Baaiklean, badklean of swimklean binne klean dy't bedoeld binne om te dragen by it swimmen, bgl. yn in swimbad, de see of in oar oerflaktewetter. Se wurde faak ek droegen by oare wettersportaktiviteiten, lykas dûken, snorkeljen, surfen, wakeboarding of it beriden fan jetskys, en teffens by besiken oan it strân en om te sinnebaaien. Fierders draacht men soms ek baaiklean om jins lichem te toanen, lykas yn in skientmewedstryd of by in bodybuildingkompetysje. Modellen klaaie har ek wol yn baaiklean foar fotoreportaazjes yn reklamekrantsjes en glamourtydskriften.

In baaipak foar froulju út 'e 1920-er jierren.

Beskriuwing bewurkje seksje

Der bestiet in grut ferskaat oan baaiklean, wêrby't de measte soarten òf troch manlju, òf troch froulju droegen wurde. Sa is in swimbroek dúdlik bedoeld foar manlju en jonges, wylst in baaipak of in bikiny bedoeld is foar froulju en famkes. Dêrnjonken besteane ek foarmen fan mear 'bedutsen' baaiklean, lykas wetsuits en drysuits, dy't sawol troch manlju as froulju droegen wurde kinne. Ek by de meast foarkommende soarten baaiklean, swimbroeken, baaipakken en bikinys, besteane der ferskate stilen, dy't útinoar rinne op it mêd fan it brûkte materiaal en oangeande hoefolle fan it lichem se bedekke.

Hokker kar oft dragers fan baaiklean meitsje, leit oan persoanlike smaak, mar ek oan moade en de jildende noarmen en wearden fan wat maatskiplik talitber is. Sa binne swimmers yn 'e Westerske wrâld 'bleater' as yn islamityske lannen, en binne se yn Jeropa faak ek 'bleater' as yn 'e Feriene Steaten. Oer it algemien kin steld wurde dat baaiklean foar manlju en jonges it boarst bleat lit, wylst baaiklean foar froulju en famkes de boarsten bedekt. As dat net sa is, sprekt men fan in frou dy't 'topless' is, dus sûnder klean oer it boppeste (top) diel fan it lichem.

Ferskate soarten baaiklean bewurkje seksje

Swimbroeken bewurkje seksje

Baaipakken en bikinys bewurkje seksje

Oare foarmen fan baaiklean bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.