In bûzehappert[1][2][3] (útspr.: ['buzəhapət] of ['bu:zəhapət], likernôch: "-zuh-hap-put" of "bûû-zuh-hap-put") of niks is in ornaris as boasaardich foarsteld mytysk wêzen út 'e folkloare fan 'e Germaanske folken, dat yn it ferline in protte as berneskrik brûkt waard. It wurdt almeast omskreaun as in wettergeast dy't it fermogen hat om fan stal te wikseljen. Fan geslacht is de bûzehappert yn 'e regel manlik, hoewol't de Dútske Nixe in froulike riviermearminne is.

Nøkken ("De Nøkk"), in ferneamd skilderij fan 'e Noarske keunstskilder Theodor Kittelsen.

Yn it Nederlânsk stiet de bûzehappert bekend as in nikker, nekker of nix; yn it Ingelsk as in neck, nicor of nixie; yn it Dútsk as in Nix of Nixe; yn it Nederdútsk as in necker; yn it Deensk as in nøkke; yn it Noarsk as in nøkk; yn it Iislânsk en Fêreusk as in nykur; yn it Sweedsk as in näck; yn it Finsk as in näkki; en yn it Estysk as in näkk. Dizze wurden binne allegear ôfkomstich fan it Miengermaanske *nikwus of *nikwis(i), dat wer fan it Proto-Yndo-Jeropeeske *neigʷ komt, dat "waskje" betsjutte. De fossegrim út Noarwegen en de strömkarl út Sweden wurde beskôge as nammen foar itselde wêzen.

In jonge sit fêst op 'e rêch fan in bækhest dat mei him yn 'e rivier springt. (Op it skilderij Gutt på Hvit Hest, fan Theodor Kittelsen.

De bûzehappert hat oer it algemien twa ferskiningsfoarmen: dy fan in minske of in minske-eftich wêzen, en dy fan in hynder of in hynste-eftich wêzen. De nøkke fan Denemark, de nøkk fan Noarwegen en de näck fan Sweden (mei de besibbe foarmen dy't út Sweden wei ferspraat binne nei Finlân en Estlân) binne manlju, dy't mei harren betsjoenende sang en fioelspyljen froulju en bern nei de ferdrinkingsdea yn marren en rivieren lokje. De Nix en Nixe fan Dútslân wurde ornaris foarsteld as riviermearmannen en riviermearminnen (lykas Lorelei), dy't froulju, resp. manlju besykje te ferdrinken. It Aldheechdútske Nibelungenliet neamt (al yn 'e tolfde iuw) in Nix yn ferbân mei de Donau. Yn 'e Nederlannen waarden nikkers earder foarsteld as pleagerich mar fierder helpfeardich en freonlik, lykas yn it Visboeck fan Adriaen Coenen, dat datearret fan 1577-1581.

De Iislânske en Fêreuske nykur is altyd in hynste-eftich wêzen, dat in protte oerienkomsten fertoand mei it Welske wetterhynder, de ceffyl dŵr. Datselde jildt foar it bäckahäst (Sweedsk) of bækhest (Noarsk), letterlik it "beekhynder", út súdlik Skandinaavje. Dat waard almeast omskreaun as in majestueus wyt hynder, dat ferskynde yn 'e neite fan rivieren, benammen as it dizenich waar wie. Wa't op 'e rêch fan it (tige nuete) hynder klom, siet dan fêst en koe net mear los komme. It hynder sprong dan yn 'e rivier en loek syn berider ûnder wetter, dat dy ferdronk. Yn guon ferhalen koe in bäckahäst foar de ploech spand wurde, itsij om't er de argekeaze boer safier besocht te krijen dat dy op syn rêch klom, itsij om't de snoade boer liigde dat er op 'e rêch fan it hynder klimme soe as it ploegjen dien wie.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 462.
  2. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 152.
  3. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 270.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.