Back to the Future (film)

film út 1985 fan Robert Zemeckis

Back to the Future is in Amerikaanske science fiction-komeedzjefilm út 1985 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrollen Michael J. Fox en Christopher Lloyd. De titel betsjut "Werom nei de Takomst". It ferhaal giet oer teenager Marty McFly, dy't by fersin mei de tiidmasine fan syn freon, de eksintrike útfiner Doc Brown, weromreizget nei 1955. Dêr stjoert er de moeting fan syn âldelju yn 'e war, mei as gefolch dat syn eigen bestean faai komt te stean. Back to the Future krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen, dat oanlieding joech ta de produksje fan twa ferfolchfilms en it ûntstean fan in mediafranchise dy't ek Back to the Future hjit. De film wûn de Oscar foar bêste lûdsmontaazje en trije Saturn Awards. Tsjintwurdich wurdt Back to the Future rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films dy't ea makke binne en in ikoan fan 'e Amerikaanske popkultuer. Yn 2007 waard de film troch de Library of Congress útornearre om preservearre te wurden yn it National Film Registry omreden fan kulturele, histoaryske of estetyske wearde.

Back to the Future
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Robert Zemeckis
produsint Bob Gale
Neil Canton
útfierend
   produsint
Steven Spielberg
Kathleen Kennedy
Frank Marshall
senario Bob Gale
Robert Zemeckis
kamerarezjy Dean Cundey
muzyk Alan Silvestri
filmstudio Universal Pictures
Amblin Entertainment
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Michael J. Fox
Christopher Lloyd
byrollen Lea Thompson
Crispin Glover
Thomas F. Wilson
Claudia Wells
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 3 july 1985
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $19 miljoen
opbringst $381,1 miljoen
prizen 1 × Oscar
3 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Back to the Future
● folgjend diel Back to the Future Part II

Plot bewurkje seksje

Yn 1985 is Marty McFly in gewoane teenager dy't yn it (fiktive) plak Hill Valley wennet, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Syn heit George is in leffert dy't him op syn geastdeadzjende wurk allegeduerigen op 'e kop sitte lit troch syn narjende liedingjaande Biff Tannen. Syn mem Lorraine is in obese, alkoholistyske, depressive húsfrou. Marty hat in âldere broer, Dave, en in âldere suster, Linda, dy't noch thús wenje en dy't it as jonge folwoeksenen net bot meiwierret. Op 'e middelbere skoalle kin Marty min mei rektor Strickland, dy't him in loaie útfretter fynt. Hoewol't er goed gitaarspylje kin en in leafde foar muzyk hat, mislearret de audysje fan Marty en syn maten foar de talintejacht Battle of the Bands. Oan syn faam Jennifer Parker fertelt er dat er bang is dat al syn ambysjes ta neat komme sille, sadat er krekt sa wurdt as syn âlden.

Dyselde jûns praat Marty ôf op it parkearterrein fan it pleatslike winkelsintrum mei in âldere freon fan him, de eksintrike útfiner doktor Emmett Brown, dy't troch eltsenien Doc Brown neamd wurdt. Dyselde lit Marty dêr syn nijste útfining sjen: in tiidmasine dy't er makke hat fan in oanpaste DeLorean-persoane-auto. De auto sels riidt op elektrisiteit, mar om 'e tiidmasine wurkje te litten hat Doc in kiste fol plutoanium ôfhandich makke oan in pear Libyske terroristen. Dyselden hiene dat guod út in Amerikaansk oerheidslaboratoarium stellen. Om Marty de wurking fan 'e tiidmasine út te lizzen, fiert Doc de datum 5 novimber 1955 yn, tritich jier lyn, de dei dat er foar it earst it idee krige om in masine te bouwen foar tiidreizgjen. Marty en Doc wurde ûnderbrutsen troch de beide Libyske terroristen, dy't blykber ûntdutsen hawwe dat Doc harren bedragen hat. Ien fan harren iepenet it fjoer mei in mitrailleur en sjit Doc dea. As de terroristen dêrnei efter Marty oan komme, naait er út yn 'e DeLorean. Op 'e flecht stelt er by fersin de tiidmasine yn wurking, en as er de kritike faasje fan 142 km yn 'e oere berikt, ferdwynt er út 1985.

