Ammerland (Ammerlân) is in Landkreis (lânkring) yn it Dútske bûnslân Nedersaksen. Bysûnder wie dat der oant de ferliening fan de stedsstatus oan it haadplak Westerstede op 28 maaie 1977 gjin inkeld plak yn de lânkring de status fan stêd hie.

Landkreis Ammerland
flagge wapen
polityk
soarte gebiet Lânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplak Westerstede
grutste plak Bad Zwischenahn
tal gemeenten 6
kenteken WST
Kreisschlüssel 03 4 51
sifers
ynwennertal 124.859 (2019)
oerflak 728,38 km²
befolkingstichtens 171 / km²
oar
stifting 1933
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 53°13′ N 8°1′ E
webside ammerland.de

Geografy bewurkje seksje

Lang bleau in grut diel fan it Ammerlân isolearre as in eilân yn in see fan ûnbegeanber heechfean. Ek no is fral it easten en suden noch in wiidsk lânskip, beammen binne der net in soad. Wynmûnen ûnderbrieken it flakke lânskip en fan de 47 mûnen oan it begjin fan de 20e iuw binne der hjoeddedei noch njoggen bewarre bleaun. It grutste diel fan it lân wurdt tsjinwurdich brûkt as gerslân. De geastgrûnen fan it Ammerlân dêrfoaroer binne tradisjoneel in mingeling fan lytse boskjes, ikkers en hagen en hawwe de skaaimerken fan in parklânskip.

De lânkring Ammerlân grinzget fanút it noarden mei de klok mei oan de lânkringen Fryslân, Wesermarsch, de selsstannige stêd Aldenburch en de lânkringen Oldenburg, Kloppenburch en Lier.

Alhoewol't de Noardseekust sa'n 40 kilometer fierderop leit, wurdt it westlike diel fan Ammerland noch beynfloede troch it tij. De rivieren Leda en Jümme ferbine it Ammerland mei de Iems en sadwaande yndirekt mei de Noardsee.

Skiednis bewurkje seksje

It Ammerlân waard foar it earst yn de 10e iuw neamd. Oannommen wurdt dat de namme is ôflaat fan ameri, dat sompe betsjut. Yn de tiid dat de Wytsings binnenfoelen waarden der lytse, ringfoarmige kastielen boud om de delsettings te beskermjen.

Foar in lange tiid wie der net in soad ynteresse yn de sompige regio. Yn de 14e iuw waard it ûnderdiel fan it greefskip Aldenburch. De greven lieten bolwurken yn de krite bouwe, dy't de grins foarme mei de Friezen

De lânkring Ammerland waard yn 1933 stifte en folget rûchwei de grinzen fan dy histoaryske regio.

Bestjoerlike yndieling bewurkje seksje

De lânkring is ûnder te ferdielen yn seis Einheitsgemeinden (ienheidsgemeenten). Dêrmei is de lânkring Ammerland ien fan de lânkringen mei de minste gemeenten fan it lân. De iennige stêd is (sûnt 1977) it haadplak Westerstede.

 
Gemeenten fan de lânkring Ammerlân
Stêd Gemeenten
  1. Westerstede
  1. Apen
  2. Bad Zwischenahn
  3. Edewecht
  4. Rastede
  5. Wiefelstede

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Nedersaksen
 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg