Bûnte Sturt (Lakota: Siŋté Glešká, útspr.: [sĩ'te: 'ɡleʃka:]; Ingelske oersetting: Spotted Tail; 18235 augustus 1881), wie in opperhaad fan 'e Brulee-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hoewol't er yn syn jonkheid in grut kriger wie, kaam er al gau ta de konklúzje dat wapene ferset tsjin 'e Amerikaanske kolonisaasje fan Yndiaansk lân nearne ta liede koe. Ynstee ûntjoech er him ta in steatsman, wêrby't er him kear op kear útspriek foar frede, mar tagelyk fûleindich de rjochten fan syn folk ferdigene. Hy stiet der yn it bysûnder om bekend dat er him ynsette foar ûnderwiis foar Yndiaanske bern. Hy waard úteinlik deasketten troch in oare Yndiaan; oer de eftergrûnen fan syn moard geane ferskillende ferhalen.

Bûnte Sturt
persoanlike bysûnderheden
echte namme Siŋté Glešká
oare namme Spotted Tail
berne 1823
berteplak westlik Súd-Dakota
stoarn 5 augustus 1881
stjerplak yn it Rosebud Yndianereservaat
(Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Brulee
jierren aktyf ±18501881

Libben bewurkje seksje

Komôf en famylje bewurkje seksje

Bûnte Sturt waard yn 1823 berne yn wat letter westlik Súd-Dakota wurde soe. Syn heit wie Tiishier; it is net bekend fan hokker substamme fan 'e Lakota oft dy wie, mar hy wie gjin Brulee, en ek gjin Oglala. Bûnte Sturt syn mem, Rint-mei-de-Piip, wie in Brulee; mei't de Lakota in matrilineêre kultuer hiene, wêrby't de bern ta de famylje en de clan fan 'e mem hearden, waard Bûnte Sturt dus beskôge as in Brulee. Syn bertenamme wie trouwens Springende Bizon; de namme "Bûnte Sturt" naam er letter oan, nei't er fan in blanke pelsjager by wize fan presint in waskbearesturt krigen hie, dy't er soms as ûnderdiel fan syn fearretoai droech.

Trije fan Bûnte Sturt syn susters, Izer-tusken-de-Hoarnen, Deadet-de-Fijân en Reade Broek, wiene troud mei de âldere Mâl Hynder (polygamy wie frij normaal yn 'e Lakota-kultuer), mar de jongere (en bekendere) Mâl Hynder, dy't oanset wie by Ratteljende Tekken, wie net in omkesizzer fan Bûnte Sturt. Sels hie Bûnte Sturt foarsafier bekend mar ien frou, mei wa't er ferskate bern hie. De bekendste dêrfan wie syn dochter Fallen Blêd (Aho’appa), dy't neffens de ferslaggen fan Eugene Ware, in legerofsier te Fort Laramie, yn 'e lettere steat Wyoming, "ien fan dy lju wie [...] [dy't] op it ferkearde plak berne wie." Hy suggerearret dat se guon Westerske gewoanten oannaam en temûk fereale wie op in blanke ofsier yn Fort Laramie. Doe't se yn 1866 kaam te ferstjerren, twong se har heit in ûnthjit ôf dat er har begrave soe op in heuvel dy't útseach oer it fort. It hiele garnizoen holp Bûnte Sturt om dêroan te foldwaan, û.m. troch in begraffenisseremoanje te beävensearjen dy't sawol in kristlike tsjinst as lânseigen Lakota-rituëlen omfette. Jierren letter liet Bûnte Sturt lykwols it stoflik omskot fan Fallen Blêd opgrave en oerbringe nei it Rosebud Yndianereservaat fan Súd-Dakota, dêr't er in tinkteken foar har oprjochte.

 
De frou fan Bûnte Sturt (namme ûnbekend).

Kriger en steatsman bewurkje seksje

Yn syn jonkheid wie Bûnte Sturt neffens de ferhalen in grut kriger. Sa wied er yn 1854 behelle yn it saneamde Grattan-bloedbad of Grattan-gefjocht, wêrby't 29 fan 'e 31 leden fan in Amerikaansk kavalerydetasjemint ûnder lieding fan luitenant John Lawrence Grattan omkamen, en naam er yn 1865 diel oan 'e Slach by Julesburg, by wize fan Yndiaanske wraakoefening foar it Bloedbad fan Sand Creek, yn novimber 1864, wêrby't Amerikaanske milysjetroepen op ferriedlike wize in freedsum kamp fan 'e Súdlike Sjajinnen útmoarde hiene. Hy kaam lykwols al gau ta it ynsjoch de Amerikaanske opmars net tsjin te kearen wie, dat hy fersmiet fierder gewelddiedich ferset en begûn him yn te setten foar frede.