In momint letter arrivearret Marty op 5 novimber 1955. As er foar it ferstân kriget dat er trichtich jier yn 'e tiid tebek gien is, sit er der raar ta, want hy hat gjin plutoanium mear om nei syn eigen tiid werom te kearen. Sadwaande ferberget er de DeLorean, wêrnei't er nei it (folle lytsere) Hill Valley ta rint. Dêr moetet Marty syn eigen heit George as teenager, dy't ek yn dizze tiid al allegeduerigen narre wurdt troch syn klasgenoat Biff Tannen. As er George folget, ûntdekt er dat syn heit in strúnjeier is, dy't it foar de moade hat om yn in beam te klimmen foar it hûs fan Lorraine, Marty syn mem, sadat er by it finster fan har keamer nei binnen sjen kin as se har ferklaait. As George út 'e beam knoffelet en oanriden driget te wurden troch in foarbykommende auto, rêdt Marty syn libben troch him oan 'e kant te triuwen. Dêrtroch wurdt er lykwols sels oanriden. Hy komt mei de holle hurd op 'e dyk del en rekket bewusteleas.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Marty wer bykomt, befynt er him yn 'e wente fan 'e húshâlding fan syn mem Lorraine. It wurdt him dúdlik dat er wat stoms dien hat. Hy ken it ferhaal fan 'e earste moeting fan syn heit en mem ommers goed: Marty syn pake Sam Baines ried by himsels foar hûs in jonge oan dy't bewusteleas rekke. Dêrom naam er him mei yn 'e hûs, dêr't de jonge, dy't Marty syn heit George wie, fersoarge waard troch Sam syn dochter, Marty syn mem Lorraine. Hja rekken fereale en op it Enchantment under the Sea-bal tuten se foar de earste kear. Se krigen ferkearing en trouden letter en stiften in gesin. No hat Marty, trochdat er George oan 'e kant treaun hat, it plak fan syn eigen heit ynnommen. Hy wurdt fersoarge troch Lorraine, dy't, ta syn ôfgriis, fereale op hìm rekket. Marty bliuwt dy jûns te iten yn 'e Baines-húshâlding, wêrby't er oanhâldend ûnder de tafel de hantaastlikheden fan syn mem ôfwarje moat, oant er úteinlik mei in ferlechje útpykt.

Dyselde jûns noch spoart Marty in tritich jier jongere Doc Brown op, dy't er (mei muoite) derfan wit te oertsjûgjen dat er út 'e takomst komt mei in tiidmasine dy't in âldere Doc makke hat. Hy freget help om wer nei syn eigen tiid werom te kearen, mar Doc leit út dat er net wit hoe't er oan plutoanium komme moat. It iennichste dat er betinke kin om 'e 1,21 gigaWatt op te wekjen dêr't de tiidmasine ferlet fan hat om te funksjonearjen, is it opfangen fan in wjerljochtslach, mar dy binne net te foarsizzen. Aldergeloks hat Marty de middeis foar syn ôfreis út syn eigen tiid fan in kollektante in flyer yn 'e hannen drukt krigen, dêr't op útlein stiet wêrom't de stilsteande klok yn 'e gevel fan it gerjochtsgebou fan Hill Valley, dy't tritich jier earder rekke is troch in wjerljochtslach, yn dy steat beholden wurde moat. De tekst neamt de datum en presize tiid fan 'e wjerljochtslach, dy't no oer in lytse wike plakfine sil. Sadwaande begjint Doc te risselwearjen om 'e enerzjy fan 'e wjerljocht op te fangen en dêrmei Marty werom nei de takomst te stjoeren.

Underwilens hat Marty sels oare swierrichheden. Op in foto fan him en syn broer en suster begjint syn broer te ferdwinen. Doc riddenearret dat Marty sûnt syn oankomst yn 1955 wat dien hat dat de takomst feroare hat, sadat syn heit en mem nea in gesin stiftsje sille. Hy foarseit dat nei Dave ek Linda fan 'e foto ferdwine sil en úteinlik Marty sels. As dat bart, sil er yn it echt ek weiwurde, om't er troch de feroarings yn it ferline nea bestien hawwe sil. Marty beseft dat er troch it fersteuren fan 'e moeting tusken syn heit en mem de hiele takomst yn 'e war brocht hat. Op advys fan Doc begjint er George oeral te folgjen om te reparearjen wat der feroare is. Dat is lykwols makliker sein as dien, om't George der yn ferhâlding ta de ûnferskrokken Marty noch leffer en swakker útsjocht as er al is. Ynstee dat Lorraine fereale wurdt op George, falt se hieltyd djipper foar Marty, fral as Marty it op in stuit tsjin Biff en syn maten opnimt, wêrnei't dy by in efterfolging tsjin in dongkarre oan ride en ûnder de hynstestront komme te sitten.

