Anna fan Aldenburch

Anna fan Aldenburch (Aldenburch, 14 novimber 1501 - Emden, 24 septimber 1575) wie in dochter fan Jehan V fan Aldenburch en fan Anna fan Anhalt-Zerbst. Hja boaske mei Enno II fan Eastfryslân. Nei syn betide dea yn 1540 naam hja it regintskip oer foar har minderjierrige soannen Edzard, Kristoffel en Jehan. Dat regintskip soe duorje oant 1561. Hja krige dêrby de stipe fan de stannen. Sels grifformeard, liet hja alle godstsjinstige gesindten ta yn it greefskip en it is mar de fraach fan de keizer dat hja yn 1549 de werdopers it grûngebiet ûntseit. Anna herfoarme fierders de rjochtspraak fan East-Fryslân yn 1545. Yn 1556 lôge noch in amerij it konflikt mei Harlingerlân op, mar Anna brocht de saak foar it rykskeamergerjocht en wûn it pleit. Yn 1558 skafte hja de primogenituer ôf yn East-Fryslân, wêrtroch't har trije soannen opfolgingsgrjocht krigen. Mooglik barde dat om de ynfloed fan it Hûs Wasa te beheinen. Katarina, de frou fan har âldste soan Edzard wie ommers in dochter fan Gustaaf Wasa. Dy beslissing late ta in feitlike twadieling fan it greefskip, ek omdat Edzard luthersk wie, en syn broer Jehan en Anna sels oanhingers wienen fan it kalvinisme.

Anna fan Aldenboarch

Bern bewurkje seksje