Anjer (Anyer), is in doarp yn de provinsje Banten, Yndoneezje, oan de Strjitte Sûnda, fyftjin kilometer besuden Merak.

Anjer
Anyer
Polityk
Lân Yndoneezje
Provinsje Banten
Regintskip (Kabupatèn) Serang
Oar
Tiidsône UTC+7
De fjoertoer fan Anjer (1933) op Java's Fjirde Punt
In kaart út 1833 fan Strjitte Sûnda mei Anjer.

Anjer is no fral in toeristysk plak, benammen yn de wykeinen en foar de ynwenners fan Jakarta. Anjer hat in soad fakânsjebungalows en hiele lytse strannen. Ut de kust fan Anjer leit it eilân Pulau Sangiang, in ûnbewenne eilân mei in foar in grut part ûnoantaaste jungle. It gebiet is teffens bekend fan koraalriffen mei harren grutte mannichte tropyske fisk.

De fjoertoer fan Anjer út 1885 is in presint fan kening Willem III ta oantins fan de slachtoffers fan de útbersting fan de tichteby lizzende fulkaan Krakatau yn 1883. Anjer waard doe swier rekke troch in tsûnamy fan tritich meter heech; alle ynwenners ferlearen dêrtroch it libben.

Anjer wie it westlik begjinpunt fan de 1000 kilometer lange Grutte Postwei dy't yn 1808 oanlein waard en oant Panarûkan yn it easten fan Java roan.