Avro Shackleton


Rol Underseeboatbestrider/AWACS
Makker Avro
Earste flecht 9 maart 1949
Yn tsjinst 1951
Ut tsjinst 1991
Tal makke 185 (1951-1958)
Grutste brûkers Royal Air Force, South African Air Force
Untwikkele út Avro Lincoln

De Avro Shackleton wie in Britsk langeôfstânspatrûljefleantúch fan de Royal Air Force. It tastel waard ûntwikkele troch fleantúchfabryk Avro út de Avro Lincoln. It tastel krige ûnder mear in nij lâningsgestel en waard ferneamd nei de poalreizger Ernest Shackleton. De earste flecht wie yn maart 1949.

Avro Shackleton yn it Museum of Science and Industry yn Manchester

Ynearsten waard it tastel, yn de perioade 1958-1970, allinnich brûkt foar opspoaring en bestriding fan ûnderseeboaten en yn de perioade 1957 o/m 1984 ek as maritym patrûljefleanmasine troch de loftmacht fan Súd-Afrika.

Fan 1971 oant en mei 1991 waard de Shackleton oanpast foar AWACS-taken en as fleanende radarpost ynset by de NATO loftbewaking. De Shackleton hie koaien, in keukentsje en in gemysk toilet en koe missys oant tolve oeren fleane. Dat makken de sunige Rolls-Royce Griffon sûgermotors mooglik.

De Shackleton waard langer as de bedoeling wie troch de RAF yn tsjinst holden om reden fan problemen by de konstruksje fan de ferfanger dy't jin op it each hie, de AWACS ferzje fan de BAE Nimrod. Doe't dy ferzje der lang om let kaam waard keazen foar de Boeing E-3 as ferfanger.

Spesifikaasjes bewurkje seksje

 
Avro Shackleton
Gegevens
Bemanning 10 (-14)
Langte 26,61 m
Spanwiidte 36,58 m
Hichte 5,33 m
Fleugeloerflak 132 m²
Gewicht leech 23.340 kg
Maks. startgewicht 39.040 kg
Oandriuwing fjouwer 12-sylinder-V-motors Rolls-Royce Griffon 57 fan 1960 hk (1460 kW) it stik
Topfaasje 480 km/o

Bewapening bewurkje seksje

 
Ynterieur fan in Skackleton MR3

Sjoch ek bewurkje seksje

Lyksoartige ûntwerpen:

Keppelings om utens bewurkje seksje