Aya Cash (folút: Aya Rachel Cash; San Francisco, 13 july 1982) is in Amerikaansk toaniel-, film- en tillefyzje-aktrise. Hja is benammen bekend fan 'e komeedzjesearjes You're the Worst en Welcome to Flatch.

Aya Cash
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Aya Rachel Cash
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 july 1982
berteplak San Francisco (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
Joadsk
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
Aya Cash yn 'e IMDb

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Cash waard yn 1982 berne yn San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't se ek opgroeide. Hja is de dochter fan 'e romanskriuwster Kim Addonizio en de boedistyske preker Eugene Cash, en it bernsbern fan Wimbledon-tenniskampioene Pauline Betz Addie en sportpublisist Bob Addie. Cash is fan mingd Ingelsk-Joadsk etnysk komôf. Se beskôget harsels as Joadinne om't se joadsk grutbrocht waard, mar se praktisearret de religy net mear.

Cash genoat in oplieding oan 'e San Francisco School of the Arts, en behelle letter in bachelorstitel yn 'e skiene keunsten oan it Guthrie Theater Actor Training Program fan 'e Universiteit fan Minnesota.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Yn 2006 sette Cash útein mei in karriêre as aktrise, wêrby't se ferskate gastrollen ferfolle yn bekende tillefyzjesearjes, lykas de plysjesearjes Law & Order, Law & Order: Criminal Intent en Law & Order: SVU, de komeedzjesearje Modern Family en de dramasearje The Good Wife. Yn 2011 hie se in fêste rol yn 'e komeedzjesearje Traffic Light, dy't ien seizoen rûn.

Fan 2008 ôf spile Cash ek yn films, wêrby't se lytse roltsjes fertolke yn û.m. Off Jackson Avenue (2008), Deception (2008), Winter of Frozen Dreams (2009), The Bits in Between (2009), The Oranges (2011), The Happy House (2013) en Begin Again (2013). Har bekendste filmroltsje hie se as Janet, de assistinte fan Jordan Belfort (spile troch Leonardo DiCaprio) yn The Wolf of Wall Street (2013). Yn 2014 spile Cash ek ien fan 'e haadrollen yn it toanielstik Trudy and Max in Love, dat off-Broadway op 'e planken brocht waard.

Yn 2014 waard Cash as Gretchen Cutler cast yn ien fan 'e haadrollen fan 'e komeedzjesearje You're the Worst, dy't rûn oant en mei 2019. Foar dy rol waard har troch de tillefyzjekritisy rûnom lof taswaaid. De webside The A.V. Club omskreau de fertolking fan har rol yn it twadde seizoen as "de bêste aktearprestaasje fan 2015". Yn 2016 waard Cash foar har rol fan Gretchen Cutler nominearre foar de Critics' Choice Television Award foar bêste aktrise yn in komeedzjesearje.

Cash waard yn 2019 cast as de superheldinne Stormfront yn it twadde seizoen fan 'e swarte komeedzje-dramasearje The Boys, dat fan septimber 2020 ôf beskikber kaam fia streamingtsjinst Prime Video. Ek yn 2020 spile Cash sjoernaliste Cheryl Peterson yn 'e nije komeedzjesearje Welcome to Flatch, dy't útstjoerd waard troch Fox.

Priveelibben bewurkje seksje

Cash mette senarioskriuwer en tillefyzjeprodusint Josh Alexander doe't se in servearster wie yn in restaurant dêr't er gauris del kaam. Se giene sân jier mei-inoar om foar't se yn 2012 trouden. Se wenje yn New York. Cash is ambassadrise foar INARA, in non-gûvernemintele organisaasje dy't yn 'e boargeroarloch ferwûne rekke bern út Syrje medyske help jout.

Op har rêch hat Cash in tatoeaazje fan in hauk om't har altyd ferteld wie dat "aya" (איה) it Hebriuwske wurd foar "hauk" is. Doe't se Israel besocht, kaam se der lykwols efter dat aya dan in argaysk wurd foar hauk wêze mei, mar dat it yn it modern Hebriuwsk it wurd is foar "hunichfalk", in oar soarte rôffûgel.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2006 Law & Order Janine Lesko gastrol; ôfl. Kingmaker
2006 Law & Order: Criminal Intent Lori gastrol; ôfl. Weeping Willow
2007 Brotherhood Martha Danners gastrol; ôfl. Shelter from the Storm (dûbele ôfl.)
2007 Spellbound Chrissy nea útstjoerde pilotôfl.
2009 Law & Order: Special Victims Unit    Katrina Lychkoff gastrol; ôfl. Hothouse
2010 Mercy Bliss Edlestein gastrol; ôfl. Too Much Attitude and Not Enough Underwear
2010 Strange Brew Lizzy nea útstjoerde pilotôfl.
2011 Traffic Light Callie haadrol; 13 ôfl.
2012 Friday Night Dinner Lizzy nea útstjoerde pilotôfl.
2012 A Gifted Man Trish Sulloway gastrol; ôfl. In Case of Heart Failure
2013 The Newsroom Shelly Wexler weromkearende rol; 3 ôfl.
2013 We Are Men Claire weromkearende rol; 5 ôfl.
2014–2019 You're the Worst Gretchen Cutler haadrol; 62 ôfl.
2015 Modern Family Vanessa gastrol; ôfl. Rash Decisions
2015 The Good Wife Amber Audrey gastrol; ôfl. Don't Fail
2015 Sirens Cindy gastrol; ôfl. Let Pythons Be Pythons
2015 The Walker ûnbekend weromkearende rol; 2 ôfl.
2016 American Dad! Jody de servearster as stimaktrise; gastrol; ôfl. The Unincludeds
2016–2019 Easy Sherri weromkearende rol; 4 ôfl.
2019 Fosse/Verdon Joan Simon minysearje
2019 Will & Grace Olivia Walker gastrol; ôfl. The Scales of Justice
2020–2022 The Boys Klara Risinger / Stormfront / Liberty    haadrol (seiz. 2); weromkearende rol (seiz. 3); 10 ôfl.
2020–2022 Welcome to Flatch Cheryl Peterson haadrol
2021 Family Guy ûnbekend as stimaktrise; gastrol; ôfl. Peterschmidt Manor
2022 Robot Chicken ferskaat as stimaktrise; gastrol; ôfl. May Cause Internal Diarrhea
2022 The Girl from Plainville Katie Rayburn minysearje
2022 The First Lady Shirley Liebowitz weromkearende rol; 2 ôfl.
films
2008 Off Jackson Avenue Olga
2008 Deception sekretaresse #2
2009 Winter of Frozen Dreams prostituee
2009 The Bits in Between Suzy
2011 The Oranges Maya
2012 Sleepwalk with Me Hannah
2013 The Happy House Wendy
2013 Begin Again Jenny
2013 The Wolf of Wall Street Janet
2014 Loitering with Intent Jesse
2016 10 Crosby Aya koarte film
2016 All Exchanges Final Dom koarte film
2017 Village People Barbara
2017 Mary Goes Round Mary
2018 Brand New Old Love Hannah Becker
2018 Game Over, Man! Cassie
2018 Social Animals Jane
2020 Scare Me Fanny
2021 We Broke Up Lori

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.