Lorraine freget Marty mei nei it Enchantment under the Sea-bal, dat op deselde jûns plakfine sil as de wjerljochtslach. Marty beseft dat er derfoar soargje moat dat George en Lorraine inoar dêr tútsje, oars is it dien mei him. Hy betinkt dêrom in snoad plantsje: hy sil dêr mei Lorraine hinne, mar oan it begjin fan 'e jûn sil er yn 'e auto op it parkearterrein te fier gean troch oan te kringen op seks. George kin Lorraine dan rêde troch Marty út 'e auto te skuorren en fuort te jeien. It plan rint lykwols averij op as Biff en syn maten Marty en Lorraine it earst yn it each krije en Marty út 'e auto skuorre. Biff lit Marty ôffiere om him op te sluten yn 'e kofferbak fan 'e auto fan 'e band dy't op it bal de muzyk fersoarget, wylst er sels by Lorraine yn 'e auto klimt en tsjin har wil boppe-op har krûpt. As George arrivearret, mient er earst dat it Marty is dy't op Lorraine leit, en pas as er him fan har ôfskuord hat, sjocht er dat it Biff is. Biff brûkt syn gewoanlike narderspraktiken om George teplak te setten, mar as er dêrnei Lorraine sear docht, wurdt George breinroer en slacht him mei ien klap bewusteleas.

Neitiid eskortearret George de tankbere Lorraine nei it bal. Marty wurdt troch de bandleden út 'e kofferbak befrijd, wêrby't de gitarist in ferwûne hân oprint. Marty ferfangt him en treedt op mei de band om derfoar te soargjen dat George en Lorraine mei-inoar dûnsje kinne, wat liedt ta harren earste tút. Dêrnei ferskine Dave en Linda wer op Marty syn foto, wat betsjut dat it ferline reparearre is. No't er wer wis fan syn eigen libben is, jout Marty him by Doc, dy't by it gerjochtsgebou tariedings troffen hat om 'e wjerljochtslach op te fangen.

Marty langet Doc in bryfke oer mei in warskôging foar wat der yn 1985 barre sil mei de Libyske terroristen, mar Doc, dy't neat witte wol oer syn eigen lot, ferskuort it. Dêrop stelt Marty de DeLorean-tiidmasine tsien minuten earder yn as dat er út 1985 ôfset is, sadat er dan noch de tiid hawwe sil om Doc te warskôgjen. As de wjerljocht ynslacht, wurdt Marty werom nei de takomst stjoerd, dêr't de DeLorean lykwols ôfslacht, sadat Marty it hiele ein fan it gerjochtsgebou nei it winkelsintrum drave moat. Dêr komt er krekt op 'e tiid oan om ta te sjen hoe't Doc deasketten wurdt en hysels nei it ferline reizget, wêrnei't de terroristen fan skrik in ferkearsûngemak krije. As Marty yn triennen njonken it lichem fan Doc sit, wurdt dyselde wer wkker; it docht bliken dat er him yn 1955 nei de ôfreis fan Marty betocht hat en de snipels fan Marty syn bryfke byinoar socht en oaninoar plakt hat. Sadwaande droech er in kûgelfrij fest op 'e jûn dat de terroristen him tenei kamen.

Nei't er Marty thúsbrocht hat, set Doc yn 'e DeLorean ôf nei 2015, om ris yn 'e takomst te sjen. Marty is dea te'nein en falt thús fuortendaliks yn 'e sliep. As er de oare moarns wekker wurdt, blykt dat de wente fan 'e McFly's der hiel oars útsjocht as foardat Marty nei it ferline reizge. Alles is lúkse ynrjochte en goed ûnderholden. Ek is syn heit in súksesfol skriuwer fan science fiction-romans, wylst syn mem slank en gelokkich is. Dave en Linda hawwe allebeide in goede baan, en Biff Tannen is in servile assistint yn 'e tsjinst fan George McFly. Marty syn faam Jennifer komt by him oan, en Marty stiet op it punt om har alles te fertellen dat him oerkommen is, as ynienen Doc ferskynt yn 'e DeLorean. Dyselde stiet der by Marty op oan dat er no fuortendaliks meikomme moat nei de takomst, en Jennifer ek, om't harren bern rêden wurde moatte fan in ferskriklik lot.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Michael J. Fox yn 1988.
 
Christopher Lloyd yn 2010.
 
