Arnold Willem Kort

Arnold Willem Kort (Haarlim, 23 febrewaris 1881 - Grins, 2 maart 1972) wie in Nederlânsk keunstskilder, grafikus en ynterieurûntwerper.

Arnold Willem Kort

Kort wie learling fan 1894 oant 1899 oan de Kunstnijverheidsschool yn Haarlim. Hy krige ûnderrjocht fan ûnder oaren Chris Lebeau, Hendrik Maarten Krabbé en Michel Duco Crop. Nei syn oplieding wurke Kort ûnder George Willem van Heukelom, arsjitekt fan de Spoarwegen, en dekorearre er Stasjon Hengelo en Stasjon Roosendaal. Hy wurke ek as dekorateur foar plateelfabryk De Distel yn Amsterdam.

Yn 1901 koe Kort oan 't wurk by it meubelfabryk fan J.A. Huizinga yn de stêd Grins. Hy ûntwurp gerdynstoffen, batiks en meubels foar dy fabryk. Itselde jier folge er lessen oan Akademy Minerva en waard dêr yn 1908 learaar dekoratyf skilderjen. As skilder makke Kort fral ynbannige, atmosfearysk ferstilde stillibbens. Yn 1946 gie er mei pinsjoen. Bekende learlingen fan Kort oan Minerva wiene ûnder oaren George Martens, Thees Meesters, Wladimir de Vries en Jan van der Zee.

Literatuer bewurkje seksje

  • Dijk, F. van (1998) Leraren van de Academie Minerva. Een keuze uit twee eeuwen kunstonderwijs in Groningen Grins: Benjamin & Partners. ISBN 90-5477-019-8

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: