In Arthurleginde, Arthurroman, Arthurferhaal, Keltyske roman of Britske roman is in literêr sjenre dat in subsjenre fan 'e ridderroman is. It is in Midsiuwsk hoask ferhaal dat oer kening Arthur en syn ridders fan 'e Rûne Tafel giet. Arthurlegindes wiene yn 'e Midsiuwen en iere Renêssânse tige populêr oan 'e aadlike hôven. Der binne twa foarmen fan: de saneamde graalroman, wêryn't in ridder út stjoerd wurdt of der op eigen manneboet op út giet om in foarwerp te sykjen (lykas de hillige graal); en de saneamde frouljusroman, wêryn't it winnen fan in beskate, útkarde frou sintraal stiet. Foarbylden fan Arthurlegindes binne bgl. it Midingelske Sir Gawayne and the Grene Knyght, en út it Nederlânske taalgebiet Ferguut, Moriaen en De Roman van Walewein.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lodewick, H.J.M.F., Literatuur Geschiedenis Bloemlezing, earste diel, 31e druk, 1976.