Asylsikerssintrum

In asylsikerssintrum, Nederlânske ôfkoarting AZC (ek wol opfangsintrum of asylsintrum neamd), is in opfangsintrum foar asylsikers dy't tydlik yn in lân tahâlde oant oer harren asyloanfraach beslist is. It oanbieden fan dizze opfang wurdt yn Nederlân dien troch it Sintraal Orgaan opfang asylsikers (COA) yn opdracht fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken.

Nederlân hat yn totaal 51 asylsikersssintra oer it hiele lân. Gemiddeld jout in AZC ûnderdak oan ûngefear 500 oant 600 minsken. De earste twa asyslsikerssintra waarden iepene yn 1987 troch Minister Brinkman fan it Ministearje fan Wolwêzen, Folkssûnens en Kultuer yn Luttelgeest en Slagharen.

Yn Fryslân binne asylsikerssintra op De Jouwer, yn Burgum, Drachten, Sint Anne, Balk. Op De Jouwer en yn Wolvegea wiene in oantal jierren tydlike opfangsintra.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsk Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Asielzoekerscentrum