Anne Zernike, ek wol Anna of Anny neamd, (Amsterdam, 30 april 1887 - Amersfoart, 1972) wie de earste froulike predikant yn Fryslân en Nederlân. Sy hat ek in oantal boeken skreaun. Har heit en mem wiene beide wiskundigen.

Portret út 1916 fan Anne Mankes-Zernike skildere troch Jan Mankes.
Anne Zernike by har beëdiging, 5 novimber 1911

Yn 1911 waard Anne troch de minniste gemeente fan it Fryske plak Boppeknipe tichtby It Hearrenfean oansteld as predikant. Dêr krige sy yn de simmer fan 1913 kunde oan har man, de keunstskilder Jan Mankes en troude mei him yn 1915, wêrnei't sy nei De Haach ferhuze. Omdat Jan Mankes tuberkuloaze hie, besleaten sy om har yn it Gelderske Eerbeek nei wenjen te setten, yn de hoop dat de boskige omkriten fertuten dwaan soene. Yn 1918 krige sy in soan en yn itselde jier ferskynde har earste boek ek. Jan Mankes stoar yn 1920 mei 30 jier oan syn sykte. In jier letter waard Anne predikante fan de Frije Gemeente yn it Rotterdamske Tuindorp/Vreewijk.

Yn Hoofddorp, Arnhim en Spijkenisse binne strjitten nei har ferneamd as earbetoan.

Sibben bewurkje seksje

Anne har jongere broer Frits Zernike krige yn 1953 de Nobelpriis foar de Natuerkunde. Har suster Elisabeth Zernike waard skriuwster.

Oars bewurkje seksje

  • Anne Zernike wie yn har jonkheid learlinge fan godstsjinstûnderwizeres Jacoba Mossel. Sy wie de earste froulike godstsjinstûnderwizer yn Nederlân en de earste frou dy't yn in tsjinst foargie (yn de Frije Gemeente fan Amsterdam).
  • Yn april 2013 waard troch PostNL in postsegel útbrocht mei de byltenis fan Anne Zernike en fiif oare bysûndere froulju út de Nederlânske skiednis, yn it ramt fan it ferskinen fan it boek (en de tentoanstelling) 1001 vrouwen.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Over historisch materialistische en sociaal democratische ethiek, 1918
  • Jan Mankes, A. Mankes-Zernike en R.N. Roland Holst, 1923
  • Opvoedingsproblemen, 1924
  • Rainer Maria Rilke: een benadering, 1925
  • Het zwaluwenboek, Ernst Toller (oerset troch A. Mankes-Zernike), 1928
  • Historische godsdiensten en universeele religie, 1938
  • De mensch en zijn godsdienst, 1941
  • Een vrouw in het wondere ambt: herinneringen van een predikante, 1956

Keppelings om utens bewurkje seksje