it mêd fan 'e bylûden hat it Amelânsk ferskillen mei it Nederlânsk. It dúdlikste foarbyld dêrfan is de oanwêzichheid fan 'e hurde Fryske g (IPA: [ɡ]), yn wurden as goëd ("goed"), gâuw ("gau") en giëte ("jitte"). Foarhinne hie it Amelânsk fierders ek stimhawwende bylûden oan 'e ein fan wurden, sa't it Frysk dat lang lyn ek hân hawwe moat. Dus wurden as kob en kop waarden net gelikens útsprutsen (mei't de b oan 'e ein fan kob net ferwaard ta in p-klank, of, yn taalkundich jargon, om't der gjin einûntstimming plakfûn). Dat ferskynsel is lykwols ek yn it Amelânsk oan it útstjerren en inkeld by de âldste sprekkers komt it tsjintwurdich noch foar.

In tige opfallende eigenskip fan 'e Amelânske stavering is fierders dat de faak foarkommende stomme r, dy't it Frysk ek hat, ferfongen is troch in apostrof, lykas yn 'e wurden moa'd ("moard"), kó't ("koart") en he'st ("hjerst"). Yn in protte wurden lit dy ferdwûne r lykwols in spoar nei yn 'e útspraak. De skriuwwize fan it oarspronklike flarden is bgl. fla'den wurden, mar it wurdt mear útsprutsen as ['fladʲǝn], dus mei in sêftere dj-eftige klank ynstee fan in hurde d. Itselde is it gefal by in wurd as ga's ("gers"), dat oarspronklik gars west hawwe moat. Dêr is de útspraak [gaʃ] ("gasj"). Dit ferskynsel hat it Amelânsk gemien mei it moderne Noarsk en Sweedsk, dêr't de r op plakken ek fuortfalt, mar dan de neikommende letter feroare efterlit.

Amelânsk en Stedsk bewurkje seksje

It Amelânsk en it der nau mei besibbe Midslânsk fan it buoreilân Skylge waarden yn it ferline faak op ien bulte smiten mei it Stedfrysk. Taalkundich ûndersyk út 2001 hat lykwols útwiisd dat it Amelânsk dêr eins frij sterk fan ôfwykt. Sa liket der njonken it Frysk en it Hollânsk noch in trêde, spesifyk Amelânske wurdskat west te hawwen dêr't it tsjintwurdige Amelânske dialekt op weromgiet. Soks is te ferklearjen út 'e mooglikheid dat it oarspronklike Frysk fan eilân krekt sa sterk fan it fêstelânske Frysk ôfwykte as de hjoeddeistige Fryske eilândialekten Skiermûntseagersk, Skylgersk en Aastersk. Fierders komme typysk Stedske foarmen, lykas burst ("boarst"), ("soe"), must ("moast") en durst ("doarst") yn it Amelânsk net foar. It Amelânsk hat dêrfoar nammentlik de foarmen bó'st, sou, mós of móst, resp. doarde, dó'st of do'st.

Dialekten bewurkje seksje

It Amelânsk is te ferdielen yn twa tige opinoar lykjende, mar dochs dúdlik faninoar te ûnderskieden susterdialekten: it Eastamelânsk, dat sprutsen wurdt yn 'e doarpen Nes en Bueren, en it Westamelânsk, dat sprutsen wurdt yn 'e doarpen Hollum en Ballum. In foarbyld fan 'e ferskillen tusken dy beide subdialekten is dat wurden as "âld", "kâld", "hout", "sâlt" en "hûd" yn it Westamelânsk skreaun en útsprutsen wurde as oäd, koäd, hoät, soät en huud, en yn it Eastamelânsk as òòd, kòòd, hòòt, sòòt en hööd. (De klank [o.ɛ] wurdt útsprutsen as de o fan "bok" folge troch e fan "pet"; uu [y:] is de ú fan "drúf"; òò [ɔ.ǝ] is de ô fan "rôt" mar in bytsje diftongisearre; en öö [ʌ:] is de klank fan it Frânske l'heure.)

 
De roomske tsjerke fan Nes.

Fierders bestiet der in ferskil by guon ferlytsingsfoarmen, lykas "doarpke", "koke" en "pylkje", dêr't it Westamelânsk dörpke, koeike en pielke foar jout en it Eastamelânsk dörpje, koetje en pieltje. Ek guon útgongen ferskillen, bygelyks de útgong "-aasje". Wurden as "federaasje" en "alteraasje" wurde yn it Westamelânsk federase en alterase en yn it Eastamelânsk federaasje en alteraasje. Ferskillen yn it leksikon komme ek foar, mar net in protte. It meast opfallend yn dat ferbân is it typysk Eastamelânske wurd hèèt ("heit"), wylst fader yn beide subdialekten bestiet.

Sokke dialektferskillen binne te ferklearjen út it feit dat de lju út it herfoarme westen en it roomske easten fan it Amelân foarhinne grutdiels byinoar lâns libben. In trêde denominaasje waard op it eilân foarme troch de minnisten, dy't ek mear yn it westen konsintrearre wiene. Hoewol't der tusken de herfoarmden en de minnisten soms wol houliken sletten waarden, wie dat tusken dy beide protestantske groepen en de roomsen ûntinkber. Sa bestie der dus net in protte ûnderling kontakt, en ûntstiene der twa subdialekten.

Hoewol't de religieuze skieding hjoed de dei amper noch in rol spilet, hat him ûnderwilens in beskaat kultuerferskil tusken de beide befolkingsgroepen of eilânkriten ûntwikkele. It eastlike diel fan it eilân is ekonomysk nammentlik frijwol hielendal ôfhinklik fan it toerisme, en stiet dêr sadwaande tige posityf foaroer. Yn it westen, dêr't men noch foar in grut part fan 'e lânbou libbet, is dat folle minder it gefal. Boppedat binne de Amelanners har ûnderwilens sa bewust rekke fan it dialektûnderskie ("dêr sizze se fan ..., mar wy sizze fan ..."), dat ek dêrtroch de ferskillen yn stân holden wurde. Dêropta is oan 'e eastkant fan it eilân, dêr't it fear oankomt, de measte toeristen fakânsje fiere en har mear lju fan bûten nei wenjen set hawwe, de ynfloed fan it Nederlânsk sterker. Oan 'e oare kant foarmet de iennichste middelbere skoalle op it eilân, yn Nes, wer in sterk nivellearjende faktor, mei't alle eilânbern dêr gearkomme en de ûnderlinge kontakten fan 'e jongere generaasjes dus folle grutter binne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fierant, Tim, "Groat Amelander Woa'deboek" is misschien wel het laatste, yn: de Ljouwerter Krante, 12 novimber 2016.
  2. Walthaus, Asing, Amelander scholieren spreken onderling minder Amelands, yn: de Ljouwerter Krante, 31 jannewaris 2017, s. 25.


Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)