A. (Arie) Aalberts (Nij Loasdrecht, 27 juny 1952) is in politikus en [[bestjoerder]. Aalberts is lid fan it CDA. Fan jannewaris 2014 oant 1 desimber 2015 wie er waarnimmend boargemaster fan de gemeente De Fryske Marren.

Arie Aalberts wie earder sûnt septimber 2004 boargemaster fan Dantumadiel en opfolger fan de hear J.L.Eggens. Hy wennet op dit suit yn Feanwâlden. Fan 1 febrewaris 2007 ôf hat hy ek tydlik oansteld west as waarnimmend boargemaster yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. Aalberts siet foarhinne yn it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Fierder wie er foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen fan it hjoeddeistige Friesland Foods yn Meppel en fan de koöperaasje de Sân Provinsjes.

By de fúzje fan de gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân op 1 jannewaris 2014 ta De Fryske Marren waard Aalberts de waarnimmend boargemaster fan dy fúzjegemeente. Op 1 desimber 2015 waard er opfolge troch Fred Veenstra dy 't de earste troch de Kroan beneamde boargemaster yn De Fryske Marren waard.