De N.V. Autobedriuw "De Zuidwesthoek" (ZWH) yn Balk wie fan 1940 (eigentlik al fan 1921) oant 1974 in oanbieder fan iepenbier ferfier mei autobussen yn it súdwestlike diel fan Fryslân en in diel fan de Noardeastpolder (no yn Flevolân, doe yn de provinsje Oerisel).

ZWH-bus 88, in DAF / Hainje út 1971, no besit fan it Nationaal Bus Museum yn Hoogezand.

Skiednis bewurkje seksje

Earste jierren bewurkje seksje

De skiednis fan it bedriuw giet al werom oant 1921, it jier dat ûndernimmer M. de Boer, doe noch mei syn kompanjon De Groot, in bustsjinst begûn fan Balk nei Snits ûnder de namme Eerste Balkster Autobusdienst, letter Balkster Autobedrijf. De Boer wie bepaald net de ienige: yn dit diel fan Fryslân ûntstienen yn de jierren tweintich in soad autobusbedriuwkes, dy't yn de rin fan de jierren wer ferdwûnen of harren oanslueten by it bedriuw fan De Boer.

Oernames bewurkje seksje

Sa waard yn 1938 de firma P. van Veen yn Wikel, mei linen yn Gaasterlân, oernomd. Yn 1940 waard in fúzje oangien mei de firma's Bangma op De Lemmer en Hoekstra & De Jong fan Aldegea. Sûnt dy tiid waard de namme "Zuidwesthoek" brûkt foar it kombinearre bedriuw, dat yn 1941 ek de firma's Westra fan De Gaastmar en Bakker fan Langwar ynlive. 1942 brocht de oername fan wol fjouwer firma's mei harren linetsjinsten: Kuipers út Eastersee, Coehoorn fan De Lemmer, Zwaagstra út Tsjerkwert en Bult út Bakhuzen. It meastepart fan dizze ûndernimmers kaam by de ZWH yn tsjinst. Nei de befrijing kamen dêr noch de firma De Jager fan It Hearrenfean en in line fan De Koe út Wolvegea by, wylst de line De Lemmer - It Hearrenfean oernomd wurde koe fan de NTM.

Nei de oarloch bewurkje seksje

It Autobedriuw "De Zuidwesthoek" wie no op syn grutst, mei in ferfiersgebiet dat rûn fan Boalsert, Snits en It Hearrenfean yn it noarden oant Emmeloard yn it suden. De totale linelingte wie 314 kilometer en der waarden hast 3000 reizgers deis ferfierd mei in weinpark fan sawat 45 bussen. Yn 1955 waard de firma omsetten yn in NV. De firma die ek oan touringcarreizen en hie him oansluten by it reisburo Cebuto, mei de oare Fryske streekferfierders NTM, NOF, LAB en LABO. Dêrneist hie de ZWH in garaazjebedriuw en it dealerskip fan Scania-Vabis-bedriuwsweinen, in merk dat dan ek (neist DAF) in soad bussen oan de ZWH levere hat. Foar de karrosseryen waard meastal in berop dien op de Fryske busbouwers Hainje en Smit De Jouwer.

Ein bewurkje seksje

Yn 1974 waarden de oandielen ZWH ferkocht oan de NS, wêrfan de dochterûndernimming FRAM it bedriuw oernaam.

Letter fusearre de FRAM mei DVM/NWH ta VEONN, dat oernomd waard troch Arriva. Dat bedriuw ferdwûn fan 2007 oant 2012 - nei in oanbestedingproseduere - út it eardere ZWH-ferfiersgebiet. De linen wurden die jierren eksploitearre troch Connexxion.

Museumbus bewurkje seksje

Yn de kolleksje fan it Nationaal Bus Museum yn Hegesân stiet ZWH-bus nr. 88, in DAF SB1602DS605 / Hainje út 1971.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Melle C. van der Goot: De ZWH bus, een hele onderneming. Utjouwerij M.C. v.d. Goot, Rûgehuzen, 2004.