Bakû (Azerbeidzjaansk: Bakı, Perzysk: Badkuba/باکو[1]) is de haadstêd en wichtichste havenstêd fan Azerbeidzjan. De stêd, dy't oan de Kaspyske See leit, is mear as 1500 jier âld. De stêd hie 1.900.000 ynwenners yn 2003 en 2.039.700 yn 2009.

Bakû
Bakû yn 2011
Bakû yn 2011
Polityk
Lân Azerbeidzjan
Boargemaster Hajibala Abutalybov
Sifers
Ynwennertal 2.300.500 (2021)
Oerflak 2130 km²
Befolkingsticht. 1.075/km²
Hichte - 28 m
Oar
Postkoade AZ1000
Tiidsône AZT (UTC+4)
Offisjele webside
BakuCity.az
Plak fan Bakû oan de Kaspyske See

Skiednis bewurkje seksje

Archeologen hawwe resten fûn dy't datearre fan in pear iuwen foar Kristus. Bakû waard foar it earst neamd yn 885. De stêd waard wichtich neidat de stêd Shemaka troch in ierdskodding ferwoaste waard. De doedestiidske Persyske hearsker Shirvanshah Ahistan I makke fan Bakû syn nije haadstêd.

Yn 1805, ûnder de Earste Russysk-Iraanske oarloch, waard Bakû troch de Russen op Iran ûnder de Kadjaren-dynasty oerweldige.

Nijsgjirrich bewurkje seksje

De histoaryske stedsmuorre fan Bakû is op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO set. Ek de Maagdentoer út de 11e iuw stiet op dizze list.

Bakû is it begjin fan de Bakû-Tbilise-Ceyhanpiiplieding, dy't oalje fan de Kaspyske See nei de súdkust fan Turkije bringt.

 
De Maagdentoer yn it âlde part fan Bakû

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: