Anthonij (Anton) Mauve (Zaandam, 18 septimber 1838Arnhim, 5 febrewaris 1888) wie in Nederlânsk keunstskilder en grafikus.

Anton Mauve
Hynder

Libben en wurk bewurkje seksje

In jier nei syn berte yn Saandam waard syn heit, in doopgesinde predikant, yn Haarlim beroppen. Dêr waard er grut en dêr ûntstie de winsk om keunstskilder te wurden. Syn heit joech tastimming foar in oplieding ta keunstner mei as betingst dat Anton wol de akte foar tekenûnderwiis helje soe, dat joech mear fêstichheid wat it troch de tiid kommen oanbelange.

Yn de jierren 1854 oant 1857 wie er learling yn it atelier fan Pieter Frederik van Os. Doe hat er noch yn de lear west by Wouterus Verschuur. Letter yn syn karriêre hat er noch gearwurke mei: Paul Gabriël, Marinus Heyl en J.J. Doffegnies. Hy skildere yn dy tiid yn de trant fan de Haachske Skoalle. Mauve wie mei-oprjochter fan de Hollandsche Teekenmaatschappij.

Anton Mauve troude mei Jet Carbentus, in nicht fan Vincent van Gogh. Vincent gie ein fan 1881 foar sa'n trije wike oan it wurk in it Haachske atelier fan syn oantroude neef. Fia him kaam er yn de kunde mei it wurk fan ûnder oaren Jaap en Matthijs Maris, J.H. Weissenbruch, H.W. Mesdag, G.H. Breitner en Jozef Israëls.Jozef Israels en Willem Maris harren ynfloed makke dat syn skildertoets losser waard, dat er frijer doarde te skilderjen.

Mauve joech Vincent skilderles. Syn ynfloed op Vincent hat grutter west dan't faak oannomd wurdt. Underwerpen as dollers, ierdappeliters en houtferkeapers naam er fan Mauve oer. Mauve respektearre van Gogh's talint, mar woe dat er him talei op de tradisjonele feardigens fan tekenjen en modellearjen. Troch syn ferhâlding mei Sien Hoornik krige Vincent skeel mei Mauve. Doe't Anton Mauve yn 1888 hommels ferstoar yn Arnhim, droech Vincent yn Arles syn 'Souvenir de Mauve', rôze bloeiende pjisken, oan him op.

Mauve syn meast produktive jierren wiene dy yn Laren NH, dêr't er ien fan de oprjochters fan de Larenske Skoalle wie. In protte fan syn skilderijen hat er yn de omkriten fan Laren makke. It Goai waard wol 'it lân fan Mauve' neamd troch toeristen en keunstkenners. Oant yn Amearika wie dizze streek mei dy namme bekend.

Yn 1887 wûn Mauve in gouden medalje op de Paryske salon mei syn doek De terugkeer van de kudde.

Anton Mauve stoar oan in aneurysma.

Bekend wurk bewurkje seksje

  • Morgenrit langs het strand (1876)
  • Spelende kinderen, doek, 40 x 50 cm
  • Heide te Laren, oaljeferve op doek, Ryksmuseum Amsterdam
  • Larens binnenhuis, akwarel
  • Larens meisje met geit, oaljeferve op doek
  • de Torenlaan te Laren (1886), oaljeferve op doek, Ryksmuseum Amsterdam
  • Stilleven, oaljeferve op paneel, 21,9 x 23,5 cm.
  • Bij de boerderij in de winter, oaljeferve op doek, 51x71 cm

Galery bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anton Mauve fan Wikimedia Commons.