Lea Thompson yn 2008.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Marty McFly Michael J. Fox
Emmett "Doc" Brown Christopher Lloyd


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lorraine Baines McFly Lea Thompson
George McFly Crispin Glover
Biff Tannen Thomas F. Wilson
Jennifer Parker Claudia Wells
rektor Strickland James Tolkan
Dave McFly Marc McClure
Linda McFly Wendie Jo Sperber
Sam Baines George DiCenzo
Stella Baines Frances Lee McCain
Milton Baines Jason Hervey
'Skinhead' Jeffrey Jay Cohen
'3-D' Casey Seimaszko
'Match' Billy Zane
Lou de kafee-eigner Norman Alden
Goldie Wilson Donald Fullilove
Marvin Berry Harry Waters jr.
Pa Peabody Will Hare
Dixon Courtney Gains
de 'klokketoerfrou' Elsa Raven
sjuerylid by Battle of the Bands Huey Lewis (cameo)
Libyske terrorist #1 Richard L. Duran
Libyske terrorist #2 Jeff O'Haco

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Preproduksje bewurkje seksje

It senario foar Back to the Future waard skreaun troch regisseur Robert Zemeckis en filmprodusint Bob Gale, dy't nei ferskate flops (I Wanna Hold Your Hand, 1941, Used Cars) út alle macht besochten om ta in film oer tiidreizgjen te kommen dy't sawol kritysk as kommersjeel súksesfol wêze soe. It skript dêr't se mei op 'e lapen kamen, krige fan Frank Price, de studiobaas by Universal Pictures, net it griene ljocht om't er it te nuet fûn. Resinte súksesfolle jeugdkomeedzjes, lykas Animal House (1978), Porky's (1981) en Fast Times at Ridgemont High (1982) hiene allegearre seksualiteit yn it ferhaal bemjukse. Ynstee stelde er foar om 'e filmrjochten oan in oare studio te ferkeapjen. Doe't Gale en Zemeckis dermei nei Disney giene, waard de film dêr lykwols krekt wer wegere om't men it ferhaal te op it rântsje fûn, mei Marty McFly dy't avânses fan syn eigen mem ûntwike moat.

It projekt kaam in hoart stil te lizzen, wylst Zemeckis Romancing the Stone (1984) makke. Doe't dy film in grut súkses waard, wie der mear belangstelling om mei Zemeckis gear te wurkjen, mar dyselde wrokke tsjin studio's dy't him earder net stean sjoen hiene, en gie ynstee yn see mei Amblin Entertainment, de studio fan syn mentor Steven Spielberg. Dyselde mocht Price net lije om't dy syn film E.T. the Extra-Terrestrial ôfwiisd hie. Hoewol't se net om Universal hinne koene, dat de filmrjochten op it senario fan Gale en Zemeckis yn besit hie, twong Spielberg ôf dat de rol fan Price by de produksje fan Back to the Future sa beheind mooglik wêze soe. Sidney Sheinberg waard oanwiisd om as útfierende haadprodusint de belangen fan Universal te behertigjen, wylst de film produsearre waard troch Gale en Neil Canton, en Kathleen Kennedy en Frank Marshall fan Amblin yn 'e mande mei Spielberg útfierend produsint waarden. Foar de film wie in budget beskikber fan $19 miljoen.

 
Regisseur Robert Zemeckis yn 2015.

Casting bewurkje seksje

Foar de rol fan Marty McFly waarden ferskate akteurs yn omtinken nommen, ûnder wa John Cusack, Johnny Depp, Robert Downey jr., C. Thomas Howell, Ralph Macchio, Charlie Sheen en Ben Stiller. De earste kar wie Michael J. Fox, dy't bekendheid krigen hie mei syn rol as de konservative jonge Alex P. Keaton yn it progressive gesin fan syn âlden yn 'e komeedzjesearje Family Ties (1982-1989). De tillefyzjeprodusinten fan dy searje leine lykwols it near op dielname fan Fox oan Back to the Future. Sadwaande waard úteinlik Eric Stoltz cast, dy't yndruk op 'e produsinten makke hie mei syn rol as de lichaamlik beheinde Rocky Dennis yn in previewfertoaning fan 'e dramafilm Mask (1985).

