Anikka Albrite, echte namme: Thrace Ardith Allen (Denver, 7 augustus 1988), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise en earder model fan mingd Frânsk-Tsjechysk-Dútsk-Deensk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol mistavere as Anikka Albright, wylst har foarnamme op ferskate manearen ferhaspele wurdt, as "Annika", "Anika" of "Annikka". Neffens har offisjele opjefte is Albrite 1.68 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 34B.

Anikka Albrite
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Anikka Albright, Annika Albrite,
Annika Albright
echte namme Thrace Ardith Allen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 augustus 1988
berteplak Denver (Kolorado)
etnisiteit Frânsk
Tsjechysk
Dútsk
Deensk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Anikka Albrite is hikke en tein yn Denver, yn 'e steat Kolorado. Nei de middelbere skoalle folge hja in stúdzje mei biology en bedriuwsmanagement as dûbele haadfakken, en behelle hja bachelorstitels yn beide. Nei har stúdzje wurke Albrite yn in klinyk en as model yn 'e reklamebrâns.

Yn 2011 stapte Albrite oer nei de Amerikaanske pornoyndustry en joech se har op as aktrise by it foaroansteande agintskip OC Modeling, dat ûnder de reek fan Los Angeles leit). Har debút yn in pornografyske film makke se yn oktober fan datselde jier. Yn 2013 hie se foar it earst anale seks foar de kamera, yn 'e film Anikka, mei akteur Mick Blue, dêr't se doedestiden yn har priveelibben ek in relaasje mei hie. Albrite waard al rillegau tige populêr. Yn 2013 stie se yn it tydskrift LA Weekly op in list fan tsien pornoaktrises "dy't de folgjende Jenna Jameson wêze kinne soene". Yn 2014 stie se yn 'e top 12 (The Dirty Dozen) fan 'e populêrste pornostjerren, dy't gearstald wie troch de stjoerder CNBC.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Albrite sûnt 2011 yn mear as 200 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Pure Play Media, Adam & Eve, Jules Jordan Video, Evil Angel, Vivid Entertainment, Hustler Video, Elegant Angel, Wicked Pictures, New Sensations, Digital Playground, Digital Sin, West Coast Productions, Third Degree Films en Devil's Film. Ek hat se wurke foar de Dútske studio Magmafilm en foar Amerikaanske pornosites as Reality Kings, Brazzers en Muffia. Yn 2014 wûn se trije prestizjeuze AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld).

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 Urban X Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Justin Slayer) Booty I Like 8
2013 AEBN VOD Award wûn bêste nijynkommelinge n.f.t.
AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis (mei Jada Stevens) Jada Stevens Is Buttwoman
nominearre bêste POV-sekssêne (mei Erik Everhard) Eye Fucked Them All
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Jada Stevens en Erik Everhard) Jada Stevens Is Buttwoman
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste nije stjer (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste solosekssêne I Love Big Toys 36
nominearre bêste orale sekssêne (mei Riley Reid) American Cocksucking Sluts 5
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Manuel Ferrara) Top Bottoms
nominearre bêste POV-sekssêne (mei Mick Blue) Eye Candy
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Maddy O'Reilly en Kurt Lockwood) Not the Wizard of Oz XXX
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Samantha Saint en Mick Blue) Samantha Saint Is Completely Wicked
nominearre bêste groepsekssêne (mei Brooklyn Chase, Jacky Joy, Christy Mack,
Kelly Madison, Kendra Lust, Romi Rain en Ryan Madison)
The Madisons' Mad Mad Circus
nominearre bêste groepsekssêne (mei Mischa Brooks, Ashley Fires, Dillion Harper,
Remy LaCroix, Riley Reid en Manuel Ferrara)
Manuel Ferrara's Reverse Gangbang
nominearre bêste aktrise OMG... It's the Leaving Las Vegas XXX Parody
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste opfiering fan in striptiis Anikka
wûn bêste anale sekssêne (mei Mick Blue) Anikka
wûn bêste triosekssêne f/m/m (mei James Deen en Ramon Nomar) Anikka
Xbiz Award nominearre bêste sêne (parody) (mei Maddy O'Reilly en Kurt Lockwood) Not the Wizard of Oz XXX
nominearre bêste sêne (non-feature-publikaasje) (mei Mick Blue) Anikka
nominearre bêste byrol fan in aktrise Not the Wizard of Oz XXX
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.