Assen is in gemeente yn, en de haadstêd fan, de provinsje Drinte. De gemeente hat 69.729 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne:CBS) op in oerflak fan 84 km² (dêr't 1,5 km² fan wetter is).

Assen
Sintrum fan Assen (2008)
Sintrum fan Assen (2008)
Emblemen
                 
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Assen
Boargemaster Marco Out
Sifers
Ynwennertal 69.729 (1 jannewaris 2024) (gemeente)
Oerflak 83,45 km (gemeente)
Befolkingsticht. 825 ynw. / km² (gemeente)
Oar
Ferkearsieren Steatsline C,
A28, N33, N371
Postkoade 9400-9409,
9486-9489,
9492
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 59' N 6° 33' E
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente
Kaart
Assen (Drinte)
Assen

Skiednis bewurkje seksje

Omkring 1600 waard Assen sit fan it bestjoer fan Drinte om't dêr de gebouwen fan it eardere Kleaster Mariakamp beskikber wienen. Dit hie tydlik wêze sille, mar it is nea mear feroare. Earst yn 1807 is Assen in selsstannich bestjoerlik gebiet wurden, en yn 1809 makke kening Loadewyk Napoleon Assen in stêd. It wie doe noch allinich in bestjoerssintrum mei minder as tûzen ynwenners, mar hy hie grutte plannen mei Assen, dêr't er ek in grut stêdebouplan foar hie. Dêr is neat fan kaam, mar nei't Assen yn 1814 offisjeel haadstêd fan Drinte waard woeks de stêd yn de rin fan de 19e iuw út ta it middelpunt fan Drinte, mei in ynwennertal fan mear as alvetûzen. Yn de 20e iuw waard dy sintrumfunksje noch sterker, en wûn ek it ynwennertal fierder oan.

Plakken bewurkje seksje

De haadstêd fan de gemeente is de stêd Assen, en de oare plakken binne: Anreep, Fries, Grêswyk, De Haar, Loan, Ree, Seijen, Seijerfean, Seijerfjild, Skyven, Ter Aard, Ubbena en Witten.

Fierder hat de gemeente noch ien buorskip, Amelte, krekt east fan de stêd. It eardere streekdoarp Kleasterfean is no in part fan de stêd Assen wurden.

Lizzing bewurkje seksje

De gemeente Assen leit tusken yn it noarden Tynaarlo, yn it easten Aa en Hunze, yn it súdwesten Midden-Drinte en yn it noardwesten Noardenfjild. De A28 rint fan Hegefean foarby de westkant fan Assen fierder nei Grins, en ek oan de westkant fan Assen moetsje de Drintske Haadfeart en it Noard-Willemskanaal. Troch de stêd rint it spoar fan Grins nei Swol.

Untwikling ynwennertal bewurkje seksje

  • 2014 - 67.133
  • 2003 - 60.735
  • 1971 - 40.471
  • 1951 - 26.313


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Assen
 
Stêd:
Assen
Doarpen:
LoonWitten
Buorskippen en Utbuorrens:
Ter AardAnreepGraswijk De HaarNorgerfeart (foar in part)RheeSchievenUbbenaZeijerveenZeijerveld
Wetter:
AnreperdiepBaggelhuizerplasAnreperdiepDrintske HaadfeartDeurzerdiepDrintske AaNoard-WillemskanaalSmeerveenscheloopWitterdiep
wizigje
Drinte
 
Flagge fan de provinsje Drinte
Aa en Hunze - Assen (haadstêd) - Borger-Odoorn - Coevorden - De Wolden - Emmen - Hoogeveen - Meppel - Midden-Drinte - Noardenfjild - Tynaarlo - Westerfjild
wizigje