Foar de rol fan Doc Brown waarden û.o. John Candy, Chevy Chase, John Cleese, Danny DeVito, Jeff Goldblum, Gene Hackman, Michael Keaton, John Lithgow, Steve Martin, Eddie Murphy, Gene Wilder en James Woods yn omtinken nommen. Op suggestje fan produsint Neil Canton waard keazen foar John Lithgow, mei wa't dy gearwurke hie yn The Adventures of Buckaroo Banzai Across the 8th Dimension (1984). Doe't bliek dat Lithgow net beskikber wie, waard Christopher Lloyd frege, in oare akteur út Buckaroo Banzai.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Back to the Future setten op 26 novimber 1984 útein. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Cundey. Pas nei't der al in pear wiken filme waard, kaam men ta de konklúzje dat Stoltz dochs net by de rol fan Marty McFly paste. Neffens de produsinten spile er de rol te serieus en sûnder de "manyske enerzjy" dy't se sochten. Ek brûkte er de method acting-metoade om te aktearjen, wêrby't er ek bûten de opnamen om yn syn rol bleau. Dat late ta konflikten mei guon oare akteurs en leden fan 'e filmcrew. Op 10 jannewaris 1985 waard Stoltz troch Zemeckis ûntslein. Zemeckis omskreau dat letter as "it dreechste petear fan myn hiele libben, en it wie folslein myn eigen skuld. Ik briek [Stoltz] syn hert."

Stoltz waard ferfongen troch Michael J. Fox, dy't troch feroarjende omstannichheden op 'e set fan Family Ties (aktrise Meredith Baxter Birney wie ûnderwilens weromkommen fan swierensferlof) no dochs tastimming krige om 'e film te dwaan, al holden de opnamen fan 'e searje foarrang oer dy fan 'e film. Back to the Future waard foar in part filme op 'e Golden Oak Ranch fan Disney by Santa Clarita. De lêste fan 'e 107 filmdagen foar Back to the Future foel op 26 april 1985.

 
It hûs yn 'e wyk Arleta yn Los Angeles dat tsjinne as wente fan it gesin McFly.

Postproduksje bewurkje seksje

Under de postproduksje waard net inkeld de filmmuzyk fan Alan Silvestri tafoege, mar ek 27 oant 32 special effects dy't produsearre waarden troch Industrial Light & Magic (ILM), it bedriuw fan George Lucas. (Yn films mei in grutter budget wie doedestiden it tafoegjen fan 300 of mear special effects net ûngewoan.)

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Back to the Future waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 3 july 1985 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op july 1985 by platemaatskippij Intrada Records. Back to the Future waard op 22 maaie 1986 útbrocht as VHS-keapfideo. De earste dvd-edysje kaam út yn 2002 en de earste blu-ray-edysje yn 2010.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Back to the Future oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde Janet Maslin fan The New York Times de film "de fermaaklikste" fan 'e simmerfilms fan 1985, wylst Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times regisseur Robert Zemeckis komplimintearre mei syn "fyngefoelige humor". Ek oare foaroansteande resinsinten, lykas Richard Corliss fan it tydskrift Time en Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune wiene fol lof oer de film.

Tsjintwurdich wurdt Back to the Future rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films dy't ea makke binne en in ikoan fan 'e Amerikaanske popkultuer. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Back to the Future in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 83 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er fernimstich, grappich en spannend fan opbou is, foarmet [de film] in opwinend tiidreisaventoer mei in ûnferjitlike sfear." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Back to the Future in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 26 resinsjes. Yn 2007 waard de film troch de Library of Congress útornearre foar preservearring yn it National Film Registry omreden fan kulturele, histoaryske of estetyske wearde.

 
De DeLorean-tiidmasine út 'e film op in tentoanstelling yn 2011.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Back to the Future brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $210,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $170,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $381,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $19 miljoen betsjut dat in winst fan $362,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Back to the Future de op twa meast opbringende film fan 1985, nei it biografysk drama Out of Africa en it sportdrama Rocky IV.

Prizen bewurkje seksje

Yn 1986 waard Back to the Future by de Oscars nominearre foar prizen yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste orizjinele senario, bêste lûdsmixing en bêste orizjinele liet (The Power of Love fan Huey Lewis and the News). De film wûn ien Oscar, foar bêste lûdsmontaazje. Back to the Future wûn ek trije Saturn Awards, foar bêste science fiction-film, bêste akteur (Michael J. Fox) en bêste special effects, en dêropta de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje en de People's Choice Award foar favorite film. Dêrnjonken waard de film ek nominearre foar fjouwer Golden Globes en fiif BAFTA's.

Ferfolchfilms bewurkje seksje

It súkses fan Back to the Future late ta it ûntstean fan in mediafranchise dy't ek Back to the Future hjit. Der ferskynden twa ferfolchfilms, Back to the Future Part II yn 1989 en Back to the Future Part III yn 1990, en fierders de tekenfilmsearje Back to the Future en de musical Back to the Future: The Musical.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Back to the Future (filmsearje)
lange films
Back to the Future (1985) • Back to the Future Part II (1989) • Back to the Future Part III (1990)
koarte films
Doc Brown Saves the World (2015)