Angelina Castro, echte namme: Francys Delia Valdes (Havana, 6 septimber 1982), is in Kubaansk-Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur, dy't bekend stiet om har wielderich foarkommen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 71 kg. en in natuerlike kupmaat 42F.

Angelina Castro
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Francys Delia Valdes
nasjonaliteit Kubaansk
Amerikaansk
berne 6 septimber 1982
berteplak Havana (Kuba)
etnisiteit Kubaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
www.angelinacastrolive.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Castro waard yn 1982 berne yn 'e Kubaanske haadstêd Havana. Doe't se tsien jier wie, emigrearren har âldelju mei har, har âldere suster en har jongere broer nei de Dominikaanske Republyk, dêr't se twa jier letter wei trochreizgen nei de Feriene Steaten. Fan har tolfde ôf groeide Castro op yn Miami, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Dêr wie se belutsen by ferskate opstjitsjes op 'e middelbere skoalle by wize fan protest tsjin it rezjym fan Fidel Castro (gjin famylje) yn har heitelân. Nei't se har skoaldiploma helle hie, folge se in medyske oplieding, wêrby't se yn 't earstoan de bedoeling hie om giropraktist te wurden. Uteinlik keas Castro der lykwols foar om fysioterapeut te wurden. Hja ûnderhold harsels ûnder har stúdzjetiid mei baantsjes as kassiêre en hierknipster.

Pornokarriêre bewurkje seksje

Wylst se koart nei it ôfrûnjen fan har oplieding wurksum wie as fysioterapeut, besleat Castro yn 2008 út nijsgjirrigens mei te wurkjen oan in amateurpornofilm, dy't yn har wenplak Miami fenomenaal populêr waard. Hja waard frege foar in ynterview yn it radioprogramma The Enrique Santo Show, dêr't se har kar foar pornografysk wurk ferdigene. Neitiid keas se derfoar om pornoaktrise fan berop te wurden, wêrby't se yn 2009 foar it earst yn in profesjonele pornografyske film spile.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Castro sûnt oan mear as 55 pornofilms meiwurke, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, The Score Group, Pure Play Media en Evil Angel. Ek hat se in protte wurke foar pornosites op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Yn 2011 regisearre Castro de film Angelina Mundo foar de studio Justin Slayer International.

Nei har earste radioynterview gie Castro troch mei har optredens yn radio- en tillefyzjeprogramma's. As earste Kubaanske pornostjer presintearre hja fanôf oktober 2008 in eigen programma op 'e mainstream-tillefyzje, mei as namme La Cosa Nostra. Fan 2010 ôf wie Castro te sjen op alle wichtige Spaansktalige tillefyzjestjoerders yn Miami: Univision, Telemundo, Americateve en Mega TV, wêrby't se û.m. seksuologyske advizen joech oan jonge pearkes.

Priveelibben bewurkje seksje

Nei eigen sizzen ûnderstipet har hiele famylje Castro har karriêrekar. Hja is net religieus en drinkt gjin alkohol. Hja is de mem fan in jonge soan, en hâldt fan Miami, honkbal, basketbal en skuon.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: