De atoommassais, lykas it wurd oanjout, de massa fan in atoom. De atoommassa wurdt oanjûn yn atomêre massa-ienheden (u). Elk isotoop fan in gemysk elemint hat in oare atoommassa.

Elemint bewurkje seksje

De atoommassa fan in elemint as gehiel is definiearre as de woegen trochsneed fan de atoommassa's fan alle natuerlike isotopen, wêrby't de weachfaktor fan in isotoop de relative oanwêzichheid op ierde is. Dizze trochsneed wurdt meastal oanjûn as de relative atoommassa.

Ferbân mei oare ienheden bewurkje seksje

Ien mol koalstof fan it isotoop 12C hat in massa fan 12 gram. De atoommassa fan ien atoom 12C is lyk oan:
12 / NA gram = 1,93×10-26 kg
NA stiet foar de konstante fan Avogadro, it tal dieltsjes yn ien mol.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje