Antony Mark David Gormley (Hampstead, 30 augustus 1950) is in Ingelske byldhouwer.

London National Theatre
Broken Column
Wolk

Biografy bewurkje seksje

Gormley groeide op yn Hampstead. Hy studearre fan 1968 - 1971 archeology, antropology en keunstskiednis oan it Trinity College, Cambridge, wêrnei't hy nei Yndia en Sri Lanka gie om him te ferdjipjen yn it Boedisme. Werom yn Londen, trije jier letter yn 1974, gie Gormley fierder mei syn stúdzje oan de Central School of Art (no bekend as Central Saint Martins College of Art and Design) en it Goldsmiths College, die in postgraduate stúdzje byldhoukeunst tusken 1977 en 1979 oan de Slade School of Art, University College London.

Syn wurk bewurkje seksje

Yn de lêste 25 jier hat Antony Gormley de minsklike figuer yn de byldhoukeunst in nije ynhâld jûn, wêrby't de propoarsjes fan syn eigen lichem as útgongspunt nomd hat. Sûnt 1990 wurket hy oan grutskealige projekten as Allotment, Critical Mass, Another Place, Domain Field, Inside Australia en Blind Light.

Flevolân bewurkje seksje

Op 17 septimber 2010 waard syn byld Exposure (bleatstelling) ûntfâlde op de strekdaam tusken Flevolân en West-Fryslân. De 25 meter hege konstruksje fan 60 ton wurdt by elkoar hâlden mei 14.000 bouten; it stelt in man op 'e hoksen foar. Dit keunstwurk is de seisde yn in rige fan sân dy't troch de provinsje delsetten wurde sil.

Syn meast bekende wurken binne: Angel of the North, in mânske skulptuer bestimd foar de iepenbiere romte, as landmark yn Gateshead, dêr't opdracht foar jûn waard yn 1995 en dy't delsetten waard yn 1998 en Another Place (1997), besteande út meardere figueren, op Crosby Beach by Liverpool.

Antony Gormley syn wurk waard faak útstald yn it Feriene Keninkryk, mei solo-útstallings yn de Whitechapel Art Gallery, de Tate Gallery, de Hayward Gallery, it Britsk Museum en de White Cube Art Gallery (allegear yn Londen); en ynternasjonaal yn musea, lykas it Louisiana Museum foar Moderne Keunst yn Humlebaek, Denemark, de Corcoran Gallery of Art yn Washington D.C., Feriene Steaten, it Irish Museum of Modern Art yn Dublin, Ierlân en de Kölnischer Kunstverein yn Keulen, Dútslân.

Hy hat meidien oan wichtige eksposysjes as de Biënnale fan Feneesje en de documenta 8 yn Kassel yn 1987 en yn 2006 de Sydney Biennale mei syn wurk Asian Field.

Gormley krige yn 1994 de Turner Prize, waard yn 1997 ûnderskieden mei in OBE en yn 1999 mei de South Bank Prize for Visual Art. Yn 2007 krige er de Bernhard Heiliger Award for Sculpture.

Wichtichste wurken bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Antony Gormley fan Wikimedia Commons.