In bûgel of baggelbûgel is in stik ark dat yn de leech-feanterij brûkt waard.

Baggelders mei bûgels
Ferfeantsjen neffens de Giterske metoade

De bûgel bestiet út in aairûne izeren ring dêr't de ûnderkant fan allinnich oan de foarkant slipe is mei in net deroan flochten mei tou. De bûgel sit oan in stôk fan sa'n 4 oant 5 meter lingte. Troch ûnder wetter oer de klyn fan de feanboaiem te lûken, koe mei in sek 'baggelfean' nei boppe helle wurde.