Hoewol't dat betsjutte dat er wegere om mei te fjochtsjen yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), ûndertekene er wol it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, yn 1868, dat late ta de oprjochting fan it Grutte Sû Reservaat fan westlik Súd-Dakota. Yn 1871 reizge er alhiel nei it fiere Washington ta om te oerlizzen mei de Seneka-Yndiaan Ely S. Parker, de earste kommissaris fan Yndiaanske Saken dy't fan Yndiaansk komôf wie. Teffens hied er dêr in ûnderhâld mei presidint Ulysses S. Grant sels, en fierders kaam er der yn 'e kunde mei it Oglala-opperhaad Reade Wolk, dat dêr ek krekt wie. It sjen fan 'e ûnbidige stêden yn it Easten hie Reade Wolk ta deselde oertsjûging brocht as Bûnte Sturt, nammentlik dat mei geweld fierders neat bedijd wurde kinne soe, en de beide foaroanlju sprieken ôf om tenei gear te wurkjen foar frede en de rjochten fan harren folk.

Doe't der yn 1874 goud fûn waard yn 'e Black Hills, in diel fan it Grutte Sû Reservaat dat de Lakota yn 1868 "foar ivich" taparte wie, krongen blanke goudsikers dat foar de Lakota hillige lân binnen, nettsjinsteande dat se dêr neffens it Ferdrach fan Fort Laramie net komme mochten. Sadwaande reizge Bûnte Sturt yn maaie 1875, yn 'e mande mei Reade Wolk en Inkele Hoarn fan 'e Minnikonzjû, jitris nei Washington ta om der by presidint Grant op oan te stean dat de Amerikanen de ferdraggen neikomme soene. Mar yn Washington krigen se te hearren dat it Amerikaanske Kongres besletten hie om 'e Lakota $25.000 te beteljen foar harren lân en fan doel wie om harren nei in nij reservaat ta te stjoeren yn it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma). Bûnte Sturt fertolke de gefoelens fan alle Lakota, doe't er sei: "Jo hawwe it oer in oar lân, mar dat is net myn lân; it kin my neat skele en ik wol der neat mei te krijen ha. [...] As dat sa'n geweldich lân is, stjoer dan de blanken der mar hinne dy't no ús lân besette, en lit ús gewurde."

 
In skilderij fan Bûnte Sturt, troch Henry Farney.

Hoewol't se sûnder wat bedijd te hawwen wer nei hûs moasten, namen Bûnte Sturt en Reade Wolk net diel oan 'e Grutte Sû Oarloch fan 1876, dy't in jier letter útbriek, noch stipen se de Lakota dy't dêr wol oan meidiene. Ynstee bleau Bûnte Sturt de hiele oarloch troch yn it reservaat, en died er war om 'e ynfloed fan 'e oarlochslieders Sittende Bolle en Mâl Hynder te ûndermynjen. Nei de definitive nederlaach fan 'e Lakota, yn 1877, besocht Bûnte Sturt syn folk te helpen by de oergong fan it oarspronklike, nomadysk bestean fan 'e Lakota as jagers-sammelders op 'e Grutte Flakten ta in sedintêr libben yn 'e reservaten. Fierders sette er him o sa yn foar it bewurkmasterjen fan ûnderwiis foar Yndiaanske bern.

Moard bewurkje seksje

Bûnte Sturt waard op 5 augustus 1881 deasketten troch de Brulee-haadman Kriehûn (dy't trouwens krekt as hy hast tritich jier earder by it Grattan-bloedbad belutsen west hie). De eftergrûnen fan dy moard binne noch altiten omstriden. Neffens ien lêzing, dy't bgl. troch Luther Standing Bear yn syn autobiografy My People the Sioux op 't aljemint brocht waard, soe Bûnte Sturt op it lêst waanwiis yn syn macht wurden wêze en de frou fan in mishipte man stellen hawwe. Doe't de opperhaden fan 'e Brulee oer de saak gear giene en Bûnte Sturt oarderen om 'e frou werom te jaan, soed er dat wegere hawwe, wylst er dêr oan taheakke hawwe soe dat it Amerikaanske regear efter him stie. Uteinlik soe de fete, nei lang trochattere te hawwen, útrûn wêze op 'e moard. In oare lêzing, dy't bgl. oanhelle wurdt yn it ferneamde skiedkundige wurk Bury My Heart at Wounded Knee, fan Dee Brown, wie dat Kriehûn in strieman foar de Amerikanen wie, dy't troch Bûnte Sturt út 'e wei te romjen de macht fan 'e opperhaden brekke woene.

Hoe dan ek, Kriehûn waard oppakt en berjochte troch in territoriale rjochtbank yn Deadwood, dy't him skuldich befûn oan moard en him ta de deastraf feroardiele. Dat fûnis waard lykwols weromdraaid troch it Amerikaanske Heechgerjochtshôf, om't de rjochtbank fan Deadwood gjin jurisdiksje hie yn in Yndianereservaat. (Dat wie in wichtige útspraak, dy't foar it earst dúdlik makke dat de Yndiaanske stammen yn 'e Feriene Steaten harren soevereiniteit beholden hiene doe't se har ûnder it reservaatsysteem deljûn hiene.) Kriehûn moast doe frijlitten wurde, en hy kearde werom nei it Rosebud Reservaat.

Bûnte Sturt leit begroeven yn Rosebud, yn it suden fan 'e steat Súd-Dakota. Yn it Rosebud Reservaat waard yn 1971 de pleatslike universiteit (de Sinte Gleska Universiteit) nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.