Antonio Ciseri (Ronco sopra Ascona, 25 oktober 1821 - Florâns, 8 maart 1891) wie in Switsersk-Italjaansk keunstskilder.

Antonio Ciseri (1821-1891)

Ciseri waard as soan fan Giovan Francesco, ek in skilder, en Caterina Materni yn Ronco sopra Ascona yn it Switserske kanton Ticino berne. Hy ferfear yn 1833 nei Florâns, dêr't er by Niccola en Pietro Benvenuti yn de Accademia di Belle Arti Benvenuti fierder foarme waard. Hy wurke in soad yn opdracht fan Italjaanske en Switserske tsjerken. Fierder skildere Ciseri in grut tal portretten.

Yn 1853 iepene Ciseri in eigen skilderskoalle. Syn learlingen wiene û.o. Silvestro Lega (1826–1895), Niccolò Cannicci (1846–1906), Girolamo Nerli (1860–1926) en Raffaello Sorbi (1844–1931). As bêste learling fan Ciseri wurdt Egisto Sarri (1837–1901) beskôge.

Yn 1852 waard Ciseri beneamd ta professor oan de Akademy foar Heger Underwiis.

Fanwegen de hege Switserske belestings naam Ciseri yn 1877 de Italjaanske nasjonaliteit oan.

Ciseri ferstoar yn de âldens fan 70 jier en waard yn de San Miniato al Monte yn Florâns byset.

Ofbylden wurk bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Antonio Ciseri